fan alle kanten kamen de minsken oanrinnen om to sjen, hwat dit bitsjutte. Hwat wûnder brûzjend lûd wie dat en hwat bitsjutten al dy tongen fan fjûr op 'e hollen fan dy Galiléers? Mar noch helte greater waerd har forbazing, doe't hja tichteby kamen en hearden, hwat dy minsken seine. Foar har wiene it net ûnforsteanbere klanken, mar allegearre, út hwat lân hja ek kamen, hearden se har eigen tael, de tael dy't hja as bern leard hiene fan har mem. In great wûnder wie it, mar it frjemdste wie noch, dat hja net fan gewoane dingen praetten, mar fan Gods greate wurken. Koe dat dan ek yn har eigen tael? Wie dan net allinnich it âld en hillich Hébrieusk, de tael fan 'e hillige skriften, geskikt om God der yn to loovjen, mar mocht dat yn 'e wurden fan al den dei? Dit wie sa great en sa nij, dat hja der ûntdien fan waerden en doe't der mar gjin ein oan kaem, - as de iene swijde foel der daliks wer in oaren-ien yn - doe seine se: ‘Sjoch, binne al dy mannen dy't dêr sprekke, gjin Galiléers? Mar hoe kin it dan, dat wy har hearre, elk yn 'e tael, dêr't wy yn berne binne? Hjir steane wy: Parten en Meden en Elamiten en ynwenners fan Mesopotamië; hjir binne feestgongers by út Juda en Kappadocië, út Pontus en Azië, út Frygie en Pamfylië, hjir binne minsken út Egypte en Lybië, Joaden en proseliten, Kretenzen en Arabieren - hwat mei dit dan wêze, dat wy har yn al dy talen Gods greate wurken forkundigjen hearre?’
En al greater waerd har binijing, al twingender har fragen; hja moàsten witte hwat dit wie, it lei har by, dat dizze dingen ek hàr oan gyngen, dat God ek hàr hwat to sizzen hie. Mar der wiene fansels ek oaren by en dy namen it har net sa nei en seine spottend: ‘Hja hawwe fêst to folle wyn hawn en binne dronken!’
As ien man riisden de tolve oerein; dit mochten se sa net gewurde litte! Net dat dy mannen hàr bispotten, wie slim, mar dat hja de spot sloegen mei de Hillige Geast, dat joech gjin pas! It wie Petrus wer, dy't it wurd naem en de skare taspriek.
* * *
‘Mannen fan it Joadske folk en jim allegearre dy't to Jeruzalem wenje, it is goed dat jimme mei fragen komme, hwant dit moatte jim witte en jim moatte myn wurden acht slaen. Fansels binne wy net dronken, sa ier yn 'e moarn: it is noch mar njoggen ûre! Mar hwat de profeet Joël sein hat, dat sjogge jim nou foar eagen. Jim kenne dat wurd: “En it sil wêze yn it lêstoan fan 'e dagen, sprekt de Heare, dat Ik fan myn Geast útstoarte sil oer alle flesk en jimme soannen en jimme dochters sille profetearje, en jimme jongfeinten sille gesichten sjen, en jimme âlden sille dreamen dreame.” Hjoed is dat wurd yn forfolling gien! Mar dan sil ek barre hwat de profeet fierder sein hat: “En Ik sil wûnders jaen fan 'e himel boppe, en tekens op 'e ierde ûnder, bloed en fjûr en reekwalm; de sinne sil yn tsjusternis foroare wurde en de moanne yn bloed, ear't de greate en trochlofte dei des Heare komt. Mar it sil wêze yn dy greate need, dat elk, dy't de namme des Heare oanropt, bihâlden wurde sil.” Nou dan, mannen fan Israël, as jimme rêdden wurde sille de deis fan it Oardiel, dan moat it al oars mei jim! Hwant jim hawwe Jezus de Nazarener, dy't de Messias wie en de Soan fan God, troch de heidenen oan it krús slaen litten, alhoewol't er safolle wûnders yn jim formidden dien hat. Mar sels dy greate sûnde kin jim forjown wurde, hwant Jezus is opstien út 'e deaden, lyk as David al profetearre hat. Hwant David seit yn ien fan syn psalmen: “Jo sille myn siele yn it deaderyk net forlitte en jins hillige sille Jo net oerjaen oan it fordjer.” Tochten jim, dat er dat sei fan him sels? Né, hwant it stiet bikend dat David wòl stoarn is en syn grêf is hjir noch altyd by jim yn dizze stêd, mar dit hat er profetearre fan Syn Soan, dy't nei him komme soe: Jezus, en dizze Jezus hat God ta Heare en
Kristus makke - mar jim hawwe him oan it krús slein.’
* * *
Doe't de skare dy wurden hearde, waerden hja tige forslein. Hja leauden hwat Petrus sei en hja bigriepen, dat hja in skriklike sûnde dien hiene en bang en triljend seine se: ‘....Hwat moatte wy dwaen, mannen bruorren? Is der noch bihâld foar ús, dy't Gods Messias formoarde hawwe?’
En bliid antwurde Petrus: ‘Jimme sille bihâlden wurde, as jim jim bikeare, hwant Jezus, dy't jim deade hawwe, hat oan it krús al jimme sûnden soend. Lit jim dan dope yn syn namme en jim sille de Hillige Geast ûntfange. Hwant oan jimme is de bilofte jown en oan jimme bern en oan allegearre dy't omfierrens binne, safolle as God der ta roppe sil.’ En mei noch gâns mear wurden stie er har der op oan om har to bikearen en yn Kristus to leauwen.
En doe kamen se, de iene nei de oare, en lieten har dope. Uren lang hiene de discipelen it der drok mei en oan 'e ein fan 'e dei wiene der by de trije tûzen doopt. De tolve wiene tige bliid en tanken God foar syn greate genede. Hwant hja wisten, dat it net troch har sprekken kaem en net troch it wurd fan Petrus, mar allinne troch de wurking fan 'e Hillige Geast, dy't wenne yn har hert en har noait wer forlitte soe....
* * *
Sa bigoun op 'e dei fan Pinkster, it feest fan 'e earstelingen, de Tsjerke fan Jezus Kristus op ierde mei in skare fan trije tûzen, dy't leauden yn him.