Reis nei Emmaüs
256
Yn 'e iere moarn fan dyselde Snein wiene twa fan Jezus' discipelen op reis gien, it Noarden yn, nei it doarp Emmaüs, dat wol fjouwer ûren rinnen fan Jeruzalem ôflei. Hja hearden net by de alve learlingen, dy't altyd by Jezus wiene, mar hja hiene dochs al heard hwat de froulju fortelden en hja wisten ek al, dat Petrus en Johannes it grêf leech foun hiene. Dat de Heare opstien wie út 'e deaden, en dat dêrom it grêf leech wie, dat koene se net leauwe. As hja noch hoop hawn hiene dat de Master libbe, dan wiene se fansels to Jeruzalem bleaun. Mar nou dreau it wurk wer en moasten se nedich nei hûs. Miskien wie dat ek mar it bêste en koene se sa noch it gaust forjitte, hwat hja trochmakke hiene dizze lêste dagen.
It wie stil op 'e wei en hja praetten lûd oer alles hwat der bard wie. Noch gjin wike wie it lyn, dat de Heare syn yntocht yn Jeruzalem dien hie en nou wie alles al foarby. Hja hiene fêst tocht, dat hy de Messias wie en dat er op dit Feest it keningskip oangean soe, mar nou wie it wol dúdlik, dat hja har forsind hiene: de Kristus Gods koè net hingje oan it krús en stjerre en bigroeven wurde.... En dochs wie er gjin gewoane rabbi en gjin forlieder, lyk as de oerpreesters mienden! Noch noait hie in minske sokke wûnders dien, noch noait earder hie in learaer yn Israël sokke wurden sprutsen. In great profeet, dat wie er yn elk gefal, mar de Profeet, né, dat koe er net wêze! ‘Ear't Abraham wie, bin ik....’, sa hie er it sels in kear sein op it timpelplein en nou wie er dochs net mear as in minske, dy't stoar yn 'e bloei fan syn jierren. En nei syn wrede dea foun syn lichem noch gjin rêst: it grêf wie leech en hwa wist, hwat der bard wie mei syn lyk. De froulju, dy leauden fêst, dat er opstien wie, mar hwa soe ôfgean op sokke forhalen? As der noch ien fan de alve by west hie - mar froulju....
* * *
Doe wiene der ynienen fuotstappen njonken har en in reizger roun mei har op. Sa fol wiene se fan alles dat der bard wie mei Jezus, dat hja him net iens heard hiene. Suver kjel rounen se troch en seine neat. Yn gewoane omstannichheden soene se bliid west ha mei selskip op 'e lange mars, mar nou wiene se leaver allinne. Hja koene net sa mar oer gewoane dingen prate, dêr wie har fortriet to great foar en oer de dingen dy't har sa nei oan it hert leine, doarsten se net bigjinne tsjin ien, dy't hja noait earder sjoen hiene.
En doe ynienen frege de frjemdeling: ‘Hwer hiene jimme it dochs sa drok oer ûnderweis?’ De beide mannen bleauwen stean, forslein en drôvich. Hoe koe er nou sa'n fraech dwaen? Bigriep er dan net, dat hja in great fortriet hiene, sa great, dat hja der net oer prate koene mei frjemden? Of wist er dan net hwat der foarfallen wie? En ien fan har, Kléopas, sei forheard: ‘Binne jo dan allinne in frjemdling yn Jeruzalem, dat jo net witte, hwat dêr dizze dagen bard is?’ De ûnbikende seach har freonlik oan en frege: ‘Hwat wie dat dan?’ Syn lûd wie sa fortroulik, dat hja net bang mear wiene en earnstich seine se: ‘Wy hiene it oer Jezus, de rabbi fan Nazareth, in great profeet foar God en foar it folk; hy wie machtich yn died en wurd, mar de lieders fan ús folk hawwe him oerlevere en him krusige. Mar wy hiene tocht, dat er de Messias wie, dy't Israël forlosse soe, en nou is it ynpleats de tredde dei al, dat er bigroeven is. Dat jo kinne jo yntinke, hoe't it der mei ús foarstie en nou hawwe der fan 'e moarn froulju by it grêf west en dy kamen al ier by ús en fortelden dat hja twa ingelen sjoen hiene en dat Jezus opstien wie. Letter hearden wy noch dat ek in pear fan syn learlingen nei it hôf west hiene en dat it wol leech wie, mar der wiene gjin ingelen en him seagen se net.’
Hja seagen fol spanning nei de frjemdling op. Hwat soe er nou sizze? Wist er nou wier noch neat fan dy dingen, dêr't de stêd Jeruzalem fol fan wie? De ûnbikende sei strang: ‘O jimme ûnforstannigen, leauwe jim nou noch net hwat de profeten sein hawwe? Mòast de Kristus al dy dingen net lije, ear't er yngean koe ta syn hearlikheit?’
Kléopas en syn freon stiene forbjustere. Wist er dan wòl hwat der bard wie mei Jezus en leaude er dan àl dat de Heare opstien wie? Doe hearden se him sizzen: ‘Lit ús fierder gean en ik sil jimme alles útlizze.’ Hja knikten bliid en kamen njonken him, elk oan in kant. Doe't er bigoun oer de Skriften, wie it as hiene se him lang al kennen.
Hy lei har út, dat Mozes yn 'e woastine de Wet des Heare bikend makke hie oan it folk, mar dat gjin minske, sels de greatste en de hillichste net, dy geboaden oait hâlde koe. Altyd wer foelen Adams bern yn it kwea en noait soe Gods Wet folslein folbrocht wurde, of der moast Ien komme, dy't net allinne in minske wie, mar tagelyk ek God. En dat wie Jezus, de