salang bleau er mar boppe; der wiene wol minder plakken yn it leartouwers-hûs as hjirre op it romme dak, mei it útsicht op 'e sé, dy't to blinken lei yn 'e sinne.
En ûngemurken, sûnder dat er it sels earst wist, rekke er bûten himsels; hy seach de huzen fan 'e stêd net mear en de wide sé net: hy seach allinne mar mear it djippe blau fan 'e loft en dêrfoar in machtich wyt lekken, dat oan 'e fjouwer hoeken dellitten waerd út 'e iepen himel. Doe't it leger kaem, seach er dat it fol bisten wie; greate en lytse, fûgels en krûpende dieren, rein en ûnrein, alles krioelde troch elkoar. Petrus draeide him om; in fromme Joad, al hie er noch sa'n honger, walge by it sjen fan sok ûnrein fé. Hwant ek fan 'e reine dieren yn dit wûnderlik lekken mocht er nou net mear ite: de ûnreine hiene ek de oare ûnrein makke.
En tagelyk wie der in stim út 'e himel, dy't sei: ‘Gean oerein, Petrus, slachtsje en yt!’ De apostel stie forslein. Mar dat koe dochs net, dat Godsels him oplei om de spiiswetten to brekken? Dit moast in forsiking wêze: de Allerheechste woe him hifkje, oft er wol trou wie yn dy dingen! En hast forheftich sei er: ‘Yn gjin gefal Heare, hwant ik haw noch noait yn myn libben hwat iten, dat ûnhillich wie of ûnrein.’ De stim út 'e himel antwurde: ‘Hwat Godsels rein forklearre hat, meistû net ûnrein neame!’
Ek dat lêste, kleare wurd fan God, koe Petrus net goedkrije. It kaem net yn him op, dat Jezus alle dingen nij makke hie en dat der nei syn offerdea gjin rein of ûnrein mear wie; hy hâldde mei hiel syn hert fêst oan de âlde Joadske wetten, dêr't er by great wurden wie en sels in stim út 'e himel brocht him net ta oare gedachten.
En jitris kaem it lekken del en wer sei de stim: ‘Slachtsje en yt!’, mar Petrus skodholle en sei: ‘Yn gjin gefal, Heare....’ Hy hearde mar al to goed, hoe't de Heare antwurde: ‘Hwat God rein forklearre hat, silstû net ûnrein neame!’, mar hy foroare der him net om. Sels doe't it lekken foar de tredde kear omleech kaem en dyselde stim him de tredde kear moanne, sei er koppich: ‘Né Heare, yn gjin gefal....’ Doe waerd it lekken omheechlutsen yn 'e himel en it fisioen wie foarby.... Der wie oars net mear to sjen as de wite huzeblokken fan 'e stêd en it griene lân en oer de blauwe sé de hege, ljochte loft....
Petrus wist noch net hwat er der oan hie. It moast in bitsjutting hawwe, dit himelsk gesicht, mar hy wist net hwat! Hy wie noch altyd yn 'e forbylding, dat er goed dien hie en it muoide him net, hwat er sein hie, mar dochs wie er ûnrêstich. Hy woe sa graech dwaen hwat de Heare him oplei, mar as er it nou net bigriep? En ûnreine spizen to iten, dat kòe er net dwaen, dat kòe de Heare net fan him fergje!
Under yn 'e strjitte hearde er stappen en in lûde stim frege: ‘Wennet Simon hjir, dy't de bynamme Petrus hat?’ Hy harke der nei, mar syn hert wie der net by. Dat lekken.... Dat ûnbigryplik wurd út Gods mûle.... En dêrmei wie der wer in stim, net lûd lyk as dy earste kearen, mar dochs dúdlik: ‘Sjoch, dêr binne trije mannen dy't om dy sykje: jow dy op, gean nei ûnderen en tsjoch mei har, sûnder dy to birieden, hwant Ik haw se stjûrd.’
Binijd gyng er de trep del. Yn it foarperteal stiene trije mannen: twa slaven en in Romeinsk soldaet. Heidenen.... Koe er dy yn 'e hûs biede en mei har ite en.... En doe wist er ynienen hwat dat gesicht bitsjutte! God woe him leare, dat er gjin ûnderskie mear meitsje mocht tusken rein en ûnrein, dat er frij yn in heidensk hûs gean mocht en mei heidenen ite. ‘Hwat God rein forklearre hat, silstû net ûnrein neame.’ It gyng tsjin alles yn, dat er oait leard en leaud hie, mar hy moast him der by deljaen: God soe it wol better witte as hy!
‘Hwat is de reden’, frege er freonlik, ‘dat jim hjir kommen binne?’ Ien fan 'e mannen antwurde: ‘Wy steane yn tsjinst fan Cornelius, in centurio to Caesaréa, in rjochtfeardich man, dy't God frezet en dy't tige yn oansjen is by de Joaden yn 'e stêd; dy hat in iepenbiering krige fan God troch in hillige ingel, dat er jo biede moast yn syn hûs, om fan jo to hearren, hwat er dwaen moat om frede to finen foar syn hert.’
Petrus hoegde him net mear to bitinken. ‘Ik sil mei jimme gean’, sei er, ‘mar kom earst yn 'e hûs; ik moat noch ite en jim sille honger biroun ha. Moarn, as jimme goed útrêste binne, geane wy op reis.’ De trije mannen bûgden tankber; nei hwat Cornelius har forteld hie, twivelen se der net oan, dat Petrus mei gean soe, mar op sa'n ûntfangst hiene se dochs net rekkene.
En sa kaem it dy oerdeis, dat Petrus, de foarman fan 'e Hebreën, mei ûnbisnienen iet yn it hûs fan in leartouwer. As it net sa'n great en wichtich ding west hie, hie er der om laitsje kinnen! In dei earder hie er it foar gjin jild yn 'e wrâld dwaen wollen, mar nou, nei dat fisioen op it dak, wie alles oars. Foar him wie der gjin ûnderskie mear tusken rein en ûnrein, tusken Joad en heiden, tusken in soan fan Abraham en in soldaet fan 'e Italiaenske kohorte. Hy siet mei ûnbisnienen oan 'e tafel en, o wûnder, it smakke der him net minder om!
Mar al wie de apostel Petrus dan sa fier, dat woe noch net sizze, dat ek de oare alve en de gemeente to Jeruzalem it allegearre goed fine soene. It lei Petrus by, dat der noch hiel hwat ûnienichheit út fuort komme koe en dat er nei de reis nei Caesaréa rekkenskip fan syn dieden jaen moast. Om op alles klear to wêzen,