Herodes Agrippa
272
Yn 'e tiid dat Saulus yn syn berte-stêd Tarsus forkearde en útseach nei de dei dat er mei syn apostelwurk bigjinne koe, waerd it der net better op mei de gemeente to Jeruzalem. Lang nei de dea fan Stéfanus en de forfolging fan 'e Gryksken wiene de apostelen yn 'e stêd bleaun en wie net ien har lestich; it Sanhedrin bimuoide him net mei de Hebreën en it folk wie har net ûngenegen.
Stadichoan lykwols bigoun dat to foroarjen. De minsken fan Jeruzalem bigounen yn to sjen, dat dy gemeente fan Jezus Kristus dochs noch hwat oars wie as in aparte groep yn 'e synagoge, lyk as hja altyd tocht hiene en doe't der geroften gyngen, dat ien fan 'e lieders to Caesaréa iten hie mei de ûnbisnienen en dat dêr yn dy heidenske stêd sels Romeinen doopt wiene, doe sloech de stimming alhiel om en rekken ek de Hebreën út 'e gunst. Ek it Sanhedrin seach har mei skeane eagen oan en tocht der oer om de tolve it sprekken wer to forbieden, mar ear't hja noch fan wegen komme koene, briek ûnforwachts de forfolging wer los en gyng it nijs troch de stêd, dat kening Herodes Agrippa ien fan 'e apostelen, Jakobus, de broer fan Johannes, ta de dea foroardiele hie.
* * *
It wie wol in tige frjemde figuer, dizze fazal-kening fan Israël. Yn syn jonge jierren hie er in wylde bruijer west en laette er in ûnsedich libben; letter hie de keizer fan Rome him om it iene of oare forgryp yn 'e boeijen slein en it hie fêst op in dea-fonnis útroun, as de âlde Tiberius net krekt op 'e tiid stoarn wie. Syn opfolger, Caligula, wie in great freon fan Herodes: hy liet him daliks frij en makke him sels kening oer in gebiet yn it Noarden fan Palestina. Fan in lettere keizer, Claudius, krige er ek noch it biwâld oer Juda en Samaria en sa kaem it, dat er nou to Jeruzalem wenne.
Fansels forwachte net ien folle goeds fan in kening dy't sok in libben laet hie en dy't út sa'n famylje stamde, - hy wie in folle neef fan 'e Herodes dy't Johannes de Doper deade hie en in pake-sizzer fan Herodes de Greate, dy't de bern to Bethlehem ombringe liet! - mar ta binijing fan elk dy't him koe, stelde er him to Jeruzalem tige ta deugd oan. Hy die alles om by de Joaden yn 'e gunst to kommen, hy hâldde de sabbat en de spiiswetten en hy libbe sa strang nei de foarskriften fan 'e âlden, dat sels de Farizeën der neat op sizze koene en him wakker priizgen. Fansels miende er der neat fan en bleau er yn syn hert in heiden, mar dat wist it folk net.
It wie ek allinne om de Farizeën in gunst to dwaen, dat er de apostel Jakobus finzen naem en mei it swurd deadzje liet; doe't er murk, dat dizze wrede moart alhiel yn 'e geast fan it Sanhedrin wie, gyng er noch in stap fierder en naem er op it Peaske-feest ek Petrus finzen. Dizze kear lykwols soe it net wer sa stil om en ta gean as doe mei Jakobus: Petrus soe yn it iepenbier foar syn rjochterstoel stean en hiele Jeruzalem soe sjen, hoe't er ivere foar de suverens fan 'e godstsjinst en foar de eare fan 'e timpel. Der waerd yn 'e stêd bikend makke, dat de rjochtsitting wêze soe de deis nei it feest en dat elk, dy't woe, der by wêze mocht.
Fansels hie it makliker west as er de finzene daliks foarbrocht hie, mar it Sanhedrin soe it wis bysûnder op priis stelle, dat it hege feest net ûntwijd waerd mei in eksekúsje en hy soe der wol foar soargje, dat Petrus gjin kâns krige om to ûntkommen. Der gyngen frjemde forhalen oer dy fromme mannen: hja koene wûnders dwaen en wiene al ris earder út 'e finzenis bifrijd, mar dat soe har dizze kear net taf olie! Dat hij droech in wacht fan sechstjin man op om Petrus to biweitsjen en skerpe har yn, dat hja mei har libben boarch foar him stiene. Acht man hiene iderkear rêst, acht oaren stiene op post: twa by de bûtenpoarte, dy't útkaem op 'e strjitte, twa by de doar, twa op 'e gong foar de doar fan 'e sel en twa sieten by Petrus yn 'e sel en wiene mei izeren keatlingen oan him fêstboun. Dat Herodes Antipas makke him gjin soargen; in man dy't sa biwekke waerd, koe mei gjin mooglikheit ûntkomme....
* * *
En sa bigoun de lêste nacht fan it Peaske-feest; noch inkelde ûren en Petrus soe foar de kening stean. Hy wie net bang, sels net nou't syn dea sa nei-oan wie. As it Gods wollen wie dat er stjerre moast, lyk as syn freon Jakobus, dan soe er moedich de dea yngean. Hy koe alles oerjaen: it wurk yn 'e gemeente, de omgong mei de oare apostelen, de frou dy't er leaf hie; gjin offer koe oait to swier wêze, as it brocht waerd foar Jezus! Hy wist fansels ek net, hwàt de kening mei him foar hie en hoe't er him deadzje soe, mar dit wist er wol, dat alle leed en alle pine weifoel by de freugde dy't him dêr boppe wachte.