It wie de Hillige Geast dy't har de opdracht jown hie om op reis to gean, mar hja moasten sels útmeitsje hwat kant hja út soene. Dat hja waerden it der oer iens, dat hja bigjinne soene op Cyprus, it eilân dêr't Barnabas berne wie; dêrwei soene se dan oerstekke nei de fêste wâl, nei de provinsje Pamfilië.
Hja reizgen earst nei de haven Seleucië en founen dêr in skip, dat har nei Cyprus brocht; nei in mannich dagen kamen se yn 'e haven Salamis, in greate stêd oan 'e Eastkust fan it eilân. Lyk as har doel wie, bigounen se op in sabbat en brochten se earst it evangeelje oan 'e Joaden en oan 'e inkelde heidenen, dy't mei gear kamen.
It die al gau bliken, dat de Joaden to Salamis net folle bilangstelling hiene foar dizze nije lear en hja trieken dwers it eilân oer nei de stêd Pafos oan 'e westkust. In tige greate stêd wie it net, mar yn dy tiid wenne de Romeinske proconsul dêr en bûtendat stie der in timpel fan Venus, de goadin fan 'e Leafde, dêr't elk jier in greate processy hinne triek.
De proconsul, Sergius Paulus, wie in man dy't wol hwat fielde foar de Joadske godstsjinst; yn elk gefal leaude er net mear oan 'e heidenske goaden en tocht er dat der mar ien God wie, dy't himel en ierde makke hie. Krekt troch syn niget oan it Joadendom wie er yn 'e kunde kommen mei in soarte fan magiër, in Joad, dy't Bar-Jezus hiet en himsels foar in great profeet en gelearde útjoech; hy hie him sels opnommen yn syn paleis en stie alhiel ûnder syn ynfloed.
Doe't er hearde dat der noch in pear learaers yn 'e stêd wiene, liet er ek Paulus en Barnabas komme en harke er mei hiel syn hert nei it wurd, dat hja forkundigen. It bigoun der op to lykjen dat de proconsul it evangeelje oannimme soe en Bar-Jezus, dy't der ek by siet, bigriep dat it dan út wie mei syn ryk en maklik libben; dy't yn Jezus leaude soe him wis net langer ophâlde mei syn tsjoenderijen. Hy bigoun dan ek forheftich tsjin de beide mannen op to sprekken en yn syn iver naem er it net al to krekt mei de wierheit. It wie dúdlik to sjen, dat Sergius Paulus it ear nei him hingje liet en net mear wist hwa't er leauwe moast.
Oan't nou ta hie Barnabas, dy't nammers thús wie op it eilân en wist hoe't er de minsken dêrre oankomme moast, it meast it wurd dien, mar nou, op dit krityk momint, naem Paulus it wurd. Better noch as syn freon seach hy yn, hoe'n gefaerlik man dy magiër wie; as dy it woun, dan soe net allinne de proconsul him fan har ôfkeare, mar dan soe gjin ien to Pafos mear nei har harkje. It gyng der nou om hwa't de sterkste wie: Jezus Kristus of dizze soan-fan-Jezus! Hy fielde, dat allinne in wûnder de troch-slach jaen koe en hoewol't er gjin opdracht hie, leaude er fêst, dat God him helpe soe. Strang seach er syn tsjinstanner oan en forheftich rôp er: ‘Dû minske fol bidroch en falskens, dû bern-fan-Satan en fijân fan alle gerjochtichheit, mienstû datstû mar trochgean kinst Gods rjochte wegen krom to meitsjen? Nou dan, de hân des Heare is tsjin dy: dû silst blyn wêze en foar in tiid de sinne net sjen!’
En op itselde stuit wie it nacht om 'e tsjoender hinne; helpeleas taestte er om him hinne en liet er him de seal útbringe; hy doarst gjin wurd mear to sizzen: Paulus hie de kampslach woun. Doe't de proconsul seach, dat de flok fan God op syn magiër fallen wie, leaude er hwat Paulus en Barnabas seine. It is net bikend oft er him dope litten hat, mar yn elk gefal wie it foar de beide evangelisten fan great bilang, dat de heechste amtner op it eilân op har hân wie.
Doe't har wurk to Pafos dien wie, gyngen se wer yn in skip en stieken oer nei de kust fan Asië; hja gyngen lykwols net oan lân yn 'e sé-haven Attalië, mar fearen in ein de rivier de Cestus op, nei de stêd Perge ta. It wie har doel om dizze kear net by de kustplakken lâns, mar om it binne-lân yn, nei de stêdden yn it berchlân.
* * *
En dêrmei soe dan it swierste diel fan 'e reis bigjinne. It reizgjen wie doe-tiids nea net maklik, de wegen altyd min, mar de tocht oer Cyprus wie dochs neat by hwat har hjir wachte. Hja moasten in iensume berchstreek troch, dêr't hast gjin minsken wennen en soms gjin iten to krijen wie, in streek dêr't rôvers tahâldden en faek de reisbere man oerfoelen en dêr't it bytiden libbensgefaerlik wie om troch de wylde berchstreamen to rinnen. It koe wêze dat de reizger de moarns forlegen wie fan 'e hjittens yn in djippe, broeiske delling en dat er de jouns, op in hege berchpas, hast omkaem fan 'e kjeld; hy koe fordwale tusken de rotsen en in swiere sykte oprinne as er mei de biswitte lea troch in iiskâlde berchbeek moast.
Paulus wist mar al to goed, hoe't it lân der hjir hinne lei: Tarsus, de stêd dêr't et berne wie, lei ek yn in smelle flakte flak by de bergen, mar hy telde de biswieren net. Hwat lette kjeld en honger, gefaer en muoite, pine en wurgens, as er op reis wie foar de saek fan it keninkryk? Sels mei syn kwael, dy't him it reizgjen dûbeld biswierlik makke, wie it him in freugde om syn apostelwurk to dwaen. En ek Barnabas seach net tsjin de reis oan: hy hie fan it bigjin oan witten dat Cyprus, it eilân dêr't er thús wie, net mear wie as in bigjin.
Foar Johannes Markus wie it allegearre sa folle minder: hy hie noch noait yn sokke wylde streken west en yn it greate, rike hûs fan syn mem namen de slaven alles foar him wei. Hoe soe er it oait úthâlde yn 'e bergen, as dat reizgjen op Cyprus him al hast to folle wie? Hy prate der oer mei Barnabas dy't syn