bliuwe en de jonge tsjerke leare út 'e Skriften en oars koe er altyd noch in pear fan harren ophelje.
* * *
Hja hiene net maklik in geskikter persoan fine kinnen as dizze Barnabas; net allinne dat er in man wie as Stéfanus, mei in sterk leauwe en fol fan 'e Geast, mar om't er fan Cyprus ôfkomstich wie, koe er him better as de oaren yntinke, hwat dizze nije gemeenteleden nedich hiene; hy wist fan har biswieren, hy bigriep har striid en hy biwûndere har moed om mei har forline en har formidden to brekken en har oer to jaen oan Kristus. Doe't er sjoen hie hoe't alles om en ta gyng yn 'e jonge gemeente, wie er oer de mjitte bliid. Dit wiene gjin twadde soarte discipelen, al wiene se dan net bisnien; har leauwe en har iver koene munsterje by dy fan Jeruzalem.
Hy wie noch mar koart yn Antiochië, doe wie er al mei foaroan en spriek er like frijmoedich ta de heidenen as earder ta Israëls bern en God joech syn seine en brocht in greate mannichte ta bikearing. Barnabas koe it al gau net mear neikomme en seach út nei help. Fansels hie er ien fan 'e apostelen helje kinnen, mar it stie noch to bisjen, oft dy wol geskikt wiene ta dit wurk. Hja hiene oan't nou ta allinne mar ûnder har eigen folk arbeide en it wurk hjir to Antiochië frege in hiel oare oanpak en in hiel aparte métoade.
En doe tocht er ynienen wer oan dy man, dêr't er doe to Jeruzalem sa faek mei praet hie, Saulus fan Tarsus! As dy noch to Tarsus wie en hy woe him helpe, dan wie dat syn man! In echte Joad, mar great wurden tusken de heidenen en like goed in apostel as Petrus sels! Hy liet der gjin gêrs oer groeije en sette de stap nei de stêd dêr't Saulus berne wie. Hy foun him sûnder muoite en lei him syn fraech foar. Paulus - sa waerd er bûten Israël altyd neamd - wie daliks ré om mei nei Antiochië; hy wist nou dat syn gebet forheard wie en dat God him nou einlings brûke woe.
In jier lang wiene de beide mannen yn tsjinst fan 'e gemeente to Antiochië; hja learden de discipelen en brochten it evangeelje oan elk dy't it hearre woe en God seinge har boppe forwachting: in brede skare minsken kaem ta it leauwe yn Jezus Kristus.
* * *
Oan 'e ein fan dat wûndere jier kamen der mannen del út Jeruzalem, dy't profeten wiene en ien fan har, Agabus, profetearre dat der in greate hongersneed komme soe oer it hiele Romeinske ryk. It wie gjin bêst nijs: elk wist wol hwat in ramp soks wêze koe, foaral foar de earmen. En dan wie it noch net iens it slimst foar har: yn Antiochië, in drokke hannelstêd yn in fruchtbere delling foel it noch sachts hwat ta, mar hoe moast it to Jeruzalem komme? It nôt en de oalje hoegden mar in bytsje krapper to wurden, dan sprongen dêr de prizen omheech en it wie nou al net rom yn 'e gemeente. Hja praetten der lang oer en by einbislút waerden hja it der oer iens, dat hja helpe moasten: út Jeruzalem wei wie it evangeelje ek ta har kommen en de tolve wiene ek har lieders.
Der waerd in kollekte hâlden en om't elk joech nei't er misse koe, hiene se yn koarte tiid in fikse som byinoar. It like har it bêste ta, dat in pear man it jild persoanlik oerbrochten en dat Paulus en Barnabas yn elk gefal mei moasten. Hja hiene heard, dat in bipaelde groep to Jeruzalem net tofreden wie oer de tastân yn Antiochië en dan koe dy kwesje tagelyk trochpraet wurde. Paulus wist earst hast net, oft er wol mei soe: hy hie nou ienris net in aerd om sok ding maklik op to nimmen, en hy woe net graech, dat der ûnienichheit fan kaem; hy hoegde lykwols gjin bislút to nimmen: God sels droech him op om al mei to gean.
* * *
Nou't er wist, dat er yn Gods wei wie, joech er him ek mei hert en siel ta dit wichtich wurk en skromme er net om syn jonge freon Titus mei to nimmen. Net fansels dat der hwat op 'e jongeman to sizzen foel: hy wie in iverich wurker en leaude mei hiel syn hert, mar hy wie gjin Joad en dus ek net bisnien, dat de strange bruorren soene him wol mei skeane eagen oansjen!
Yn 'e gearkomste fan 'e gemeente waerd de députaesje út Antiochië mei greate blydskip ûntfangen. Der wie gâns foroare sûnt Paulus de earste kear yn har formidden wie. Doe wie er in flechtling, in man sûnder thús, sûnder freonen, ien dy't him forgrepen hie oan Gods útkard folk, - nou kaem er as de lieder fan in greate gemeente, as it haed fan in députaesje, mei in swiere sulver-skat. De tolve en al de oaren wiene tige tankber; it soe fan pas komme yn dizze tiid fan krapte. En hwat hja der net by seine: it foel har neat ôf fan dy gemeente dêr to Antiochië, mei al dy Kristenen-út-'e-heidenen, dat hja har lieding yn 'e Tsjerke sa iepenlik erkenden en sa roijael har bydrage joegen.
Miskien dat der by alle blidens om it jild en by alle tankberens net ienris praet wie oer de kwesje fan 'e bisnijenis, as Titus der net by west hie. It wie wier net, dat hja it konflikt sochten, dizze mannen fan Jeruzalem, en ek net, dat hja net tankber wiene, mar hja koene har net stil hâlde mei dy ûnbisniene Gryk dêr njonken har oan 'e tafel. Hoe moast dat nou strak, as it iten opdroegen waerd? Hwat hoegde Paulus nou krekt dy iene mei to nimmen út in stêd, dêr't fjirtich tûzen Joaden wennen? En dat wie nou in man dy't in Farizeër west hie!
Dat hja bigounen der sa hoeden mooglik oer, dat hja neat op Titus tsjin hiene en dat hja bliid wiene, dat er yn Jezus leaude, mar hy wie nou yn Jeruzalem,