giet nei Galiléa; dêr sille jim him wer sjen. En siz it foaral ek tsjin Petrus, hwant ek dy heart der by en syn sûnde is him forjown. Sjoch, nou haw ik jim alles sein, dat gean nou daliks en doch hwat ik jim oplein haw.’
* * *
Sa hurd as hja rinne koene, gyngen de froulju de stêd yn. Noch wiene se bang om dat wûnder gesicht, noch skammen se har, dat hja Jezus net better bigrepen hiene en dat hja syn wurden net leaud hiene, mar greater as har eangst wie har blydskip. De Heare wie opstien út 'e deaden en hja soene him sjen yn Galiléa! O, hwerom hiene se him net leaud, doe't er har alles yn it foar al oansein hie? En nou moasten se by de alve discipelen lâns. As dy it mar leauwe woene! It wie net maklik en yn 'e stêd wiene gjin ingelen, om har wurden wier to meitsjen! As ien fan 'e alve it hàr ris forteld hie, doe't hja klear stiene om nei it grêf, soene hja it dan leaud ha?
Hja soargen der suver tsjin oan om der by lâns, mar lang koene se it ek net úthâlde. Har blydskip wie to great om it to swijen en bûtendat, de ingel hie it har oplein. Mar in blide tocht waerd it net: hja troffen Petrus en Johannes net thús en de oare njoggen leauden it net! Hja soene it wol goed bidoele, dy froulju, en hja hiene Jezus tige leaf hawn, mar dit moaije forhael koe net wier wêze! Jezus wie stoarn oan it krús en hy wie bigroeven yn it hôf fan Jozef; nou wie it grêf leech, dat soe sa wol wêze, mar it koe allinne mar bitsjutte, dat syn lyk stellen wie. De Sanhedristen soene der wol mear fan witte! En dat dy froulju yn har oerstjûrens fisioenen sjoen hiene fan ingelen, dat koe men bigripe nei sa'n lange, swiere dei en nei twa nachten sûnder sliep. Mar wier koe it net wêze! It wie to moai!
De froulju diene al har bêst om har to oertsjûgjen, mar hoe't hja ek praetten, it holp har net. Drôvich gyngen se nei hûs; it wie as foel der in skaed oer har earste blidens....
* * *
Maria Magdalena wie daliks út it hôf nei Petrus en Johannes gien. Mei triennen yn 'e eagen fortelde se, hwat hja sjoen hie: it grêf wie iepen en it lyk fan 'e Master soe wol stellen wêze. Doe't de beide discipelen der op ynfregen, die it bliken, dat hja net iens yn it grêf sjoen hie en dat hja neat mei wissichheit sizze koe. Soks hie men nou fan froulju!
Yn alle haest gaspen se de mulriem om en setten de stap nei it hôf; it kaem net iens by har op, dat Jezus opstien wêze koe, mar hja woene witte oft it grêf leech wie of net. Nei Maria, dy't skriemend efter har oan kaem, seagen se net iens mear om. Oan 'e yngong fan it hôf ta rounen se togearre, doe bigoun Petrus stadiger to rinnen. Mocht hy wol nei it grêf fan Jezus ta, hearde er noch wol by him nei hwat der bard wie op it plein fan Kajafas?
Johannes stie foar de iepening fan it grêf en seach der yn. It wie sa, it lichem fan Jezus wie der net mear, allinne de wite doeken leine oer de flier. Hy woe der yngean, mar mei gyng Petrus by him lâns en stapte yn it grêf. Johannes wachte. Syn freon bleau der net lang yn. ‘Dit is gjin wurk fan dieven’, sei er, wylst er der út kaem, ‘de wynsels lizze oprôlle op it fuottenein en de switdoek is opteard en apart lein.’
Doe gyng ek Johannes yn it grêf en naem alles goed op. De ingelen seach er net, mar hy murk dat it krekt wie sa't Petrus sein hie. Syn eagen blonken bliid. Nou bigriep er alles: Jezus wie opstien út 'e deaden! Mar dan wie er dochs de Kristus, dan soe alles dochs noch goed komme. En tagelyk skeat it him yn 'e gedachten, dat de Heare it by syn libben al sein hie, mear as ien kear, dat er de tredde deis opstean soe.... Hoe wie it mooglik, dat hja it doe net leaud hiene? En wylst hja to-gearre it hôf útrounen, Petrus en Johannes, praetten se optein oer it blide nijs. Yn har blydskip tochten se net mear om Maria Magdalena, dy't skriemend nei it grêf ta roun....
* * *
Hja bleau flak foar de yngong stean en har skouders skokten. It grêf wie leech, dat koe se sa wol bigripe. O, dat hja nou neat mear oer hie, sels it deade lichem net. En hja hie him sa leaf hawn, hy wie har àlles op ierde, fan dy blide dei ôf, dat er har forlost hie fan sawn kweageasten. Noait soe se it fortelle kinne, hwat hja lit hie fan dy démonen en gjin ien soe oait bigripe kinne hwat hja útstien hie, dy Freeds by it krús. De oare froulju hiene him ek leaf, dy hiene ek gjin maklike dagen hawn, mar foar har wie it oars. Hja koè net libje sûnder him, sûnder syn wurd, syn stim, syn bywêzigens. En nou koe se syn earme lichem net iens mear salvje en net mear skrieme by syn fuotten.
Mar hja woe dochs noch ien kear sjen, hwer't er lein hie. Hja die in stap nei foaren en bûgde har. En ek nou wer wie it ljocht yn it grêf en wer sieten dêr de beide ingelen. Har fortriet wie sa great en hja wie sa fol fan Jezus, dat hja net bang waerd, net ienris kjel. Ien fan 'e ingelen frege: ‘Frou, hwerom skrieme jo sa?’ As hie se it tsjin minsken, sa ienfâldich antwurde se: ‘Om't hja myn Heare hjir weinommen hawwe en ik wit net hwer't hja him hinnebrocht hawwe.’ Hja wachte net op antwurd. Hwat sin hie it en praet mei ingelen, as Jezus der net wie?
Doe't hja har omkearde om fuort to gean, stie der in man fuort by har. Hja seach him oan troch har