soun yn it formidden. Bikear jimme dan, dat jim sûnden forjown wurde meije, hwant ien kear sil er werkomme op 'e ierde om 'e sûnders to oardieljen, lyk as Mozes en de oare profeten sein hawwe. Hja sizze it ek ta jim, hwant jimme binne de soannen fan dy profeten en jim hawwe diel oan it forboun, dat God mei Abraham oprjochte hat....’
* * *
Petrus woe noch mear sizze, hy woe noch mear teksten bybringe om syn wurden wier to meitsjen, mar ûnforwachts kamen der in pear mannen op him ta en seine, dat er ophâlde moast. It wiene in pear preesters fan 'e timpelwacht en sels de kommandant wie der by. De oerpreesters hiene heard, dat in pear mannen yn 'e timpel de opstanning fan Jezus forkundigen en daliks hiene se opdracht jown om har op to heljen en foar it Sanhedrin to bringen. Dizze forkundiging moast in ein oan makke wurde, oars soe op it lêst it hiele folk noch leauwe, dat Jezus opstien wie en dat er dochs de Messias wie; hja hiene net om 'e nocht dy soldaten jild jown om to fortellen, dat syn lichem stellen wie....
Petrus en Johannes waerden net iens tige kjel, doe't hja de boeijen omkrigen en fuortbrocht waerden; it kaem har yn it sin dat Jezus sein hie, dat hja forfolging en fordrukking útstean moasten om him. Sels doe't hja hearden, dat it dy deis al to let wie om foar it forhoar en dat hja de nacht oer yn 'e finzenis bliuwe moasten, waerden se net bang. Hwat wie ien nacht yn it tichthús, by alles dat har Master lit hie? En al soe it útrinne op in strange straf, miskien wol op in giseling, dan noch soe it har in eare wêze, dat hja pine en smaed lije mochten om 'e namme fan Kristus.
* * *
De oare deis waerden hja al yntiids ophelle en yn 'e rjochtseal brocht. De kreupele, dy't nou net kreupel mear wie, stie al foar de tafel en dêrachter sieten de rjochters mei strange gesichten: Kajafas, de hegepreester, syn skoanheit Annas en noch mear út syn famylje. En dan fansels de gewoane leden, de Sadduceën en Farizeën en Wetgelearden, sawntich wize mannen om rjocht to sprekken oer twa discipelen, dy't oars gjin kwea dien hiene as in ûngelokkich man genêze.
De hegepreester bigoun mei de fraech troch hwat namme en út hokker krêft hja dizze man genêzen hiene. En wer naem Petrus it wurd. ‘Jimme lieders fan Israël en jimme âldsten fan it folk, as wy dan foar it rjocht moatte, net om it iene of oare kwea, dat wy dien hawwe, mar allinne om't wy in siik man goed dien hawwe, wit dan, dat wy dit wûnder dien hawwe yn 'e namme fan Jezus Kristus, dy't jimme krusige hawwe en dy't God opwekke hat út 'e deaden. Hwant dy Jezus wie net in forlieder, lyk as jimme mienden, mar hy wie de Messias, “de stien dy't de bouwers forachte hawwe, mar dy't fan God útkard is ta in hoekstien”, lyk as de psalmdichter seit. Allinne yn him is de sillichheit, hwant ûnder de himel is gjin oare namme, dy't ûnder de minsken jown is, dêr't wy troch sillich wurde moatte.’
It waerd stil yn 'e hege seal. Hwat Petrus sei, wie sà fan pas, dat hja der neat tsjin ynlizze koene. Der wie in wûnder bard, - de genêzene stie libben foar har! - dizze twa mannen hiene gjin kwea dien en it soe wol wier wêze, dat hja it teken dien hiene yn 'e namme fan 'e Nazarener. De hegepreester wonk nei de soldaten en Petrus en Johannes waerden bûten de seal brocht. Hja moasten wachtsje, hwat der oer har bisletten wurde soe; allinne de genêzene mocht nei hûs ta gean.
En wilens rieplachten de Sanhedristen oer de fraech, hwat der nou barre moast. It leafst hiene se de beide mannen in strange straf oplein, mar dat koe net om it folk: hja koene dochs net bêst immen giselje litte, allinne om't er in sike holpen hie? En dochs moast der hwat oan dien wurde. Dy Jezus wie stoarn en bigroeven, mar as nou dy alve discipelen yn syn namme sprieken, dan waerd it noch folle minder. As dat wûnder mar net bard wie! Mar it wie bard en alleman yn 'e timpel hie sjoen hoe't dy kreupele bidler dounse en sprong.... Der wie mar ien wei op: hja moasten dy Galiléers sa bang prate, dat hja net mear sprekke doarsten oer Jezus en dan soe it wiffe folk fan Jeruzalem alles wer forjitte.
Doe't de beide apostelen wer yn 'e seal stiene, naem Kajafas wer it wurd. Ut namme fan it hiele Sanhedrin forbea er har om to sprekken en wûnders to dwaen yn Jezus' namme. It kaem net to pas, dat minsken dy't net iens leard hiene, it folk ûnderrjochten en noch slimmer wie it, dat hja de minsken foarhâldden, dat de Nazarener opstien wie. It mocht net wer barre en as hja it àl wer diene, al wie it mar ien inkelde kear, dan soene se strang straft wurde: it Sanhedrin hie net om 'e nocht it rjocht om oertrêdders to giseljen en, as it moast, to deadzjen!
Petrus en Johannes waerden yn it minst net bang by al dy drigeminten; hja seagen Kajafas rjocht yn 'e eagen en sprieken: ‘God hat ús oplein om to tsjûgjen fan Jezus' opstanning en jim forbiede it ús: jim moatte sels mar útmeitsje oft wy nou dwaen moatte hwat jim sizze of hwat God ús oplein hat: yn elk gefal kinne wy neat bilove.’
De mannen fan it Sanhedrin forbieten har grime. Dat wiene nou in pear fiskermannen út Galiléa en dy doarsten it yn 'e kant to setten tsjin de heechste rjochters yn Israël! Hja wiene neat better as dy rebel