fan Artemis mei har offerjeften en it wie de mannen fan Efeze wol tabitroud om dêr in fikse winst út to slaen: hja forkochten sulveren modellen fan 'e timpel, mar ek tsjoendersboeken, mei krêftige - en foaral prizige! - spreuken.
Bihalve de timpel wie ek de skouboarch tige bikend: it wie boud tsjin de helling fan in berch oan en út 'e marmeren banken wei, hiene de minsken in prachtich útsjoch oer de blauwe sé; it wie sa great dat der in fiif en tweintich tûzen bisikers yn koene. Fierder wie der yn 'e stêd noch in gebou foar musyk en in gymnasium foar de sport, wylst ek in timpel foar de Keizer net ûntbriek, likemin as yn oare haedstêdden fan 'e provinsjes. In man dy't in wichtige rol spile by de keizersfeesten en dy't opperpreester wie fan 'e keizertimpel, wie de Asiarch; hy hâldde syn hege funksje mar ien jier, hoewol't er ek nei dy tiid noch wol ynfloed hie en ek noch by syn titel neamd waerd. In tige heech bistjûrsamtner wie fierder noch de stêdsskriuwer, dy't de lieding hie fan it regear en foarsitter wie fan 'e folksforgearring, dy't op fêste tiden gearkaem yn 'e skouboarch.
* * *
Paulus bigoun syn wurk to Efeze yn 'e synagoge en foun dêr fuort yn it bigjin al in groep minsken, dy't tige ticht by him stiene en dy't harsels ek discipelen neamden. Hy frege har, hoe't hja ta it leauwe kommen wiene en oft hja de Hillige Geast al ûntfongen hiene. De tolve mannen seagen him forheard oan. ‘Wy witte, dat de Doper sprutsen hat fan 'e Messias, dy't de minsken dope sil mei de Hillige Geast, mar wy hawwe net heard dat de Geast der al is.’ Paulus frege: ‘Mar hoe kin dat, as jim dochs doopt binne?’ en hja seine: ‘Dat wie mei de doop fan Johannes: ien fan 'e learlingen fan 'e Doper hat ús ûnderrjochte en dêrnei doopt.’
Fansels bigoun de apostel har doe neijer to ûnderwizen; hy learde har, dat de doop fan Johannes syn tiid hawn hie en dat nei de profeet de Iene kommen wie, dy't de sûnden fan syn bern weinimme koe. Dat dy doop fan harres wie nou net mear genôch: hja moasten op 'e nij doopt wurde, nou yn 'e namme fan Jezus. De mannen wiene bliid, dat hja alles nou safolle better wisten en lieten har daliks dope; doe't Paulus har letter de hannen oplei, kaem de Geast op har en profetearren se en sprieken mei frjemde tongen.
Sa wie der fuort by it bigjin al in lytse groep discipelen en mei noch mear moed spriek en débattearre er yn 'e synagoge, net allinne op 'e sabbat, mar ek wol yn 'e wike. De Joaden to Efeze lieten har net sa mar oertsjûgje en Paulus die alle war om har to winnen; soms roun it út op in hertstochtlik en skerp débat, mar hja kamen net byinoar. De apostel hâldde har foar, dat der oars gjin heil wie as yn Jezus Kristus; de oaren leine der tsjin yn, dat de Nazarener, dy't stoarn wie oan it krús, noait de Soan fan God en de Forlosser fan Israël wêze koe! It duorre folle trije moanne, dy striid yn 'e synagoge en doe't inkelden yn it iepenbier bigounen to lasterjen en kwea sprieken fan 'e discipelen, bigriep Paulus dat er oare wegen gean moast: mei in lytse groep fan syn learlingen briek er mei it synagoge-formidden en stichte er in gemeente. Fan nou ôf oan soe er ûnder de heidenen wurkje, ek al bleau elke Joad dy't him bikeare soe, tige wolkom.
Mei't er nou net mear yn 'e synagoge kaem, miste Paulus in gaedlik plak om to sprekken en to learen, mar ek dat kaem al gau foarinoar. In Grykske wiisgear, in man dy't Tyrannus hiet, hie in greate seal ta syn foldwaen, dêr't er yn it moarnsskoft lessen joech en hy wie genegen om de seal middeis to forhieren. Fansels wie de gleone middei, as alle fatsoenlike minsken in sliepke namen, net de bêste tiid om gear to kommen, mar Paulus wie al sa bliid, dat er plak hie, dat er it ûngeriif net telde: foar de saek fan it evangeelje hie er wol hwat switdrippen oer en dy't it ynmoed wie om it wurd to hearren, dy bleau om 'e waermte net wei!
It wurk fan 'e apostel waerd oan alle kanten seinge: in great tal Griken liet har dope en Paulus koe sels wûnders dwaen en forskate siken genêze. It barde sels wol, as er it to drok hie om nei de siken ta, - bihalve it wurk yn 'e seal fan Tyrannus moast er moarns en jouns noch skreppe om 'e kost to fortsjinjen! - dat hja him om in doek of in stik klean fregen, dy't er droegen hie en dy op 'e siken leine en dan waerden de kwalen better en de démonen útdreaun. Dat it wie gjin wûnder, dat ek út oare stêdden de minsken by him kamen en dat der ek bûten Efeze bloeijende gemeenten kamen.
* * *
It barde op in kear, dat der in groep Joadske duvelbanners to Efeze kaem, sawn soannen fan Sceva, in man út 'e famylje fan 'e hegepreester to Jeruzalem. Sokke geastebanners wiene der doedestiids wol mear yn Israël; ek yn 'e tiid dat de Heare Jezus op ierde wie, gyngen se it lân troch en de Heilân hie der noait kwea fan sein: it koe net forkeard wêze as immen de striid tsjin de Kweade oangyng en de minsken forloste út 'e macht fan Satan. It wie sels bard, dat de discipelen sa'n man forbean hiene om syn wurk to dwaen en dat Jezus der har in forwyt fan makke en sei: ‘Forbied it net, hwant elk dy't net tsjin ús is, dy is foar ús!’
Dat it wie yn it minst net forkeard, dat de sawn Jeruzalemmers bisochten om ek yn Efeze de kweageasten út to wijen, allinne de manear dêr't hja it op dwaen woene, wie net goed en makke dat it op skea