dochs wis elk mar net dope, dy't om it wetter frege?
Mar it wie ek wer wier, dat de Heare Jezus sels yn Samaria wurke hie en dat er de deis fan syn himelfeart sein hie, dat hja syn tsjûgen wêze moasten yn Juda en Samaria en oant ierdryks einen. Gyng dat wûndere wurd dan nou al yn forfolling? Né, hja mòchten bliid wêze mei dy nije gemeente fan Samaritanen, ek dêr wurke God, mar hja soene der al hinne om to sjen oft alles wol wie, sa't it hearde to wêzen. Der waerd bisletten dat Petrus en Johannes de reis meitsje soene út namme fan al de apostelen.
Doe't hja yn 'e stêd fan Filippus kommen wiene, kaem de hiele gemeente gear om nei har to harkjen. De beide apostelen fregen, hoe't alles gien wie en doe't hja hearden, hwat greate dingen hjir bard wiene en doe't hja seagen, hoe great de leafde fan al dy minsken wie, en hoe bliid hja wiene, dat ek hja Jezus foun hiene, doe wie der allinne mar tankberens yn har hert. Filippus hie goed dien, syn wurk mocht net ûngedien makke wurde, de doop hoegde net oerdien to wurden! Ek dizze Samaritanen hearden by de Tsjerke fan Kristus.
Der ûntbriek allinne mar ien ding: hja hiene de Hillige Geast noch net ûntfongen, mar ek dat kaem har ta! En doe't hja in gebet dien hiene, leine se har de hannen op en tagelyk foel de Geast ek op har: hja sprieken mei tongen en profetearren. Nou wie it dan foar elken-ien dúdlik, dat de gemeente yn Samaria neat minder wie as dy to Jeruzalem en dat de genede fan Kristus likegoed foar de Samaritanen wie en allegearre wiene se wûndere bliid.
* * *
Ek Simon hie sjoen, hoe't de Hillige Geast delkommen wie op 'e minsken fan syn stêd en hy hie gjin each fan 'e beide apostelen ôf. Hy fielde, dat dy beide mannen út Jeruzalem dochs noch heger amt hiene as Filippus en hy wie djip forslein oer har macht. Hja leine immen de hannen op en daliks wie der de Hillige Geast! Dat wie noch hwat oars as in lamme rinne litte en de démonen útdriuwe! Oan't nou ta hie er heech by Filippus opsjoen, mar nou woe er wurde as Petrus! Hy gyng op 'e apostelen ta en sei: ‘Ik bin ek in learaer en ik hie gâns ynfloed hjir yn 'e stêd, ear't Filippus kaem, mar ik bin ta it ynsjoch kommen, dat er mear koe as ik en dêrom haw ik my dope litten. Mar nou wit ik, dat jimme noch greater macht hawwe as hy en nou bin ik ré om jimme in stik jild to jaen, as jim my dy macht ek jowe. Ik kin it goed dwaen, dat ik wol in fikse som bitelje: it is my wol hwat wurdich, dat ik wurd lyk as jim en dat elk de Hillige Geast ûntfangt, dy't ik de hannen opliz.’
Petrus wist net hwat er hearde. Wie dit in man, dy't de doop ûntfongen hie, dat er Gods Geast en it apostelskip keapje woe foar jild? Mar sa'n ien hearde net by de gemeente. Hoe koe er nou tinke, dat hjà biskikke koene oer Gods Geast, dat it wûnder barde troch hàr krêft? It wie dûdlik, dat er noch neat wist fan God en fan Syn genede en dat er in gefaer wie foar dizze jonge gemeente. En wylst syn eagen fûnken fan forûntweardiging, sei er skerp: ‘Dyn jild mei forgean en dûsels derby, omdatstû mienst, dat de heechste jefte fan God, Syn eigen Geast, foar jild to keap is. Part noch diel hastû oan 'e forkundiging fan dit Wurd, hwant dû hast God net wierlik leaf mei dyn hert. Bid dan, dat de Heare dy dizze sûnde forjaen mei, hwant dû bist dizze gemeente ta in bittere galle en ta in tizelnet om har to fangen yn it kwea.’
Simon waerd kjel fan dizze skerpe torjochtwizing. Hy fielde noch net hoe forkeard er dien hie, hy hie ienfâldich gjin each foar geastlike dingen, mar bang waerd er al. Dy Petrus, dy't mei syn hannen allinne de Geast delkomme liet, dy koe him ek straffe en hastich sei er: ‘Bid jimme dan de Heare, dat er my forjaen mei en dat syn oardielen net oer my komme!’
Petrus sil wol foar him bidden hawwe, mar oft Simon letter ek noch ta bikearing kommen is, is net bikend. De beide apostelen binne al gau weromgien nei Jeruzalem en ûnderweis hawwe se yn forskate doarpen fan Samaria it evangeelje brocht.