Apollos
283
Doe't Paulus oardel jier yn Korinthe west hie, naem er om de iene of oare reden it bislút om nei Jeruzalem ta. Syn wurk to Korinthe wie ôfroun; moannen oanien hie er de gemeente leard, der wiene âlderlingen en diakens oansteld en it evangeelje wie út dizze drokke stêd wei yn hiele Grikenlân bikend wurden, dat nou moast er wer fierder om it wurd ek yn oare streken to bringen. Net dat alles yn 'e tsjerke fan Korinthe al wie sa't it hearde: it wie nou ien kear gjin maklik folk yn dizze stêd-fan-slaven en sels minsken dy't it ynmoed wie mei har leauwe yn Kristus, lieten har maklik forliede ta sûnden, of harken nei allerhanne dwaellearaers. Mar dochs doarst er nou fuort to gean: hysels koe har dochs net biwarje, dat moast er oan God oerlitte. En bûtendat: Silas en de oaren bleauwen noch en koene lieding jaen as hy der net wie.
Om't der doetiids gjin fêste boattsjinsten wiene, koene se net fan to foaren it hiele reisplan opmeitsje, mar omdat der noch al gâns forkear wie nei Efeze, in greate stêd oan 'e oare kant fan 'e Egéyske sé yn 'e provinsje Asia, like it Paulus it bêste ta om dêr earst mar hinne. It hie ek noch foar, dat er dan alteast it earste ein selskip hie: Aquila en syn frou wiene ek fan doel om nei Efeze ta.
* * *
En sa gyngen se dan op in iere moarn de poarte út, it Easten yn, nei de havenstêd Kenchréa. Hjir liet Paulus syn hier koartknippe, dat tige lang wurden wie, hwant hy hie in gelofte dien, dat er syn hier net knippe soe, ear't er feilich en wol út Korinthe wie en doe hiene se alle tiid om om to sjen nei in skip, dat nei Efeze moast.
It duorre net lang of hja founen in skip en sa bigoun de lange, ûngeryflike reis op in frachtboat, in reis dy't de ûngeduldige apostel wis lang fallen is. Yn Efeze bleau Paulus net lang, mar der foel dochs in sabbat yn de dagen, dat er dêr wie en hy gyng fansels daliks nei de synagoge. It waerd in goede dei: de Joaden wiene net fijannich en stiene der sels op oan, dat er noch in wike-of-hwat bliuwe soe, mar de apostel liet him net biprate. ‘Ik haw nou gjin tiid’, sei er, ‘mar as God it wol, kom ik sa gau mooglik werom.’ Doe naem er freonlik ôfskie en in pear dagen letter wie er al op sé. De reis nei Caesaréa duorre wiken en wiken, en dêrwei makke er in tocht nei Jeruzalem. Fan Jeruzalem, dêr't er mar in koart skoft wêze koe, triek er nei Antiochië yn Syrië, de gemeente dy't him útstjûrd hie: foar Paulus wie de twadde sindingsreis oan 'e ein en koe de tredde bigjinne.
Net lang nei't Paulus de greate reis nei Jeruzalem en Antiochië oangien wie, kaem der wer in Joadske godstsjinstlearaer yn Efeze. It wie in man út Alexandrië yn Egypte, in greate stêd, dy't bikend wie om syn handel, mar net minder om syn wittenskip en dêr't in great tal Joaden wenne. Yn dizze stêd hie Apollos studearre, net allinne yn 'e Skriften fan it Alde Testamint, mar ek yn 'e boeken fan 'e Grykske dichters en wiisgearen, dat hy koe net allinne yn 'e synagoge de Joaden to wurd stean, mar hy wie ek in master yn 'e kunst fan it débattearjen. As hy spriek hong in sealfol minsken oan syn lippen en sels yn 'e synagoge, dêr't it fakenfolle roerich wie, foel in djippe stilte, as hy it wurd hie: Joaden en Griken, âlden en jongen, gelearde en ienfâldige minsken harken yn greate oandacht.