om alles noch neijer út to lizzen en doe't hja op it lêst har wegen gyngen, rounen forskate Joaden en heidenen mei en fregen der op yn. De beide evangelisten ûntfongen har bliid en leine der foaral de klam op, dat it net ta koe mei dizze earste leafde, mar dat hja nou ek by de genede bliuwe moasten.
Paulus hie it wol goed sjoen, dat er har sa earnstich formoanne hie: yn 'e wike nei dy earste sabbat sloech de stimming by de Joaden alhiel om. By neijer ynsjen founen se it dochs gjin goed teken, dat krekt de heidenen sa heech mei dy lear fan Paulus weirounen: it koe dochs gjin goede lear wêze, dy't ûnbisnienen en Joaden itselde heil biloofde? En doe't der de twadde Sneons sa'n skare heidenen opsetten kaem, dat de synagoge to lyts wie en Paulus en Barnabas har bûten, yn twa groepen tasprekke moasten, doe waerden se sa oergunstich, dat hja der tsjin yn bigounen to sprekken. En hiene se dat nou earlik en rounút dien, mei biwizen út 'e Skrift, dan soe Paulus har mei alle geduld wjerlein hawwe, mar om't hja gjin debat mei him oandoarsten, bigounen se him yn 'e rede to fallen en kwealaster to sprekken.
Doe't hja beide op it lêst gjin wurd mear sprekke koene, sûnder dat de Joaden har lestich wiene, hâldden se op fan sprekken. Hja kearden har nei har tsjinstanners en earnstich seine se: ‘It wie ús plicht om alderearst ta jimme it wurd Gods to sprekken, mar nou't jimme it net oannimme, sille wy ta de heidenen gean, hwant de Heare hat it sels al earder sein: ‘Ik haw dy set ta in ljocht foar de heidenen en ta heil oant ierdryks einen.’
Fan dy dei ôf sprieken se doe allinne de heidenen ta en yn 'e wiken dy't folgen, waerden der in mannichte doopt en op dizze earste gemeente yn Azië foel de Hillige Geast. En net allinne yn Antiochië, mar ek yn 'e doarpen der om hinne, wreide de jonge tsjerke him út.
Doe't de Joaden dat murken, waerd har grime noch greater, mar hja doarsten de beide mannen neat to dwaen; yn in stêd as Antiochië, dêr't it bistjûr alhiel yn hannen fan 'e Romeinen wie, doarsten se sa mar net in moart to dwaen. Wol slaggen se der yn om de forname froulju dy't ek yn 'e synagoge kamen tsjin Paulus en Barnabas op to setten; dy krigen it doe sa fier, dat ek de stêdsregearing tsjin har wie en har de stêd útstjûrde. Plechtich skodden de beide mannen it stof fan Antiochië fan har sandalen: in teken, dat hja brieken mei de sûndige stêd; doe trieken se it Easten yn, nei de stêd Ikonium.
* * *
It wie wer in lange, swiere mars om der to kommen en nei't hja earne ûnderdak foun hiene, namen se in koarte rêst. Op 'e sabbat bigounen se har wurk yn 'e synagoge en net allinne, dat hja rêstich it wurd forkundigje koene, mar hja diene greate wûnders en doopten forskate minsken, Joaden sa goed as heidenen.
Letter lykwols kaem der in hiele omkear: de Joaden dy't net by de jonge gemeente hearden, stokelen de boargers tsjin Paulus en Barnabas op en makken plannen om har to deadzjen. De beide mannen slaggen noch op tiid bûten de stêd en doe't hja alles goed bipraet hiene, namen se it bislút om net langer to Ikonium to bliuwen, mar om fierder to reizgjen, it Suden yn.