ken wiene. It wie gjin wûnder, dat der dan wolris bittere wurden foelen en dat it sakramint ûnthillige waerd.
* * *
De apostel Paulus hie der tige lêst fan, dat it sa gyng en it waerd der net better op, doe't op in dei trije mannen út Korinthe by him kamen mei in brief fan har gemeente. De trije boaden, Stefanas, Fortunatus en Archaïcus, wiene tige freonlik en wisten ek noch hiel hwat goeds to fortellen, mar de brief sels foel Paulus ôf. Der spriek gjin tankberens út en gjin blydskip om it heil yn Kristus, mar it wie in rige bittere klachten oer allerhanne misstannen en it slimste wie noch, dat hja tusken de rigels troch to forstean joegen, dat it Paulus syn skuld wie, dat alles sa roun wie.
De trije boaden hiene dan ek noch in opdracht, bihalve it oerbringen fan in brief, hja moasten freegje oft Apollos wer by har komme woe. De koarte tiid dat er to Korinthe west hie, hie er sa bêst foldien en hy koe sa prachtich sprekke, dat elk soe bliid wêze mei syn komst.
Der waerd yn 'e gemeente to Efeze earnstich praet oer it forsyk om Apollos to stjûren en Paulus stie der him tige op oan, dat er gean soe, mar der is dochs net fan kommen. Fansels wie Apollos wol genegen om de gemeente fan Korinthe to helpen, mar hy fielde, dat er nou net gean koe. Ut hiel it skriuwen die dúdlik bliken, dat de mannen fan Korinthe Paulus hast hwat to min foar har tsjerke founen: in jong en skitterjend sprekker as Apollos, dat paste har better! Mar as hja him boppe Paulus sette woene, dyselde Paulus dy't har it earst it evangeelje brocht hie, dy't nacht en dei wurke hie doe't er by har wie, en dy't nou to Efeze noch oer har yn noed siet en alle dagen foar har bea, dan wie it better, dat er net gyng. En hoewol't Paulus him forskate kearen frege, wegere Apollos to gean.
Ynpleats dat Apollos de reis nei Korinthe makke, stjûrde Paulus letter Timotheüs mei in lange, earnstige brief, dêr't er yn antwurde op al har fragen en dêr't er har yn formoanne oer har sûnden. Mei skerpe wurden forwiet er har de partijskippen - ‘Jim sizze: Ik bin fan Paulus; en ik fan Apollos; ik hâld it mei Petrus; en ik bin fan Kristus. Mar is Kristus dan fordield? Of is Paulus foar jim krusige?’ -; hy lei har op om de man, dy't yn sûnde libbe, út de gemeente to bannen; hy forbea har om elkoar foar de rjochter to dagen en lei har op om elkoar leaf to hawwen en it bêste foarinoar to sykjen; hy lei har jitris út, hwat de bitsjutting wie fan it hillich nachtmiel en hoe't Jezus sels it ynsteld hie en hy warskôge har om it bliid en suver to fieren ta in oantinken oan syn offerdea en as in teken fan syn weromkomst op 'e wolken.
Mar by alle strange wurden en by alle forwyt, wie ek dizze brief-oan-'e-Korinthen wer in biwiis fan Paulus' greate leafde foar syn gemeenten; hy koe hurd wêze en strang, mar it wie allinne, om't er har sa graech op it goede spoar bringe woe. Lyk as in heit syn bern kastijt, net út wredens, mar út leafde, sa hie hy de gemeente fan Korinthe mei wurden kastijd en mei hiel syn hert hope er, dat alles nou goed komme soe. En wylst syn freon Timotheüs it Westen ynsylde mei de brief, gyng syn gebet omheech oft God de herten fan dy Korinthen liede woe yn syn wegen....
En jitris waerd de hope fan 'e apostel biskamme! Der kamen birjochten út Grikenlân, dat it yn Korinthe minder wie as ea to foaren en it waerd sa slim, dat Paulus it net langer oansjen doarst. Mei muoite briek er út it drokke wurk to Efeze en naem in skip dat nei Korinthe fear: fjouwer hûndert kilometer oer it blauwe wetter fan 'e Egéyske sé. Mar it waerd gjin rêstige reis nei al de drokte fan it wurk, hwant syn hert wie fol fan ûnrêst oer hwat er achterliet en it lei him by, dat der him noch hiel hwat to wachtsjen stie.
* * *
It kaem ek sa út: ynpleats dat hja him mei blydskip ûntfongen en har skuld bilieden, bihannelen se him út 'e hichte en misledigen se him. Doe't er letter wer yn Efeze wie, wie er der noch forslein fan en skreau er jitris in brief, dêr't er alles yn sei dat er op it hert hie. It waerd in brief, sa't er noch noait oan ien fan syn gemeenten skreaun hie, sa skerp, mei sok in snijende spot, en dochs ek mei sa'n djippe earnst en wylst er it diktearre wie hiel syn hert ien gebet, dat it nou dizze kear helpe mocht.
Hy bigoun mei to sizzen, dat er fan doel wie om jitris nei Korinthe ta, mar earst woe er har skriuwe, hwant hy woe net wer op sa'n manear bihannele wurde. Hja hiene fan him sein, dat er wol tige strang skriuwe koe, mar doe't er sels west hie, wie it net tafallen en stie er der net foar: út 'e fierte koe er strang wêze, mar fan tichteby doarst er net - nou woe er der har op wize, dat er ek oars koe! Hy woe leafst yn goedens, mar as er wer nei har ta moast, dan mijde er net ien!
En doe kaem er der op, dat der in mannich minsken to Korinthe wiene, dy't mienden dat hja alles better koene as hy en dy't har sels biskôgen as in soarte fan ekstra-apostelen. Hja skammen der har net foar om to romjen op har sels: nou dan, hy, Paulus, hie ek wol it ien of oar om him op to biromjen: ek hy wie in echte Joad, ek hy wie in Israëlyt, ek hy wie in bern fan Abraham. En as hjà wurken foar Kristus, hy net minder. ‘Fan de Joaden haw ik fiifris de fjirtich-min-ien slaggen hawn, trijeris bin ik mei roe-