docht it allinne om't er bang is foar dy mannen út Jeruzalem, dy't hjir kommen binne om't hja ús de frijdom net gunne, dy't wy yn Kristus hawwe.’
En dêrmei liet er Petrus bitsjen en foel er tsjin dy-fan-Jakobus út. ‘Jimme mannen fan Jeruzalem, witte jim sels wol, hwat jim ús gemeente oandogge? As it wier is, dat jim net mei ús oan ien tafel kinne, dan bitsjut dat, dat wy net rein binne en dat Kristus ús net hillige hat! Mar as Hy, hwaens Geast wy ûntfongen hawwe, ús net hilligje kin, dan is er de Forlosser net en dan is ús evangeelje in leagen. Sa steane jim dan tsjin de Kristus Gods en tsjin ús gemeente en forliede sels Barnabas en Petrus.’
* * *
Der wie net ien dy't noch tsjin Paulus ynlizze doarst nei dizze skerpe wurden en Petrus en Barnabas skammen har oer har lef gehuchel. Fan dy dei ôf stiene se beide njonken Paulus en holpen se him om de mannen fan Jakobus to oertsjûgjen. It holp net folle: nou't dy it yn 'e gearkomste net winne koene, sochten se de Kristenen út 'e heidenen thús op en seine, dat it noait goed mei har komme koe: ‘Jim miene wol, dat jim bihâlden binne, mar it is net wier; dy't him net bisnije lit en net wurdt lyk as ús, dy kin net yn 'e himel komme.’
Paulus en de oaren diene alles om dy dwaellear to bistriden, mar doe't hja net mei har aksje ophâlde woene, waerd der bisletten, dat hy en Barnabas nei Jeruzalem reizgje soene om de saek oan 'e ein ta troch to praten. Dit koe sa net langer trochgean en as de apostelen net in ein makken oan it gekûp fan dy Farizeërs, dan soene de heiden-gemeenten har ôfskiede moatte. Mar hja hiene goede hoop, dat it sa fier net komme soe.
Fan Antiochië reizgen se, mei inkelde oare bruorren, troch Foenicië en Samaria en yn elke stêd dêr't in gemeente wie, rôpen se de Kristenen gear en fortelden fan it wurk yn 'e heidenlannen. It foel har op, dat oeral de discipelen tige bliid wiene mei it nijs dat hja brochten en dat der alhiel gjin fragen kamen oer de Joadske wet; it wie har in biwiis dat de dwaellear fan it Judaïsme noch gjin yngong foun hie bûten Jeruzalem en it bisterke har yn 'e hope, dat it ek dêr wol tafalle soe.
Doe't hja nei in reis fan forskate wiken to Jeruzalem kamen, waerd de hiele gemeente gearroppen: al de apostelen wiene der en alle âldsten en safolle fan 'e bruorren as de greate seal bergje koe en hja hearden mei greate blydskip nei it forslach fan 'e sindingsreis. Mar doe't Paulus en Barnabas alles forteld hiene, riisden in pear mannen oerein en seine: ‘Wy hawwe heard fan heidenen dy't it evangeelje oannommen hawwe, en fan wûnders en tekens yn 'e namme fan Jezus, en dat heart wol moai, mar as dy minsken net bisnien binne en as der har net oplein is om to-nei de hiele wet to hâlden, dan hat alles om 'e nocht west en kinne se net bihâlden wurde.’
It sprekt fansels, dat Paulus en Barnabas mei klam tsjin dizze dwaling yngyngen en doe't it bliken die, dat der mear dy kant oerhongen, waerd der bisletten, dat de saek yngeand bisprutsen wurde soe op in gearkomste fan apostelen en âlderlingen. Sa gau as it koe, kamen de lieders byïnoar en yn dizze earste synoade is doe de kwesje bisprutsen en ta in oplossing brocht.
* * *
It bigjin wie oars net sa moedich: der foelen fan beide kanten skerpe wurden en it waerd in wyld en forheftich debat. Mar doe naem Petrus it wurd en sei: ‘Mannen, bruorren, jim witte, dat God my útkard hat om it earst oan 'e heidenen it evangeelje to forkundigjen en jim hawwe heard, dat de Hillige Geast oer har kommen is, net minder as op ús! As God, dy't de herten ken, dan gjin ûnderskie makket tusken har en ús, soene wy it dan al dwaen moatte? Hwant mei de wet fan Mozes lizze wy de heidenen in jok op, dat nimmen, ek wy sels net, oan 'e ein ta drage kin, hwant ek wy wurde allinne bihâlden troch de genede fan Jezus Kristus. Dat ik bin fan bitinken, dat Paulus en Barnabas goed dien hawwe en dat it gjin foech jowt en liz oan Kristenen út 'e heidenen de wet fan Mozes op!’
It bleau stil yn 'e seal, doe't Petrus syn miening sein hie en foaral Paulus wie tige bliid. Dit wie in oare Petrus, as dy't doe to Antiochië mei de fûle Judaisten oan ien tafel sitten gyng; doe wie er bang en doarst er net foar syn miening út to kommen en nou, yn syn eigen gemeente, dêr't dy fan Jakobus by wiene, sei er moedich hwer't it op stie. Doe yn Antiochië hie hy, Paulus, him skerp torjochte wiisd, mar it hie gjin kwea bloed set en Simon stie nou njonken him; sels hie er it net better sizze kinnen.
It wie de bruorren út 'e Farizeën oan to sjen, dat hja noch net oertsjûge wiene, mar tsjin Petrus doarsten se dochs net yn it forset to gean. Doe naem Paulus it wurd en op 'e nij forhelle er alles dat hja yn 'e heidenlannen meimakke hiene en fansels liet er dúdlik útkomme dat er it alhiel mei Petrus iens wie.
Doe't er ophâldde naem Jakobus it wurd en allegearre wachten mei spanning hwat hy, de lieder fan 'e gemeente en de âldste broer fan Jezus, to sizzen hawwe soe. Soe er de partij fan 'e Judaïsten opnimme of njonken Paulus en Petrus stean? Elk fielde, dat syn wurd de trochslach jaen soe en dat dêr alles fan ôfhong.
‘Bruorren’, bigoun er, ‘Simon hat ús útlein hoe't God him fan alle apostelen it earst nei de ûnbisnienen