Petrus en de gemeenten
269
Mei de bikearing fan Paulus hâldde de wrede forfolging fan 'e Gryksken op; it like wol oft hy allinne it trochset hie en oft de oare Farizeën der de moed net foar hiene. Net allinne yn Jeruzalem, mar oeral yn Juda en Galiléa en Samaria koene se rêstich gearkomme en it evangeelje forkundigje en it Sanhedrin lei har neat yn 'e wei. Der kamen ek altyd noch wer nije leden by, al gyng it net mear by greate tallen tagelyk, sa as yn it earst. En net allinne dat it tal fan 'e discipelen noch aloan greater waerd, mar har leauwe waerd sterker en hja tsjinnen de Heare lyk as it hearde en sa't de apostelen it har learden.
Hwant al dy gemeenten, oft der allinne Hebreën of ek Gryksken by hearden, stiene ûnder it taforsjoch fan 'e tolve en skikten har ûnder de lieding en de tucht fan 'e apostelen, dy't fan tiid ta tiid in rounreis makken en oeral kamen. Op ien fan dy reizen barde it, dat Petrus to Lydda kaem, in doarp oan 'e wei nei de havenstêd Joppe, sa'n fyftjin kilometer fan 'e kust. Hy waerd mei blydskip ûntfongen en hy trof der in man, Enéas, dy't al acht jier lam west hie en al dy tiid lein hie; hy koe net stean en moast as in bern holpen wurde. Petrus hie tige meilijen mei him, hwant al fielde de lamme him ryk yn Kristus, dêrom wie it wol in swier krús, dat er to dragen hie. Hy fielde, dat de Geast oer him kaem en dat er krêft hie om de man to helpen en wylst er him sterk oanseach spriek er: ‘Enéas, Jezus Kristus makket dy soun: gean oerein en spried dyn bêd.’ En daliks riisde de lamme oerein en die hwat de apostel sein hie. Net allinne yn it doarp sels, mar ek yn 'e hiele kust-streek waerd dit wûnder bikend en gâns minsken bikearden har en waerden doopt.
* * *
Petrus wie net fan doel om lang yn Lydda to bliuwen, mar hy rekke noch earder fuort as er tocht hie. Der kamen in pear mannen út Joppe by him om to freegjen, oft er daliks by har komme woe: de gemeente yn Joppe hie har stjûrd en seach tige nei him út. Yn it koart fortelden se hwat der bard wie: der wenne yn 'e stêd in rike frou, dy't ek by de gemeente hearde en tige folle goed die. Hja makke gâns klean foar de earme widdouwen en holp de minsken safolle as hja koe, mar nou wie se sa mar siik wurden en stoarn. It wie in slach foar de gemeente: hja wie noch net âld en koe sa min mist wurde. Fansels hiene se har al wosken en klear makke foar de bigraffenis, mar earst woene se wachtsje op Petrus. Hja lei op in boppekeamer, it koelste fortrek fan it hûs, mar de bigraffenis koe lykwols net in dei mear útsteld wurde. Dat as Petrus daliks mei gean woe? It wie mar in ûre of trije rinnen, dus dat wie gjin biswier....
Petrus bigriep fansels wol, hwat hja woene: hja hopen dat er Tabitha - sa hiet de frou - it libben wer jaen soe, mar dat doarsten se net rounút to freegjen. Hy koe it ek net bilove. As God it woe, dat er in wûnder dwaen soe, dan woe er wol graech, mar dit stie net oan him. Mar hy gyng al mei; dat koe noait forkeard wêze, hwant hy hie dôch al fan plan west om oer Joppe to reizgjen.
De beide mannen wiene tige bliid, dat er mei gyng en namen it as in goed teken; moedich gyngen se wer op stap, de selde lange wei werom en sadré't hja to Joppe wiene, brochten se Petrus yn 'e keamer dêr't de deade lei. It wie der tige fol; forskate widdouwen sieten om it bêd en hâldden de deade-klacht en allegearre hiene se de klean by har, dy't Tabitha by har libben makke en útdield hie. Skriemend kamen se by Petrus en fortelden hoe goed hja west hie. En nou lei se hjir op it deadsbêd en wie alles foarby.
En noch wist Petrus net hwat Gods wollen wie, oft er har it libben jaen mocht of net. Hy moast bidde, mar dat koe hjir net mei al dy froulju om him hinne; hy wonk en hja gyngen daliks de keamer út. Troch har triennen hinne glimken se: Petrus hie al sa folle wûnders dien, it soe mei Tabitha ek wol goedkomme.
Doe't er allinne wie mei de deade, knibbele er foar it bêd en bigoun to bidden; der wie gjin stim en gjin forskining, mar doe't er oerein gyng, wist er hwat him to dwaen stie. Hy bûgde oer it bêd en sei: ‘Tabitha, stean op!’ Hja sloech daliks de eagen op en gyng oerein sitten en Petrus joech har de hân en holp har fan it bêd. Doe rôp er de discipelen en de widdouwen en fortelde hwat der bard wie. Sa great as earst it fortriet west hie, sa great wie nou de blydskip.
* * *
It spriek fansels dat it wûnder ek yn 'e stêd bikend waerd; de measte minsken dy't der wennen koene Tabitha wol en wisten fan har forstjerren en in moai great tal leaude yn Jezus en liet har dope. Petrus hie dus to'n earsten wurk genôch to Joppe en hy bleau noch gâns in skoft yn 'e stêd. Om de iene of oare reden