Hja gyngen earst nei inkelde gemeenten tichte by Antiochië en trieken doe nei Tarsus, dat yn 'e flakte, ûnder oan 'e Taurus lei. En dêrmei bigoun it swierste diel fan 'e tocht: in moedsume mars oer de hege passen, troch in wyld en iensum berchlân. Nei't hja in lange omwei makke hiene, dy't dagen tiid naem, stiene se ûnforwachts foar de gemeente to Derbe. Fansels waerd Paulus mei greate blydskip ûntfongen en daliks bigoun er de jonge gemeente to learen. Mar ek bûten de rounte fan 'e discipelen forkundige er it evangeelje en, lyk as de earste kear dat er yn Derbe wurke, joech God syn seine en waerd der in great tal heidenen doopt.
Fan Derbe gyng de reis nei Lystra en dêr trof Paulus in jonge man, dy't in Joadske mem hie; syn heit, dy't nou net mear libbe, wie in heiden en sadwaende wie Timotheüs - sa hiet er - net bisnien. Syn mem, Eunice en syn beppe, Loïs, hearden beide by de gemeente en, al hoe jong er wie, hysels hie ek Jezus leaf en woe wol graech mei Paulus en Silas op reis. It like Paulus ek goed ta, mar der wie ien biswier: elken-ien yn dy streek wist dat Timotheüs in Grykske heit hawn hie, mar dat er dochs, fan memme kant, in Joad wie. Om't hja yn dy plakken ek ûnder de Joaden wurkje woene, wie it better, dat ek Timotheüs bisnien waerd en hoewol't Paulus der bislist tsjin wie om heidenen to bisnijen, foun er it foar in Joad neat net slim. Neffens rjocht hie Eunice it lang al dwaen litte moatten en ek de jongeman sels hie der gjin biswier tsjin; moedich droech er de fûle pine en de gleone koarts en dat wie Paulus in biwiis, dat er alles foar Jezus oer hie. Mei sok in helper doarst er it to weagjen en sa naem de jonge Timotheüs ôfskie fan syn mem en joech er him ta it sindingswurk.
Nei't hja ek to Ikonium de gemeente forsterke hiene, wiene se fan doel om it westen yn, nei de provinsje Asia, mar hoe't hja it ek bisochten, it woe net slagje: de Geast fan God laette har op oare wegen. Troch Frygië gyngen se it Noarden yn en kamen sa yn it lân fan 'e Galaten; dêr moast Paulus, om sykte, gâns in skoft bliuwe, mar ek hjir brocht er it evangeelje en koe er in gemeente stichtsje; doe't er hjirwei it Noarden yn woe nei de kustlannen fan 'e Swarte Sé, dêr't gâns Joaden wennen, moast er op 'e nij syn plannen opjaen; de Geast liet har net ta nei Bithinië to gean en ynpleats kamen se, it Noardwesten yn, yn 'e havenstêd Troäs, flak by de Dardanellen.
Fan Lystra ôf hiene se nou ien mei oar gâns mear as seishûndert kilometer reizge, mar nou koene se dan ek net fierder, of hja moasten oer sé, nei Macedonië of Grikenlân en dat lei net yn 'e bidoeling.
* * *
Ek to Troas brochten se it evangeelje en ek dêr waerd in gemeente stichte, mar lang bleauwen se der net: foar de tredde kear op dizze reis kaem de Hillige Geast fanwegen en moasten se har plannen foroarje. It wie op in nacht dat Paulus in fisioen krige; in Macedoniër stie foar him en smeke: ‘Kom oer nei Macedonië en help ús!’ Doe't er it de oare deis oan syn trije freonen fortelde, - bihalve Timotheüs en Silas wie nou ek de dokter Lukas by har - wiene se it der oer iens, dat it mar ien ding bitsjutte koe: God rôp har nei de oare kant, nei it lân fan Macedonië. Hja seagen dyselde deis noch om in skip, tige binijd nei hwat har dêr to wachtsjen stie.
Net lang dêrnei fearen se oer nei Neäpolis en dêrwei trieken se daliks troch nei de stêd Filippi, it earste plak yn Jeropa dêr't it evangeelje forkundige waerd.