sloech, mar doe foel syn each op in man, dy't ticht by him siet en gjin each fan him ôf hie; it wie in bidler, dy't lam wie oan beide fuotten en alhiel net stean koe, mar nou't er dêr siet to harkjen, striele syn antlit fan blydskip. Paulus wie der wis fan, dat dy man leaude hwat er sei en ûnforwachts hâldde er op fan sprekken en wylst er him strak oanseach, rôp er lûd: ‘Stean rjocht op dyn fuotten!’
De man hie altyd al ûngelokkich west en hy hie noch noait stean kinnen, mar nou't er dit wurd fan Paulus hearde, sprong er op en bigoun it plein oer to rinnen. It wie in koart momint stil op it plein, mar doe waerd it yn-ienen in wyld trelit; deselde minsken, dy't niist krektsa ûnforskillich wiene by de rede fan Paulus, wiene nou alhiel optein en rôpen allegearre trochinoar. Sa'n great wûnder, tochten se, dat koe gjin minskewurk wêze en yn har eigen tael, dêr't Paulus en Barnabas neat fan forstean koene, rôpen se: ‘De goaden binne as minsken wurden en binne delkommen yn ús stêd!’ Hja stiene om Paulus en Barnabas hinne en seine: ‘Dy iene, dy't sa prate koe en dy't it wurk die, dat is Mercurius, de boade fan 'e goaden en dy oare, mei syn machtich burd, dy't dêr sa stil en heech by stie, dat is Jupiter sels.’ En doe praetten se noch helte rêdder en lieten de beide mannen stean en gyngen de stêd yn; hja wiene al in pear strjitten fierder, doe klonken noch har skille stimmen....
* * *
Paulus en Barnabas wiene ek nei hûs gien; hwat soene se mear dwaen op it lege plein? As hja nou mar wisten, hwat dat folk fan doel wie en hwer't hja hinne gien wiene! Sokke tiden wie it in ôfbrek, dat hja har tael net koene! Dit folk koe har rêdde mei Gryksk, mar as hja oerstjûr wiene, lyk as nou mei dit wûnder, dan praetten se fansels har eigen lânstael. It hie har dochs wol yn it herte rekke, de genêzing fan dy lamme bidler. Leafst hie Paulus har nou daliks tasprutsen, mar hja kamen wol ris wer en dit soene se net gau forjitte.
It wie in skoft letter, deselde oerdeis. Paulus en syn freon Barnabas sieten noch yn 'e hûs, doe't der hastige stappen kamen oer it binne-plein. Ien fan 'e discipelen kaem der oanrinnen en sei hymjend: ‘Hja miene dat jim goaden binne en de preester fan Zeus-foar-de-stêd is op reis nei it timpelplein mei bollen en alter-krânsen! Hy wol jim in great offer bringe en de heale stêd rint der efteroan....’
Paulus en Barnabas sprongen oerein en rounen de stêd yn. Dit wie it slimste, dat der barre koe! Nou hiene se sà har bêst dien om it folk to wizen op 'e iene, wiere God en ynpleats roun it út op in offer oan minsken! Paulus hie in wûnder dien om de mannen fan Lystra sjen to litten dat Jezus machtich wie en nou soene se hàr de eare jaen dy't Him allinne takaem. Mar it mocht net trochgean, hja moasten alles dwaen om dit kwea to kearen. En wylst hja it lêste ein rounen, wie der yn har hert in gebet oft God har helpe woe om dit forbline heidenfolk to bilêzen....
* * *
It wie drok op it timpelplein by de poarte fan 'e stêd. Yn plechtige optocht gyng de skare nei de timpel fan Jupiter, - sa neamden de Romeinen de Grykske god Zeus - de preester foarop yn syn wite mantel, it skerpe offermes yn 'e fûst, de stadich trêdzjende bollen mei de machtige hoarnen, it folk mei blommekrânsen en yn feestpronk. Dit soe in feest wurde, sa't der noch noait west hie yn Lystra en de namme fan har stêd soe forneamd wurde oant yn fiere lannen. De goaden yn Lystra! Hwa hie it oait tinke kinnen?
En dêrmei seagen se har kommen út 'e poarte wei. Lûd weage de jubel oer it wide plein. De goaden kamen ta it offerfeest! De preester bûgde de holle oan 'e hurde groun, mar Paulus wie him al foarby en sprong tusken it folk yn. Hy wie bleek en ûntdien en skuorde yn wanhoop de mantel stikken; Barnabas stie oan de oare kant ek midden tusken de minsken. ‘Mannen’, rôpen se lûd, ‘hoe kinne jim dit nou dwaen? Sjogge jim dan net, dat wy minsken binne, gewoane minsken lyk as jimme? Hawwe wy jim net foarhâlden, dat jim net langer de ûngoaden tsjinje moatte, mar dat jim jim bikeare moatte ta de iene, libbene God, dy't de ierde en de himel makke hat? It is nou de tiid om yn Him to leauwen, hwant fan nou of oan is Syn heil ek foar jimme! Hwant al dizze ieuwen hat Er de heidenen wannelje litten op har eigen wegen, - hoewol't Er har doe ek net forgeat en har rein en fruchtbere tiden joech en jimme herten fol makke mei spize en fleurichheit - mar nou hat Er ús stjûrd om jim Syn Wurd to bringen en jim to meitsjen ta syn bern. Mar doch dan dizze greate sûnde net en slachtsje gjin offerbollen foar ús, syn tsjinstfeinten....’ Hja moasten lang prate, ear't it folk en de preesters leauden, dat hja ek mar minsken wiene, mar op it lêst wisten se it dan dochs en de tsjinners gyngen fuort, mei de offerdieren en de krânsen.
Op it timpelplein stie it folk en seach donker nei de beide mannen, dy't gjin goaden wiene. Hwat in figuer hiene se slein foar dy beide Joaden! Jupiter en Mercurius.... Goaden út 'e himel en it draeide út op twa Joaden! Lystra soe net forneamd wurde, der soene gjin pylgers komme út fiere lannen, gjin jild en gjin offers.... En hjoed waerd it gjin feest yn 'e stêd, gjin offerfeest mei de romte fan fleis en wyn, gjin feestlike musyk, gjin douns op it moanneljochte plein. As dit bikend waerd soe Lystra in spotslach wurde foar de stêdden fan Asië.
De beide Joaden gyngen fuort, de stêd yn. It waerd ek heech tiid! De fingers jûken har om se in fikse ôfstraffing to jaen. Hwat die sok folk yn har stêd?.... Dy bidler, dy koe nou rinne. Dat like in wûnder, mar