Op in kear, doe't er op it timpelplein wie, waerd it him suver to machtich. Hwat moast it oait wurde mei him? Hy koe noch sa sprekke en noch safolle teksten bybringe, hja leauden him net! God hie him útkard om de heidenen it heil to bringen, mar hoe soe dat kinne, as er sels dizze Joaden net bikeare koe?
En doe, wylst er dêr stie, wurch en moedeleas, krige er in fisioen: hy seach net mear hwat der om him hinne wie, mar it wie as stie de Heare Jezus foar him en dúdlik hearde er syn stim, dy't spriek: ‘Gean mei hasten út Jeruzalem, hwant net ta dit wurk haw ik dy roppen: hjir yn Jeruzalem sille se dyn wurd net oannimme.’ Saulus antwurde: ‘Och Heare, it is om myn sûnden dat hja my net leauwe wolle; hoe soene se ek om sizzen jaen fan my, dy't in forfolger wie en dy't in wolbihagen hie oan 'e dea fan Stéfanus?’ De Heare gyng net op syn fraech yn, mar as in djippe treast kaem op 'e nij syn stim: ‘Gean, en Ik sil dy omfierrens ta de heidenen stjûre.’
Dyselde deis noch gyng Saulus de stêd út, fol moed nei it gesicht yn 'e timpel; in pear fan 'e bruorren gyngen mei oan Caesaréa ta en letter triek er allinne fierder nei de stêd dêr't er berne wie: Tarsus.
* * *
Yn 'e tiid dat Saulus der wenne, wie Tarsus in drokke bloeijende stêd, bikend om syn weverijen en tinten, mar net minder om syn wysheit en geleardens. It lei yn in fruchtbere flakte, ticht by it plak dêr't de kust fan Syrië nei it Westen bûcht en tichteby it greate eilân Cyprus. Syn heit hie hjir in fornaem man west, bikend en yn oansjen by de trouwe Joaden, mar tagelyk ek boarger-fan-Rome. Dat Romeinske boargerrjocht hiene yn dy tiid tûzenen minsken yn Syrië en Asia en ek Saulus hie it troch syn heit. Oaren hiene it krige as in hege gunst, mar soms, as de iene of oare keizer om jild forlegen wie, koe men it keapje foar in fikse som. It wie ek wol hwat wurdich; Saulus sels hat der letter mear as ien kear tige foardiel fan hawn....
It wie yn dizze stêd, dat er nou wenne en dat er wachte op 'e tiid, dat God him útstjûre soe nei de heidenlannen. Nei it timpelfisioen yn Jeruzalem, tocht er fêst, dat it net lang mear duorje soe. Ynpleats waerd it wol sa'n fjirtjin jier, alteast net folle koarter. It moat him tige swier fallen wêze, to-mear om't er mei de hannen de kost fortsjinje moast. Lyk as de measte Farizeën wie er net in man mei jild en hie er by syn stúdzje ek noch in fak leard: it tinte-meitsjen.
Hy sil it, mei syn baernende leafde foar Kristus, ek yn Tarsus wol net litte kinnen ha, om yn 'e synagoge it evangeelje to forkundigjen, mar folle hat it yn elk gefal net jown en it wie net it greate, wide wurk, dêr't syn hiele hert nei útgyng. It moat him wol swier fallen wêze, dat lange wachtsjen en hy sil wol ris tocht ha: Hwerom moat dat nou sa? Myn bêste jierren geane foarby en as it Gods tiid is, bin ik in man op jierren en wurdt it reizgjen safolle swierder. Miskien, dat er dan wer treast foun yn 'e Skrift, yn dy âlde forhalen fan Jozef en fan Mozes, dy't ek geduld leare moasten, ear't God har brûke koe ta Syn wurk. Hoe't it ek west hat, ien ding is wis: hy hat net twivele oan syn ropping, dy't er heard hie út Jezus' eigen mûle....
En ienkear alteast hat er dêr yn Tarsus hwat greats bilibbe, hwat dat er syn libben lang net wer forgetten hat. Hy wist sels net hoe 't it krekt wie: fisioen of werklikheit, mar op in kear waerd er optein yn Gods Paradys, yn 'e himel, en dêr hearde er de stim des Heare: wurden dy't gjin minske oait wer neifortelle kin en dy't er net iens sizze mèi mei syn sûndige lippen. Sok in hearlike iepenbiering hie foar him noch noait in minske hawn: Abraham net iens, dy't spriek mei God as in man mei syn freon en Mozes net op 'e berch Sinaï en sels Petrus net en de oare apostelen. It makke him sa bliid, dat er nou fuortoan, tocht er, alles wol drage koe.
* * *
Net lang nei dy tiid krige er lykwols in pynlike kwael, dy't him tige hindere by syn wurk. Yn ien fan syn brieven hat er der letter oer skreaun en dat it tige slim wie, docht wol bliken út 'e wurden dy't er brûkte: ‘dat ik net greatsk wurde soe is my in toarne jown yn it flesk, in ingel-fan-satan om my mei fûsten to slaen.’ Hy skreau der net by, hwàt it wie: dizze apostel wie gjin man om to kleijen oer syn eigen lêst!
Trije kear bea er mei ynmoed ta de Heare, oft Er him forlosse woe fan dy slimme kwael; net om't er it net drage koe, en net om't er it ûnrjochtfeardich foun, - wie er net de slimste fan alle sûnders, hy dy't Kristus forfolge hie? - mar om't it him bihinderje moast yn syn apostelwurk. Hwat hie de hege God oan in tsjinner, dy't swak wie en mei in kwael bisocht? Wie it al net slimmernôch, dat er al net sa jong mear wie en dat syn krêften minderen? Nei dat tredde gebet spriek de Heare him jitris oan: ‘Bid my net mear oer dizze saek, Saulus! Dû bist bang, datstû to swak wêze silst om myn wurk to dwaen? Ik siz dy, dat ik krekt swakke tsjinners brûke wol, hwant myn krêft wurdt folbrocht yn har swakkens.’
It sil sels foar in man as Saulus net maklik west ha om dat to leauwen en hwa wit, hwat it him koste hat om him del to jaen ûnder Gods wollen. Mar hy hàt it leard en doe't lang-om-let de tiid der wie, hat er mei syn swak lichem, yn 'e krêft des Heare, greate dingen dien en it evangeelje fan Kristus útdroegen yn 'e lannen fan Asia en yn Grikelân en oant yn Rome ta....