foar, dat de timpel net altyd bliuwe soe en dat Kristus alle dingen nij meitsje soe. Dat seine se ek roun-út en dat koene de oaren dan net sette en, sûnder dat hja it woene, tochten se dat dy Gryksken, dy't sa lang tusken dat heidenfolk wenne hiene, dochs wol hwat in minder soarte Kristenen wiene!
Mar bihalve dat forskeel oer de wet en de timpel, wie der noch hwat, dat de spanning tusken de beide groepen greater makke: de kwesje fan de steun oan 'e widdouwen en de earmen. De gemeente siet sa rom net mear yn it jild as earst, en dat, nou't der aloan nije leden bykamen en der altyd mear nedich wie. Wol kaem it noch foar, dat inkelden fan har fêstichheden forkochten, mar it barde net sa faek mear as yn it earst; it koe ek net altyd sa trochgean: sels de fromme Barnabas koe syn lân mar ien kear forkeapje! Dat it jild bigoun krap to wurden en de mannen, dy't it foar de apostelen fordiele moasten, - allegearre Hebreën! - hiene net mear genôch om hannen om de earmen daliks foar in wike steun to jaen; hja moasten der alle dagen by lâns en faek wisten se sels net, hwêr't se it jild of it iten foar de oare deis wei-helje moasten. Dat fan need moasten der soms guon foarby en dan kaem it almeast sa út, dat de widdouwen fan 'e Gryksken oerslein waerden. Dy koene se nou ienkear sa goed net en der wiene guon by dy't frjemde famylje hiene en dy't har net al to krekt oan 'e Joadske wetten hâlden. Sokke ‘healen’ koe men dochs net meiparte litte as de Hebreën al oan 'e krapperein kamen?
Fansels koe dit net lang sa bliuwe; de Gryksken dy't it fan âlds by har synagogen hiel oars wend wiene, biklagen har by de apostelen. ‘Binne wy soms minder as de oaren,’ seine se bitter, ‘dat ús widdouwen oerslein wurde by de útdieling? En moatte dy Jeruzalemmers, dy't ús net kenne en neat fan ús lân en omstannichheden witte, dan mar útmeitsje hwa't fan ús rjocht op steun hawwe? Binne wy dan net goedernôch om ús eigen saken to bioarderjen?’
De tolve bigriepen, dat der foroaring komme moast; as dit skeel net bylein waerd, soe it noch oanboazje en soe de gemeente yn twaën gean. En dat mocht ta gjin priis! Hwat mocht it folk fan Jeruzalem wol tinke, as de gemeente, dêr't hja sa heech by opseagen, mei rûzje útinoar gyng? Dizze saek moast oplost wurde en dat koe net mear mei in pear freonlike wurden, dêr foar wie der to folle bard; hjir moast rjocht dien wurde.
Hja rôpen de gemeente gear en de apostelen namen it wurd en seine hwat der barre moast. ‘Wy sjogge nou yn, dat it net goed west hat en lit de útdieling oan 'e earmen allinne oan 'e Hebreën oer; it hie better west, as wy it sels dien hiene. Mar nou't de gemeente sa great wurden is, kinne wy dit der net mear by nimme: it jowt gjin foech, dat wy om dit wurk de forkundiging fan it wurd forsomje. It sil it bêste wêze, dat der sawn mannen keazen wurde út 'e groep fan 'e Gryksken, mannen dy't goed bikend stean en fol binne fan 'e Hillige Geast en fan wysheit en dat dy al dizze saken regelje neffens har bêste witten. En wysels sille foargean yn 'e gearkomsten en it Wurd forkundigje yn 'e gemeente en foar it folk.’
Der wie net ien dy't biswier tsjin dit útstel ynbrocht en sa waerden der sawn mannen keazen, dy't to-nei de earmen forsoargje soene en de lieding hawwe fan 'e Gryksken. De earste fan 'e sawn wie Stéfanus, in man dy't yn it bysûnder fol wie fan 'e Geast, de lêste wie Nicolaüs, in proselyt út Antiochië. En sels tsjin dizze man, dy't yn earder tiden in heiden west hie en dy't gjin Joadske âlden hie, makken de Hebreën gjin biswier.
Nei't de apostelen har de hannen oplein en in gebet dien hiene, bigounen de sawn har wurk; sûnt dy tiid kamen der gjin klachten mear fan 'e earmen en wie der gjin sprake mear fan ûnienigens. De ienheit wie biwarre bleaun yn 'e jonge tsjerke fan Jezus Kristus en noch altyd lieten forskate minsken har dope en woun it tal fan 'e bruorren oan. It wie yn dy tiid, dat forskate preesters, dy't oan't nou ta fijannich west hiene, it evangeelje oannamen en har by de gemeente joegen.