stimmen heard, mar dat it Jezus wie, dat wisten se net en hwat er sein hie, hiene se net forstien.
* * *
Der wenne in discipel yn Damaskus, dy't Ananias hiet. In pear dagen nei de forskining fan Jezus op 'e wei nei de stêd, krige er in fisioen en rôp de Heare him. Hy hearde it sa dúdlik, as wie der ien by him yn 'e keamer: ‘Ananias’. Hy waerd net bang en sei rêstich: ‘Ja, Heare?’ De Heare spriek fierder: ‘Jow dy op en gean nei it hûs fan Judas en freegje dêr nei Saulus, hwant dy man is blyn en hat yn in gesicht sjoen, datstû him de hannen oplizze en genêze silst en nou bidt er en wachtet op dy.’
Ananias wie in tige from man en hy hie alles foar Jezus oer, mar dit koe er dochs net goedkrije. It wie net, dat er bang wie foar syn eigen libben, mar it koe net yn it bilang wêze fan 'e gemeente, as er dy wrede forfolger de eagen iepene. En krekt as destiids Mozes, doe't God him rôp yn 'e lôgjende toarnbosk, sei ek Ananias rounút, hwat er tocht. ‘Heare, ik haw heard, hwat dy man Jins hilligen to Jeruzalem oandien hat en nou is er hjir by ús kommen om elk to binen dy't Jins namme oanropt.’ De Heare antwurde: ‘En dochs moatstû gean, Ananias, hwant dizze man haw Ik útkard om myn apostel to wêzen en om myn namme út to dragen foar keningen en heidenen en foar Israëls bern en Ik sil him sjen litte, hwat er allegearre noch lije moat om myn namme.’
Ananias spriek net langer tsjin. Hy riisde oerein, gaspe de mulriem om en sette de stap nei it hûs fan Judas. Hy wie wûndere bliid. Hwat hiene se bang west, doe't hja hearden, dat Saulus fan doel wie om nei Damaskus en nou wie har slimste fijân in discipel fan Jezus. It wie him in hege eare, dat hy him de hannen oplizze en genêze mocht, en hy roun mei moedige stappen....
* * *
It wie al de tredde dei dat Saulus yn it hûs fan Judas wie en noch hie er gjin iten of drinken hawn; hy tocht der net iens oer, sa siet er oer syn sûnden yn en sa djip wie syn birou. Dat koart momint dat er foar Jezus stien en yn syn hillige eagen sjoen hie, wie er in oar minske wurden. Jezus fan Nazareth.... Nou't er him sjoen hie, net yn in fisioen, net yn 'e dream, mar fan antlit ta antlit, nou wist er dat er libbe en dat er Gods Soan wie. En hy, bline Farizeër dat er wie, hy hie bliid west om syn dea en hy hie syn discipelen forfolge! Stéfanus hie it wol goed sein: ‘Hokker profeet hawwe jim net deade?’ Hja hiene him de stêd útsleept en him stiennige, mar dat wurd hearde er nou noch, hjir yn Damaskus, safolle wiken letter.... Hoe koe it oait wer goed komme mei him, hoe koe er oait wer goedmeitsje hwat er misdien hie?
En dat er nou doch noch libje mocht, dat God noch nei him omsjen woe, dat Jezus sels him forskine woe, dat wie in wûnder. Soms tocht er, dat de Heare in doel mei him hie, dat er him brûke woe ta syn tsjinst.... Hy wie dat wurd noch net forgetten: ‘..en dêr sil dy sein wurde, hwatstû dwaen moatst!’ Hy siet stil. Om him hinne wie it noch tsjuster, mar ynienen wie it oft er sjen koe; in man kaem op him ta, in man dy't er noch noait sjoen hie, mar hy moast Ananias hjitte. Nou wie er by him en lei de hannen op syn eagen en doe koe er wer sjen.... Syn hert bounze. Dit hie in fisioen west, in iepenbiering fan God! Hy soe wer better wurde en sjen kinne. God tocht noch oan him. Oan him! En doe bitocht er, dat dy man dy't him genêze soe, ek wol in discipel wêze moast. As Jezus him net to-mjitte kommen wie, dan soe er ek dizze Ananias foar it Sanhedrin sleept ha. Hy huvere en hie in walch fan himsels. Doe bigoun er to bidden, lang en hertstochtlik.
* * *
Der wiene stappen en in doar dy't sloech. Hy hearde it risseljen fan in mantel en in blide stim, dy't sei: ‘Saulus, myn broer, de Heare hat my stjûrd, Jezus, dy't dy foarkommen is op 'e wei, datstû sjen meist en fol wêze fan 'e Hillige Geast. Hwant Hy wol dy stjûre nei de lannen fan de heidenen om har to bikearen fan 'e tsjusternis ta it ljocht, dat hja forjowing fan sûnden hawwe meije en it ivich libben.’
Hy fielde twa hannen op syn bûgde holle en tagelyk wie it as foel der in donker flues foar syn eagen wei: hy koe wer sjen! Foar him stie Ananias, de man dy't er al sjoen hie yn it fisioen en dêr't er op wachte hie. Mar dat er sa'n boadskip hawwe soe, dat hie er net tinke kinnen. Hy, de fijân fan Kristus' gemeente, hy soe in apostel fan Jezus wurde, de fûle Farizeër in apostel foar de heidenen. Wol ûnbigryplik great wie Gods genede.
* * *
Doe't Ananias fuort gien wie, fielde er hoe wurch er wie en hoe swak. Hy frege om iten en doe't er de spizen nommen en dronken hie, krige er syn krêften wer. Nou fielde er him wer soun en sterk, nou koe er alles drage, nou mocht God him útstjûre nei fiere lannen.... Miskien wie it mar goed, dat er doe noch net wist, hoe lang't er noch tiid dwaen moast, ear't er syn apostelwurk opnimme mocht....