nou deselde hannen wiene, dy't har dy oerdeis yn it blok skroefd hiene!
En doe rôp er al syn húsgenoaten byinoar en setten se har ta harkjen. De apostel spriek lang, hy forgeat der syn pinen by en God seinge syn wurk: oan 'e ein fan dizze frjemde preek doopte Silas har allegearre. Doe ieten se noch meiïnoar mei in bliid en tankber hert en om't it al hast moarntiid wie, gyngen se mar net mear op bêd; der wie noch sa folle to bipraten en fan sliepen hie dochs neat mear kommen.
* * *
Der wiene mear minsken to Filippi dy't dy moarns al bitiid by de wurken wiene. Nei't de ierdskodding har sa wreed út 'e dreamen skrille hie, koene de beide rjochters net maklik de sliep wer fine. As dit mar net om dy beide Joaden wie! Men hearde soms sokke frjemde forhalen oer dy god fan Jeruzalem! It hie dochs net goed west, sa'n wrede giseling, sûnder forhoar. Frjemd, dat it yn 'e nacht en by donker sa folle slimmer like as dy middeis op 'e merk mei al dat folk der om hinne! It soe faeks it bêste wêze, dat hja har frij lieten....
Dy moarns al yntiids stiene de liktoaren foar de poarte fan 'e finzenis en brochten it birjocht, út namme fan 'e duümviri, dat de beide finzenen frij wiene en gean koene dêr't hja woene. De sipier wie tige bliid en optein fortelde er it greate nijs. Fansels hie er se graech noch langer hâlde wollen, mar nei alles hwat hja to Filippi ûnderfoun hiene, woene se fansels graech sa gau mooglik de stêd út. En mei triennen yn 'e eagen sei er: ‘Tsjoch dan hinne en gean yn frede.’
Mar Paulus skodholle earnstich. It wie moai, dat hja frij wiene, en dat nou it wurk wer fuortgong hawwe koe, mar as de hege hearen mienden, dat nou alles yn oarder wie, dan hiene se it dochs mis. Hja gyngen nou de stêd út, mar de lytse gemeente bleau achter en der soe gjin blaem op har rêste, as hy der hwat oan dwaen koe! Filippi soe witte, dat de folgelingen fan Jezus gjin misdiedigers wiene!
Hy gyng nei bûten, dêr't de liktoaren wachten. ‘Siz tsjin jimme hearen’, sei er koel, ‘dat hja sa net fan ús ôfbinne. Hja hawwe ús, dy't Romeinen binne, sûnder forhoar en yn it iepenbier giselje litten en ûnskuldich yn 'e finzenis set en nou sille se ús to-mûk de stêd útsette? Wy binne genegen om fuort to gean, mar allinne op bitingst, dat hja sels komme en ús útliede.’
De duümviri woene wol troch de groun sinke, doe't hja it boadskip hearden. Hiene se mar better ûndersyk dien, ear't hja dy mannen giselje lieten! Mar hwa hie ek tinke kinnen, dat dy twa Joaden boarger-fan-Rome wiene? As dit útkaem en de keizer hearde der fan, dan koe it har it libben kostje! Dat der siet oars neat op, hja moasten mei dy Joaden de stêd troch. En it folk fan Filippi, dat juster lake en oangyng doe't de liktoaren der op sloegen, soe har nou net minder formeitsje! Mar as it net oars koe en dy Paulus stie op syn stik, dan soe it moatte....
* * *
En sa stiene se dyselde moarns noch foar Paulus en Silas en fregen oft hja sa goedwêze woene om fierder to reizgjen. Dy giseling, dat hie in tragysk forsin west, mar hja wiene genegen om it wer goed to meitsjen. As it moast koene se har de stêd útliede.... En dat wie al it minste, dat hja dwaen koene, sei Paulus; yn it iepenbier wie har ûnrjocht dien, hy twivele der net oan dat de hearen it ek yn it publyk wer goed meitsje woene. Hwat harsels oanbilange, hja wiene ré om Filippi to forlitten, - de hearen magistraten mochten har ris wer forsinne! - mar earst moasten se noch ôfskie nimme fan 'e gemeente. Dat as de hearen noch in skoftsje geduld dwaen woene.... De rjochters knikten démoedich; it kaem fansels net op in ûre oan.
It wie ek net sa mar klear, dat ôfskie; de gemeenteleden moasten gearroppen wurde en doe't hja der allegearre wiene, naem Paulus de tiid der ôf om in taspraek to hâlden. Hy boun har op it hert om trou to bliuwen, ek al soe der forfolging komme. It wie wol spitich dat hy en Silas sa gau al fuort moasten, mar to'n earsten bleauwen Timotheüs en Lukas noch; en ek as dy mei 'er tiid wer fierder trieken, hoegden se gjin noed to hawwen: it hie noch noait oan minsken stien en God soe syn tsjerke biwarje oan 'e ein ta. Mar nou wie it dan de tiid foar it ôfskie; hy mocht de hearen net langer wachtsje litte....
En sa rounen se dan troch de strjitten fan 'e stêd, twa Joaden tusken de magistraten fan Filippi en foar en efter har de liktoaren mei bile en roeden. De minsken dy't tafallich bûten wiene, seagen har de eagen út 'e holle. It koe al hurd foroarje, tochten se, mar hja gunden it de hege hearen fan herten. It wie de muoite wurdich om yn Filippi to wenjen: juster in ûnforwachte giseling en nou dizze frjemde optocht!
En nimmen wist hwat der yn dy beide Joaden omgyng, dy't dêr sa stiif en stram tusken har rjochters stapten. Tochten se miskien oan dat âld forhael fan Mordechai en Haman? As it al sa wie, dan wiene se yn elk gefal sa greatsk net as doe dy tsjinner fan kening Ahasfearos, yn syn poarperen mantel, heech op it keningshynder. Hja wiene op it lêst gjin tsjinners fan in machtich hearsker, mar oars net as slaven fan Jezus Kristus. En as hja dat al ris forjitte soene by dy mars troch Filippi en hja soene oanstriid krije ta greatskens, dan wiene der altyd dy iepene rêggen noch en dat jûke net!