Himelfeart
259
It wie de fjirtichste dei nei de opstanning en yn de selde boppeseal to Jeruzalem, dêr't de Heare Jezus nou al twa kear forskynd wie oan syn apostelen, wachten se wer op him. Mar dizze kear wie it net de alve allinne, dy't gearkommen wie, mar allegearre dy't yn him leauden en to Jeruzalem wiene, meiïnoar sa'n hûndert tweintich man. Ek de froulju dy't Jezus folge wiene út Galiléa, wiene der en syn mem Maria en, foar de alderearste kear, de bruorren fan Jezus, de fjouwer soannen fan Jozef en Maria.
Oant nou ta hiene de healbroers fan Jezus net yn him leauwe wollen; der hie in tiid west, dat hja him mei alle gewelt fan syn wurk ôfhâlde woene, mar nou wiene se alhiel foroare. Yn dizze wiken nei de Opstanning wie Jezus oan Jakobus, de âldste fan 'e bruorren forskynd en sûnt dy blide dei leauden se alle fjouwer, dat hy de Messias wie. Nou hearden se ek by de rounte fan 'e discipelen en wiene heech yn oansjen, om't hja famylje wiene fan de Master. En lyk as al dy oaren, wachten se nou mei spanning, dat hy komme soe.
Hwant dizze kear kaem Jezus net ûnforwachts: hja wisten, dat er hjoed mei har ite soe en dat hja him allegearre sjen en hearre soene. Hja wisten ek, dat it de lêste kear wêze soe en dat wie suver in skaed oer har blydskip. Hwant al bigriepen se wol, dat it sa net bliuwe koe, en dat syn plak by God yn 'e himel wie, it gemis soe der net minder swier om wêze!
Mar doe't de Heare yn it formidden kaem, op it eareplak by de tafel en har seinge, doe forgeaten se alles en wiene allinne mar bliid. Dat er net allinne mei har prate woe, mar dat hja mei him ite mochten, dat wie har in teken, dat hja foar altyd by him hearden, dat er sels noch by har wêze soe, - hoe, dat wisten se sels net - as er opfearn wie nei de himel.
Oan 'e ein fan it miel spriek er har noch foar it lêst ta en hja harken mei stille oandacht. Jitris lei er har op dat hja letter oeral syn wurd en evangeelje forkundigje moasten, mar dat hja earst de Hillige Geast ûntfange soene. ‘Jim witte noch fan Johannes de Doper, hoe't dy jim doopte mei wetter, en dat er tsjin jim sei, dat der Ien komme soe, dy't doopte mei de Hillige Geast en mei fjûr. Dy Iene, dat bin ik en it sil nou net folle dagen mear duorje, dan sille jim doopt wurde mei de Hillige Geast. Bliuw dan yn Jeruzalem en wachtsje geduldich; twivelje net oft it wol komme sil, hwant ik haw it jim sein yn myn Heite namme.’
En dêrmei naem er de apostelen mei, de stêd út, nei de Oliveberch. Earbiedich rounen se efter him oan op dizze lêste tocht. It wie deselde wei, dy't se lâns gien wiene nei Jeruzalem, de Sneins fan 'e keninklike yntocht. Doe wie der in greate skare folk, en palmen op 'e wei en it bliid ‘hosanna’ fan 'e Galiléers; doe hiene se dreamd fan striid en forlossing en fan keningshearlikheit en it wie útroun op it krús en in bigraffenis. Mei ien slach wie al har hope forflein.... En nou wie alles dochs noch goed kommen; nou wie Jezus opstien út 'e deaden en hy wie dochs de Messias, de Kristus Gods. Hy gyng nou by har wei, mar ien kear soe er wer komme op 'e wolken fan 'e himel, de kening fan 'e hiele ierde! Dan soe er dochs noch it keningskip oangean en Israël soe heech en hearlik wêze mids de folken en alle heidenen soene bûge foar him! As it mar net al to lang mear duorre....
In pear dy't tichte by him rounen, fregen: ‘Heare, sille jo nou mei gauwens it keninkryk oer Israël oprjochtsje?’ Fol blide hope seagen se nei him op en wachten op syn antwurd. Hja hiene al hwat leard, dizze fjirtich dagen dat er sa mar delkaem út 'e himel en dan wer foar har eagen weiwaerd, en hja bigriepen wol, dat it keninkryk fan Jezus Kristus hiel oars wêze soe as de Farizeën learden, hiel oars ek as de Seloten dreamden. Hja tochten net mear oan in Messias, dy't mei it swurd yn 'e fûst, oan it haed fan syn folgers de Antonia-stins bistoarme, of de mars nei Rome weage, mar dat it in keninkryk oer Israël wêze soe en dat it âlde lân it greate midpunt wêze soe fan 'e ierde, dat tochten se fêst. En nou woene se sa graech witte, hoe lang it noch duorje soe en hoelang hja noch geduld dwaen moasten.
Noch ien kear naem de Heare Jezus it wurd. Hja moasten leare, dat nou alles oars wurden wie en dat fan nou ôf oan alle minsken, út alle folken, frij ta him komme mochten. Ieuwen lang hie Israël it útkard folk west, ieuwen lang gyng de wei nei God oer Jeruzalem, dêr't Er wenne yn 'e timpel, mar nou soe de timpel weinommen wurde en Jeruzalem soe yn flammen opgean en alle folken soene him like nei wêze. Ek dat koene se nou noch net bigripe, mar hy soe it har dochs sizze en it soe syn lêste wurd wêze, dat hja noait wer forjitte soene. ‘It komt jim net ta to witten de tiden en de gelegenheden dy't de Heit oan himsels hâlden hat, mar jim sille krêft ûntfange, as de Hillige Geast oer jimme komt, en jimme sille myn tsjûgen wêze en