wie net kommen om har to deadzjen.... Yn alle haest pakten se de wapens en sprongen oerein; troch de stilte gyngen har dravende stappen. Earst yn 'e stêd, yn in stille strjitte, bleauwen se stean. Hoe moast it nou mei har? Hja wiene fan har post roun en dêr stie de dea-straf op! It wie har skuld net, gjin minske fan flesk en bloed koe fjochtsje tsjin geasten, mar soene se har leauwe? Hwat biwiis hiene se?.... Miskien wie it better en gean earst nei it Sanhedrin; faeks soene dy it leauwe! As dy in goed wurd foar har diene, koe it noch hwat ta falle: hja koene ek net bêst sechstjin man tagelyk ta de dea foroardielje, nou't de lânfâld soldaten to koart kaem. It wie yn elk gefal to weagjen....
* * *
En wer moast Kajafas yn 'e nacht de mannen fan it Sanhedrin gearroppe, om to rieplachtsjen oer dit ûnforwachte nijs. Earnstich en bleek fan 'e skrik harken se nei it forhael fan 'e soldaten. Dus, nou wie it grêf dochs noch leech en alle drokte hie om 'e nocht west! Nou gyng dêrmei it nijs troch de stêd, dat de Nazarener opstien wie en nou soe er nei syn dea noch mear discipelen krije, as er oait by syn libben hawn hie! Mar it koè net wier wêze, dat forhael fan dy soldaten. God stjûrde syn boaden net nei sokke heidenske Syriërs.... En al wie it in ingel út 'e himel, al hiene se him mei eigen eagen sjoen, dan noch leauden se net, dat Jezus de Kristus wie! It wie ûnmooglik, dat de Messias stoar oan it krús. ‘Elk dy't oan it hout hinget is fan God forflokt’, sa stie it yn 'e wet fan Mozes. Hja hâldden har oan 'e wet; dat forhael fan 'e soldaten mòcht net buorkundich wurde!
Hja lieten de wachters bûten stean en doe't hja alles goed trochpraet hiene, waerden se jitris foarroppen. Kajafas die sels it wurd en syn donkere eagen twongen. As dit net slagge, as hja dy soldaten net op har hân krigen, dan wie alles forlern, dan wie it út mei har macht en ynfloed en soene se foar alle tiden bikend stean as moardners fan 'e Messias.
Hy knikte de wachtsoldaten hast freonlik ta. Hja hoegden net bang to wêzen, dat it Sanhedrin har oanbringe soe by Pilatus. Hjir wiene slimme flaters makke, dat wie net oars, en as hja net oppasten kaem der oproer fan, mar it wie har skuld net. Dat lyk hie forbaernd wurde moatten, dan wie al dizze illinde har bisparre bleaun, en dat soene se de lânfâld ek sizze! Mar alderearst moasten se om it folk tinke, om de stêd en de timpel. As dit bikend waerd fan dat lege grêf en fan dy ingel - hoewol't it fêst gjin goede ingel west hie! - dan kaem der sûnder mis in great oproer en it wie ek yn har eigen bilang, dat soks foarkommen waerd. Oproer, dat moasten altyd earst de soldaten bilije!.... Dat as hja fan har kant nou ek hwat skikke woene en hja fortelden oer al yn 'e stêd, dat hja nachts sliept hiene en dat yn dy tiid it lyk fan Jezus stellen wie, dan koe alles noch goedkomme. Fansels wie it de suvere wierheit net, mar it gyng foar in goed doel en it Sanhedrin wie net ûngenegen en jow har elk hwat jild! Hja hiene wol hwat fortsjinne, nei sa'n nacht....
* * *
De soldaten hiene alles earder forwachte, as dizze fraech. Hja wiene fan har post roun, in forgryp dêr't yn it leger de dea-straf op stie, en ynpleats dat de rjochters har foroardielen, koene se noch jild ta-krije, as hja dy leagens fortelden! Krige men nou oait hichte fan dit Joade-folk? Suver spitich, dat hja dit útstel net oannimme koene! Sliepe op wacht, dêr stie de deastraf op! Miskien wie dat har foarlân wol, miskien moasten se hingje, mar dêrom hoegde men der noch net om to freegjen! ‘Wy woene jim wol to wille wêze, mar as wy yn 'e stêd fortelle, dat wy sliept hawwe op wacht, dan krije wy to-minsten straf!’
De hegepreester naem jitris it wurd. It wie wier, dat hja neffens de kriichswet straf fortsjinne hiene, raar as it Sanhedrin, de heechste rjochtbank yn Israël, nou boarch foar har stie en mei Pilatus praette, hwat seine se dan? It wie ek yn it bilang fan 'e lânfâld, dat dizze saek net bikend waerd en hy soe fêst dwaen hwat hja fan him fregen. Dat hja koene wis wêze, dat der har neat fan oerkaem.... Hy seach har oan; syn eagen stieken suver. ‘It is ien fan beiden: jim fortelle hwat wy jim foarsein hawwe en wy jowe de man in fikse som, òf jim wegerje en wy lûke de hannen fan jim ôf!’
De soldaten knikten. It hie al genôch bliken dien, dat dy fromme mannen Pilatus wol tsien kear oer koene - as hja boarch stiene foar har libben, dan woene se dat ûnsinnich forhael wol fortelle. En dat jild, né, dat mochten se net ôfslaen! Doe't hja wer bûten stiene, it rinkeljend sulver yn 'e gurle, laken se lûd en forromme; doe setten se moedich de stap nei de kaserne.
* * *
Deselde jouns fortelden se yn alle kroegen fan Jeruzalem it forhael fan it lyk fan 'e Nazarener, dat stellen wie wylst hja sliepten; doe't hja it in pear kear dien hiene, leauden se it sels. En ek it folk fan Jeruzalem leaude it en naem de leagen foar kar boppe de wierheit....
Mar ek dyselde dei al kaem de Heare Jezus sels út 'e himel del om syn learlingen to forkundigjen, dat er yn wierheit opstien wie.