nacht dat it net fange woe, sei er: ‘Nou wit ik hwa't dêr stiet: it is de Heare sels!’ Simon Petrus leaude it daliks. Hwa oars as Jezus koe sa'n teken dwaen en de fisken fan 'e mar yn har netten driuwe? Mar dan stie de Heare dêr nou to wachtsjen en mei it skip skeat it net op, nou't hja net mear roeije koene! Hy birette him net; fluch sloech er de mantel om, dy't er by it wurk ôflein hie en sprong yn it wetter. Sa wie er fan allegearre it earst by Jezus.
Op 'e wâl baernde in koalfjûr mei fisk en brea, mar foar acht mânlju wie der neat to folle. ‘Helje hwat fan 'e fisk, dy't jim fongen hawwe’, sei Jezus. Petrus gyng nei it skip, dat nou foar de wâl lei en meiïnoar hellen se it net op. Der sieten hûndert trije en fyftich greate fisken yn; dat it lichte net net skuorde wie in wûnder apart.
* * *
Fuort letter sieten se mei syn achten om it fjûr en Jezus spriek: ‘Kom, lit ús meiïnoar ite.’ Nou wie it suver wer as yn dy earste dagen, doe't hja mei him gyngen troch Galiléa en hja faek bûten ieten. Jezus wie wer de gasthear en hy dielde it brea om en de fisk, de spizen dy't er sa wûnderlik rémakke hie, op dit fjûr oan 'e kant fan it wetter.
Dizze kear hie er him net bikend makke, mar it wie ek net nedich, hwant alle sawn bigriepen se wol, dat hy it wie. It iten smakke skoan nei sa'n lange nacht en earst doe't hja sêd wiene, bigoun Jezus oer it doel fan syn komst. Fuort de Sneins fan syn opstanning hie er al mei Petrus praet en him syn sûnde forjown, mar de oaren moasten ek witte, dat alles nou wer goed wie en dêrom woe er nou mei him prate en him yn it bysûnder roppe ta it apostel-amt. Net mei strange wurden en mei forwiten soe er Petrus oankomme, mar lykwols soe er it fiele, dat er in great kwea dien hie.
‘Simon, soan fan Jonas’, spriek er earnstich, ‘hastû my mear leaf as de oaren?’ Biskamme bûgde Petrus de holle. Nei dy nacht by it fjûr wist er it wol better! Hoe hie er him oait sa boppe de oare discipelen sette kinnen? It wie goed, dat Jezus it him frege, dêr't syn freonen bysieten: hy hie hàr ek ûnrjocht dien mei dy greatske wurden yn 'e Peaske-seal. En démoedich sei er: ‘Né Heare, mar jo witte, dat ik fan jo hâld!’ Jezus antwurde: ‘Weidzje myn lamkes.’
Petrus doarst net wer opsjen. De Master wist dus fan syn leafde en hy mocht, lyk as de oaren, syn apostel wêze!
En wer naem Jezus it wurd. ‘Simon, soan fan Jonas, hastû my leaf?’ Al wer dy fraech! Mar hy hie it fortsjinne en sunich sei er: ‘Ja, Heare, jo witte dat ik fan jo hâld!’ Jezus sei tsjin him: ‘Hoedzje myn skiep!’
* * *
It wie stil en Petrus wachte fol spanning. Nou soe de Heare it dochs net wer freegje? Hy koe ommers dochs gjin oar antwurd jaen? Mar it wie wier, dat er Jezus trije kear forsake hie en miskien moast er nou ek trije kear syn leafde sizze.
En dêrmei frege Jezus jitris: ‘Simon, soan fan Jonas, hâldstû fan my?’ Petrus bûgde noch djipper; hy krige in kleur en de triennen baernden yn syn eagen. Hwat koe er nou noch sizze, de tredde kear? It wìe wier, dat er Jezus leaf hie; hy hâldde fan him mei hiel syn hert. ‘Ja, Heare’, sei er smeekjend, ‘jo witte alle dingen, jo witte dat ik fan jo hâld!’ En wer sei Jezus: ‘Weidzje myn skiep.’
En nei dizze kear frege er net wer; trije kear wie genôch foar de discipel dy't him trijeris forsake hie. Mar hy hie noch al mear to sizzen tsjin Petrus, krekt tsjin Petrus dy't sa bang west hie yn it hûs fan Kajafas en dy't ien kear stjerre soe as in held, in martler foar de saek fan Gods keninkryk. ‘Wiswier, wiswier siz ik dy’, spriek er earnstich: ‘doestû jong wiest, diest de gurle om en gyngste dêrstû woest, mar op dyn âlde dei silstû de hannen útstekke en in oar sil dy gurdzje en dy bringe dêrstû net wolst.’
Petrus bigriep hwat Jezus bidoelde: hy soe âld wurde, mar oan 'e ein fan syn libben soene de fijannen him nimme en him bine en him deadzje. ‘Gurdzje’, hie de Heare sein; sa neamden de Romeinen it as hja in kruseling mei touwen oan 'e krúspeal bounen. Hy seach him sels al hingjen, mar hy wist nou, dat er alles foar Jezus oer hie, dat er alles, ek it slimste, drage koe.
Hy hearde Jezus sizzen: ‘Folgje my’ en mei de oaren gyng er achter de Heare oan. Johannes en hy rounen it tichtst by him en doe waerd er nochris wer de âlde Petrus, dy't alles mar sei, hwat er tocht en dy't alles mei regelje woe. ‘Heare’, sei er, wylst er nei syn freon wiisde, ‘mar hoe komt it dan letter mei him?’ Jezus seach him forwitend oan. ‘Al woe ik, dat Johannes noait stjerre soe, Petrus, dan gyng it dy noch net oan! Folgje dû my en sit net oer de oaren yn!’
Biskamme roun Petrus fierder en sei neat mear.
* * *
Letter seine de oare discipelen, dy't ek dit wurd wer net goed bigrepen hiene, dat Johannes libje soe oan 'e Oardielsdei ta. Fansels hie Jezus dat net bidoeld en Johannes sels hie it sa ek net opfette; yn syn Evangeelje hat er dat letter dúdlik sein.