learaers wie, dy't doetiids de stêdden ôfreizgen en har geheimlear foar djûr jild oan 'e man brochten. Hy wie noch net lang yn 'e stêd, doe't er yn 'e kunde rekke mei in Joadske hantwurksman, Aquila, dy't mei syn frou Prisca út Rome kommen wie, om't keizer Claudius alle Joaden út 'e haedstêd fordreaun hie; it die bliken dat hja fan itselde fak wiene as Paulus en sa kaem it, dat hja de apostel mei blydskip yn 'e hûs namen en sa wurken se fuortoan meiïnoar. Paulus wie der tige bliid om: Aquila, dy't al hwat thús wie yn Korinthe, koe fansels har wurk better kwyt wurde as hy, dy't folslein frjemd wie yn 'e stêd.
Mar net allinne om't hja fan ien ras en fan itselde hantwurk wiene, koene se it tige fine mei syn trijen, mar doe't Paulus har de Skriften útlei en har Jezus forkundige, namen Aquila en Prisca daliks it evangeelje oan en sûnt dy dei libben se tige mei yn syn wurk en holpen se him sa folle mooglik. It wie foar de apostel in greate treast, dat er sa'n gastfrij hûs ta syn foldwaen hie en twa sokke trouwe helpers, foaral om't Timotheüs en Silas noch net werom wiene út Macedonië.
Fuort de earste sabbat gyng er mei har nei ien fan 'e synagogen en bigoun foar de Joaden en de heidenen dy't der wiene de Skriften út to lizzen. Hy die tige syn bêst om de harkers to oertsjûgjen, mar it gyng krekt as to Athene: hja lieten him wol prate en founen it wol goed, dat er de oare Sneons wer kaem, mar hja namen syn wurden net oan.
In wike of hwat gyng dat sa troch mei fûle debatten en Paulus bigoun suver moedeleas to wurden. Yn Athene hie er mar inkelden winne kinnen en hjir soe it ek net folle wurde, dat murk er al wol. Hja soene him wis net lang mear fordrage en him miskien wer de stêd útdriuwe; allinne God wist hwat him noch to wachtsjen stie.
* * *
It wie yn dy tiid dat Silas en Timotheüs to Korinthe kamen mei goede birjochten fan 'e gemeenten fan Thessalonika en Beréa. Paulus wie tige bliid, dat hja wer by him wiene en dat it yn Macedonië sa goed gyng. Hy hope altyd dat er dêr sels ek nochris wer komme soe, dat er nochris ien kear foar har sprekke mocht, noch ien kear mei har it nachtmiel brûke, noch ien kear mei har prate. Sokke greate, bloeijende gemeenten wiene it en hja hongen sa oan him; it forskil wie wol great mei Athene en Korinthe!
Mar sa mocht er ek wer net. Dy't de hân oan 'e ploech slein hat, mei net omsjen nei hwat achter is. Syn wurk wie nou to Korinthe en it wie al in greate treast, dat syn helpers wer by him wiene. Dat mei greate iver en mei noch mear gloede bigoun er yn 'e synagoge de Skriften út to lizzen en to forkundigjen dat Jezus de Messias wie. De Joaden lykwols leine der tsjin yn en doe't hja it net winne koene, bigounen se de namme fan Kristus to lasterjen. It gyng sa fier, dat Paulus en syn freonen it net mear fordrage koene; hja riisden oerein en wylst hja har mantels foar beet krigen, skodden se har klean út en seine: ‘As jimme foar ivich forlern geane is it ús skuld net: jimme bloed mei op jim eigen holle delkomme; mar wy doare nou mei in suver gewisse ta de heidenen gean.’ Doe gyngen se tusken de rigen troch nei de doar en de strjitte op; it waerd ek heech tiid, hwant de Joaden wiene op it djipst misledige en koene mei muoite de hannen thúshâlde.
Paulus hie dat nou wol sein, dat er to-nei ta de heidenen gean soe, mar hy wist sels net hoe't it moast: bûten koe it net yn dizze drokke, biweechlike stêd en yn 'e synagoge mocht er fansels gjin foet mear sette. En doe kaem der sa mar ynienen útkomst, fan in kant dêr't er it net fan forwachte hie; in Gryk, Justus, dy't trou yn 'e synagoge kaem en de apostel al faek heard hie, bea him syn hûs oan om der to sprekken. Paulus naem it fansels daliks oan en sûnt seagen de forgrime Joaden him alle sneonen, en soms op oare dagen, nei Justus ta gean, dy't flak nêst de synagoge wenne. As hja it oandoarst hiene, soene se him fêst by de magistraten oanklage hawwe, mar hja fortrouden it net; de rjochters wiene Romeinen en hiene it nou ienris net op Joaden stean.
Har grime waerd noch helte greater, doe't it útkaem, dat de foarsitter fan it synagoge-bistjûr, Crispus, ek yn Jezus leaude en mei syn hiele hûs de doop bigearde. Foar Paulus wie it in greate dei, doe't er sels it sakramint bitsjinne oan de hiele húshâlding fan Crispus; it wie oars syn wenst net om to dopen, mar yn dit gefal makke er in útsûndering. Der waerd fansels drok oer dizze bikearing praet en de leden fan 'e synagoge keazen daliks in nije président, Sosthenes, mar ek dy koe net forhinderje dat forskate Joaden en Griken nei Paulus gyngen en har dope lieten.
Troch al dy dingen waerd de forhâlding der net better op en Paulus wie bang, dat it de iene of oare dei ta in útbarsting komme soe. Sa faek hiene syn folksgenoaten him al fordreaun út in stêd dêr't er mei ynmoed arbeide; it lei him by, dat it ek hjir wer sa komme soe. It binaem him soms suver de moed en hy liet it earnstich yn him om gean, oft it net better wie en gean yntiids fuort. Net dat er bang wie foar slaggen, of foar de dea, mar it wurk koe der tiden troch opkeard wurde en dat mocht net.
Mar doe't de apostel omroun mei plannen om fierder to tsjen, kaem de Heare him foar en lei him op om to bliuwen. Op in nacht sei Er yn in fisioen tsjin him: ‘Wês net bang Paulus, hâld net op mei sprekken, hwant Ik haw gâns folk yn dizze stêd, dy't it Wurd