de haedman sei hastich: ‘Hear, wy hawwe de doarren fan 'e finzenis sletten foun, krekt sa't it foarskreaun is en de wachten stiene op har post, mar doe't wy der yngyngen, wie de keamer leech en de tolve wiene der net mear.’
Kajafas waerd wyt fan lilkens. Nou wie alles klear om dy mannen to straffen en nou soe it noch mislearje! Dy wachten hiene har fansels ûntkomme litten en nou seine se mar gau, dat der in wûnder bard wie! Op dat pas gyng de doar wer iepen en in boade kaem de seal yn. Hy bûgde djip. ‘Sprek op’, sei de hegepreester. Dit wie gjin tiid foar plichtplegingen. De man sei syn boadskip, koart en klear: ‘Dy mannen, dy't jimme yn 'e finzenis set hawwe, dy steane nou yn 'e timpel en leare it folk.’
De hegepreester bisaude him. Soks koe men nou forwachtsje fan sokke Galiléers! Dat siet yn it tichthús, om't hja it folk leard hiene en noch mar krekt wiene se bûten, of hja diene it wer. It wie in hún foar it Sanhedrin, dat moasten sels de Farizeën ynsjen. Dizze kear soene se der net maklik ôfkomme, dy tolve apostelen.
En op 'e nij gyng in ôfdieling fan 'e timpelwacht op mars om de tolve op to heljen, mar dizze kear gyng de kommandant sels mei. Hja hiene de wapens by har, mar pasten wol op dat hja se net brûkten: it folk dat yn drommen om 'e apostelen hinne stie, soe by steat wêze om har to stiennigjen. De kommandant sei strang, dat it sprekken op it timpelplein forbean wie en dat er opdracht hie om har foar de rjochters to lieden. Fansels koene se har twinge, mar as hja rêstich mei gean woene, hoegde er har net to binen.... It wie in pak fan syn hert, doe't Petrus sei: ‘Wy moatte de machten dy't oer ús steld binne, hearrich wêze, dat wy sille frijwillich meigean.’
Fluch rounen se oer it timpelplein nei it rjochtsgebou. It folk seach har earbiedich nei en de apostelen wisten, dat hja mar ien wurd hoegden to sizzen en de hiele skare soe op 'e wachters oanfalle. Mar dat mocht net. Dizze nacht hie in ingel har bifrijd út 'e finzenis en har oplein om yn 'e timpel to forkundigjen de wurden fan it ivich libben en dat hiene se dien, mar it koe Gods wollen net wêze, dat hja it folk ta opstân oansetten. It wie nou har plicht om ek foar de hege Rie to tsjûgjen fan har Heare. Gjin ien wist, hwat har dêr wachte, mar bang wiene se net: ek foar it Sanhedrin wiene se yn Gods hân....
* * *
Kajafas seach har forgrime oan, doe't hja dêr stiene foar syn rjochterstoel. Hy frege net, hoe't hja dy nachts út 'e finzenis kommen wiene, dat koe him neat skele, mar strang sei er: ‘Hawwe wy jim net mei greate klam oplein om net wer to learen yn dizze namme, en sjoch, jim hawwe makke dat Jeruzalem der fol fan is! Jimme lizze it der op oan it bloed fan dy Jezus op ús holle to bringen.’
Ut namme fan allegearre antwurde Petrus: ‘It is wier, dat wy jimme gebot oertrêdde hawwe, mar dat wie, om't God ús oplein hie to sprekken: wy moasten mear nei Him as nei jimme harkje. En hwat de namme fan Jezus oanbilanget, dy't wy forkundigje: de God fan ús âffears hat Jezus opwekke en hat him forhearlike om Israël bikearing to jaen en forjowing fan sûnden. Hwant hy libbet, wy hawwe it mei eigen eagen sjoen en dêrom tsjûgje wy aloan, wy en de Hillige Geast, dy't God jowt oan dy minsken, dy't nei Him harkje.’
De Sadduceën sprongen oerein, it gesicht forlutsen fan grime. Dat lieten se har net sizze fan sa'n Galiléer! It wie net wier, dat dy Jezus opwekke wie, it koe net en dat lêste, dat God syn Geast allinne joech oan hwa't nei Him harken, dat sloech op har! Dy fiskerman út Galiléa forwiet de hegepreester fan Israël, dat er net nei God harkje woe! En forheftich seine se tsjin de oare riedsleden: ‘Wy hawwe dizze mannen foarbrocht om har in strange straf op to lizzen, yn 'e forhoping dat hja dan ophâlde soene mei learen yn 'e timpel. Mar nou hawwe jimme sels heard, dat dizze minsken net oars wolle en dat hja de Hege Rie mei opset sin misledigje. Dat nou kinne wy net mear to-freden wêze mei in gewoane straf en wy easkje dat hja stiennige wurde.’
It waerd stil en alle eagen seagen nei de stuollen fan 'e Farizeën: as dy ek foar de dea-straf wiene, dan wie it lot fan 'e apostelen bisegele. De tolve sels wisten ek, dat it nou om dea of libben gyng, mar bang wiene se net.
Ien fan 'e Farizeën riisde oerein, in âld en earweardich wetgelearde, Gamaliël, dy't om syn wysheit en frommens yn oansjen wie by it folk. ‘Ik wol graech dat de finzenen de seal útbrocht wurde, dat wy frij-út prate kinne.’ En doe't de apostelen bûten wiene, forfette er: ‘Jimme mannen fan Israël, bitink jim wol goed, ear't jim dizze minsken kwea dogge. Hwant der hawwe earder mannen west, dy't har útjoegen foar de Messias, Theudas bygelyks en Judas de Galiléer, en gâns minsken leauden yn har en folgen har yn 'e striid tsjin 'e Romeinen, mar allegearre binne se forsille en har biweging is to neate roun. Sa sil it ek mei dizze minsken gean: as har wurk út minsken is, dan sil it tobrutsen wurde. Mar it kin ek oars wêze en as it út God is, hwat hja dogge, dan sille jim it net tobrekke kinne. Dêrom siz ik jimme: bliuw fan har ôf en deadzje har net, hwant it mocht ris bliken dwaen, dat jim tsjin Godsels striden hawwe.’
Nei de wurden fan 'e wize Gamaliël, doarsten de