Macedonië
280
It waerd in swiere reis foar Paulus en Silas, troch de stêdden Amfipolis en Apollonia, dêr't gjin Joaden wennen, nei de drokke en greate havenstêd Thessalonika, in reis dy't fêst wol in dei of fiif fan lange marsen naem. Hja wiene wurch en yn 'e ein, doe't hja einlings to plak wiene, mar folle rêst gunde Paulus him sels net. Fuort de earste de bêste sabbat siet er al wer yn 'e folle synagoge en lei er de Joaden en de inkelde. Griken dy't mei har gearkamen, de Skriften út. Mei in lange rige teksten biwiizge er har, dat de Messias lije en stjerre moast, mar dat er wer út 'e deaden opstean soe en dêrnei bigoun er har út to lizzen, dat dy Messias, dêr't hja noch altyd nei útseagen, al kommen wie en dat der oars gjin heil wie foar Joaden en Griken as troch him.
Der waerd tige harke, dy Sneon-to-moarns to Thessalonika en der wiene ek inkelde Joaden dy't har bikearden, mar der wie net lyk as to Filippi, in Lydia, dy't har yn hûs naem en har gastfrij forsoarge: al de wiken dat hja yn 'e stêd it wurd bitsjinnen moast Paulus mei eigen hannen wurkje foar de kost. Net, dat er dêr oait oer klage: hy libbe allinne foar de goede saek en hy woe alles wol dwaen om de minsken to winnen foar Jezus. Noch twa sabbatten koe er yn 'e synagoge arbeidzje, doe lieten se him net mear ta, mar krekt doe't syn folksgenoaten him de rêch ta kearden, iepene God de herten fan 'e heidenen; gâns in skare Griken en ek forskate rike en forname froulju joegen har by de gemeente. Pauuls wie tige bliid; hoe drok er it ek hie mei syn hantwurk, altyd foun er tiid om it wurd to forkundigjen en Silas holp him trou; doe't ek Lukas en Timotheüs wer by har wiene, gyng alles noch makliker. Mar ek de gemeente to Filippi forgeat de apostel net: mear as ien kear stjûrden se boaden en dy kamen net mei lege hannen: út tankberens stjûrden se him fan alles.
* * *
Sa wurke Paulus mei greate iver en hy soe fêst noch langer to Thessalonika bleaun wêze, as de Joaden der ek hjir wer net tusken kommen wiene. Dy koene it net útstean, dat de jonge gemeente noch altyd oanwoechs en dat safolle heidenen yn Jezus leauden en hja makken plannen om Paulus en syn helpers fuort to krijen.
De stêd Thessalonika wie net in Romeinske koloanje, mar in saneamde frije stêd, mei selsbistjûr yn it forbân fan it Romeinske Ryk; bihalve in folksforgearring en in senaet wie der in kolleezje fan seis ‘politarchen’, dy't de útfierende macht hiene en rjocht sprieken. De magistraten wiene wakker greatsk op har frijdom en hiene mar ien soarch: dat de Romeinen har noch ris in kear dy rjochten ûntnimme soene en sadwaende wiene se nearne banger foar as foar alles dat út 'e fierte op oproer like. Hwant it regear to Rome mocht yn mannich ding tige skiklik wêze en gâns troch de fingers sjen, op dàt stik fan saken koe it net folle lije. De Joaden wisten dat fansels ek wol en makken der misbrûk fan om Paulus fuort to krijen.
It wie foar har in lytse muoite om it folk fan Thessalonika yn biweging to krijen: hja hierden ienfâldich in pear boeven fan 'e merk, dy stokelen it wiffe folk fan de havenwyk op en it duorre net lang of in hinde roppende, bearende mânlju bisingele it hûs fan Jason, dêr't Paulus doe syn thús hie. It hie him net bêst ôfgien, as hja him troffen hiene, mar Paulus en Silas wiene beide de stêd yn; ynpleats dat it folk doe wer ôfsette, brieken se de doar iepen en sleepten Jason en noch in pear fan 'e bruorren mei; de politarchen soene wol wei witte mei dat Kristen-folk.
De seis politarchen wiene lykwols wizer as de magistraten to Filippi en woene earst witte hwat de finzenen dien hiene. Mar ek dat wie gjin biswier; de Joaden rôpen forheftich: ‘Dy minsken dy't de hiele wrâld yn opskuor bringe, dy Kristenen, binne hjir nou ek al en Jason is mei yn it komplot en hat har yn syn hûs nommen. En al dy Kristenen, al dogge se har noch sa moai foar, binne rebellen, en steane tsjin de Keizer, hwant hja leare dat der in oare kening is: Jezus!’
De politarchen wisten earst hast net hoe't hja moasten. De biskuldiging wie slimmernôch en de saek soe ûndersocht wurde moatte, mar oan 'e oare kant, it wiene Joaden, dy't de klacht ynbrocht hiene en as dat Joade-folk sa foar de eare fan 'e keizer opkaem, dan stiene hja it net rjocht. Dêr kaem noch by, dat Jason in rêstich boarger wie en in man mei jild en dy koene se dochs sa mar net yn it tichthús sette! Hja rêdden der har net ûnhandich út en seine, dat hja de saek ûndersykje en mei Jason prate soene en sa krigen se it folk sa fier, dat hja nei hûs gyngen. Doe't de strjitte frij wie, lieten se ek Jason gean, mar net earder as hy moast earst boarch wurde foar Paulus en der foar yn stean, dat dy gjin oproer meitsje soe.
Fansels bigriep Jason wol, dat de apostel gjin dei mear feilich wie yn Thessalonika en noch dyselde nacht