en ieten mei in fleurich en tankber hert. Der wie ek altyd folop en elk koe krije hwat er nedich hie, hwant dy't it goed dwaen koene namen ek mei foar de earmen: it kaem net to pas, founen se, dat de iene út 'e romte iet en fan it bêste, en dat de oare mar heal sêd waerd.
Mar it hichtepunt fan har gearkomsten wie dochs altyd wer it hillich Nachtmiel, sa't de Heare sels it ynset hie, de nachts fan syn lêste Peaske. Ien fan 'e apostelen, of as dy der net by wiene, ien fan 'e oare discipelen, briek it brea en dielde it om en nei it brea gyng de beker roun. ‘Dit is myn lichem’, spriek er dan, en ‘dit is myn bloed, dat foar mannichten forgetten wurdt ta forjowing fan sûnden’, en by dy plechtige wurden wie it, oft Jezus sels yn 'e keamer stie om har oan to sizzen, dat al har sûnden forjown wiene. Dan tochten se wer oan syn bittere dea, mar ek oan alles dat letter kommen wie: de opstanning, syn forskining en syn himelfeart en har hert roun oer fan tankberens om alles dat er foar har dien hie. En dan wisten se ek, dat hja ré wiene om ek foar him alle smaed en lijen to dragen, as it wêze moast de dea! Hwant it soe sa net altyd bliuwe, dat hie de Heare dúdlikernôch sein en dat hie ek al bliken dien, doe't Petrus en Johannes foar it Sanhedrin stiene. In twadde kear soe it har fêst sa goed net ôfgean! Hwant nou, nei dat wûnder oan 'e kreupele bidler, en nei al de oare tekens dy't de apostelen diene, achte it folk har heech en mochten se graech nei har harkje, mar ek dat soe noch wol oars wurde. De Sneins ‘Hosanna’ en de Freeds ‘Oan it krús!’ As it sa gien wie mei Jezus, hoe soe it dan oars gean mei har?
Mar dêr mochten se har nou noch net ynjaen; de tiid dy't har noch barre mocht, soene se brûke om it evangeelje fan Jezus to forkundigjen. Dat diene se trou, it meast yn 'e timpel dêr't hja alle dagen hinne gyngen. Hja wisten nou wol, dat de timpel to Jeruzalem net bliuwe soe, mar hja tochten net oars, as mei de timpel soe de ierde ûndergean en dan soe de Heare delkomme en alle dingen nij meitsje. Dat de timpel yn flammen opgean soe en dat it libben dan dochs trochgean soe, ieuwen en ieuwen oan-ien, dat koene se har net yntinke; it teken fan it foarkleed fan 'e timpel, dat skuord wie, doe't Jezus stoar, dat hiene se ek nou noch net bigrepen. Dat hja gyngen trou elke dei nei de timpel to bidden en faek sprieken se dan ta it folk yn it foarhôf. It wie har wol forbean, mar dêr lieten se it net om: as de Geast har dreau ta sprekken, dan soe gjin driging fan minsken har der fan ôfhâlde....
* * *
It spriek fansels, nou't de gemeente sa great wurden wie, dat der allerhanne soarte minsken by hearden: âlden en jongen, mânlju en froulju, riken en earmen, frijen en slaven, en dan fansels gâns mear earmen as lju mei jild. Mar ek dat wie gjin biswier: hja fielden har ien yn har leafde ta Jezus; de riken seagen net út 'e hichte del op hwa't it sa goed net dwaen koene en dy skammen har har earmoede net en namen tankber oan, hwat de apostelen har joegen. Fan it bigjin oan hie it al sa west, dat de tolve soargen foar de earmen en foar elk dy't net rounkomme koe en der hie altyd noch jild genôch west om elk to helpen.
Der hearde by de gemeente in man, dy't op Cyprus wenne hie, in Levyt fan komôf, mei de namme Jozef, dy't lân hie by Jeruzalem. Doe't er hearde, dat de apostelen jild brek wiene om de earmen en de widdouwen to helpen, wie er hinnegien en hie in stik lân forkocht; de opbringst, in flink bidrach, hie er by Petrus brocht, dat hy koe mar omdiele mei de romme hân. Fansels founen se dat allegearre tige moai en sûnt hie Jozef de bynamme Barnabas krige, dat sokssahwat bitsjut as ‘Soan-fan'e-fortreasting’. Mar der wiene mear, dy't alles foar de saek fan Kristus oer hiene en fan tiid ta tiid forkochten ek oaren fan har bisit en leine it jild oan 'e fuotten fan 'e apostelen. En net allinne de gemeente wie der bliid om, dat hja safolle foar de earmen diene, mar ek it folk fan Jeruzalem hearde it en wie forslein, dat dy folgelingen fan Jezus sà mei elkoar libben en elkoar sà leaf hiene en mei greate earbied sprieken se oer de tolve en oer de oare foaroanmannen.
Mar it wie yn dyselde tiid, dat in pear leden fan 'e gemeente in great kwea diene en dat God de Heare delkaem mei syn oardiel. Hwant net allegearre, dy't har dope litten hiene, hiene alles foar Jezus oer en ek yn 'e jonge Tsjerke wurke de sûnde, dy't wennet yn alle minskeherten.
* * *
Der wenne doedestiids yn Jeruzalem in man, dy't Ananias hiet. Hy en syn frou Saffira koene it goed dwaen en hiene tichte by Jeruzalem in stik lân, dat har eigendom wie. Hja hongen tige oan har bisit, dizze beide minsken, mar dat bitsjutte net, dat hja gjin each hiene foar oare, heger dingen: hja hiene har dope litten en kamen tige trou yn 'e gearkomsten fan 'e gemeente. Dêr gyngen se, lyk as alle oaren, mei oan it nachtmiel, hja hearden mei greate earbied nei de apostelen en songen út in bliid hert de psalmen mei. Dat gjin ien fan 'e discipelen wist, dat hja dochs noch fêst sieten oan 'e dingen fan 'e ierde en dat de leafde ta Jezus har net it iene en it heechste wie. Hja wisten it sels ek net....
Doe't der al mear gemeenteleden kamen, dy't it foarbyld fan Jozef folgen en har fêstichheden forkochten om it jild oan 'e earmen to jaen, tochten Ananias