rôpen: ‘Nou is er krekt de Messiaskening mei syn poarperen mantel en syn gouden skepter en mei de krânse fan 'e oerwinning om 'e sliepen.’ Hwa wist, as hja him dy nachts net ophelle hiene yn Gethsémané, hie er hjoed syn oanfal net dien! Dan hie er hjir miskien echt as oerwinner stien en hiene hja ynpleats bliede moatten! En spottend foelen se oan syn fuotten en heven smeekjend de hannen op: ‘Sparje ús, o kening en deadzje ús net!’
Ek dizze wrede spot droech Jezus swijend en mei great geduld. Hy fielde de smaed wol djip, dy't hja him oandiene, har sûnde wie him wol bitter leed, mar hy wie net lilk op har. As syn eigen folk him hate en him oan it krús ha woe, hwat koe men dan forwachtsje fan dizze heidenske Syriërs?
Sels de hurde soldaten fielden, dat dy swijende rabbi dêr foar har gjin gewoan minske wie en dat er fier boppe har stie, mar krekt dêrtroch waerd har grime noch helte greater. Wyld sprongen se op him ta en bigounen him to slaen en to stompen. Hja soene it him leare, dat er de striid net woun hie, dat hja nou de macht hiene en dat syn Messias-dreamen foargoed foarby wiene! Ut syn hillige hannen skuorden se de stôk en sloegen der him mei op 'e holle, dat de skerpe toarnen noch djipper yn syn sliepen krongen. It bloed roun yn tinne strepen by syn holle del. En al wylder, al wylder sloegen se....
* * *
Doe't hja al har grime en forachting útfierd hiene en neat mear bitinke koene, joech de centurio Jezus wer oer oan Pilatus. De lânfâld seach him oan. Hy hie yn syn libben al safolle sokke toanielen meimakke, dat er der net gau mear oars fan waerd, mar dit spiet him dochs. Dat dit nou krekt in ûnskuldige oerkomme moast! Bar-Abbas, dy hie it fortsjinne en dy wie nou frij en Jezus moast der foar bliede! Mar sa gyng it faek yn it libben. En hy hie genôch syn bêst dien om him frij to krijen. It wie allegearre de skuld fan dy Joaden....
En miskien wie dy wrede grap fan syn soldaten dochs noch earne goed foar. Hy soe Jezus it plein oer bringe litte, dat al it folk him sjen koe, sa yn it spotkleed, mei krâns en skepter. Har kening, dy't hja oerlevere hiene.... Dan soene se bigripe dat de soldaten yn Jezus har bispot hiene, har folk, har Messias-forwachting, har takomst en dan soene se ta ynkear komme en bliid wêze, dat er him frijliet. ‘Bring him nei bûten’, gebea er, ‘en set him foar dat folk.’
En wer forsinde Pilatus him; noch hie er net bigrepen hoe great har haet tsjin Jezus wie. Hy roun it plein oer en wylst er nei him wiisde, sei er: ‘Der is de minske dan!’ Hy hie it noch hast net sein, of it koar fan preesters en wachters bigoun op 'e nij: ‘Krusigje him! Krusigje him!’
En wanhopich sei Pilatus: ‘Ik haw jimme biskuldiging ûndersocht en ik haw yn dizze man neat foun, dat de dea-straf weardich is. Wol haw ik him giselje litten om hwat er dien hat, mar nou't er dy straf ûndergien hat, moat ik him frijlitte: nimmen kin twaris straft wurde foar itselde misdriuw. Dat as jimme miene, dat er oan it krús moat, nim him dan mei en oardielje him foar in oar, en slimmer, forgryp.’
De mannen fan it Sanhedrin hiene daliks it antwurd klear. ‘Dat ha wy al dien’. rôpen se. ‘Net om dat earste allinne ha wy him foroardiele - hoewol't ek dat slimmernôch wie! - mar ek om hwat oars, dat noch folle slimmer is: hy hat himsels de soan fan God neamd. Hwa't dat docht, set himsels boppe de keizer en is dus in gefaer foar de Steat. Dat nou hâlde wy jo oan jins wurd en forwachtsje, dat jo ek dizze nije oanklacht ûndersykje.’
Pilatus koe der net mear foar wei en op 'e nij joech er bifel om Jezus yn it rjochthûs to bringen. Nou bigoun alles wer fan foaren ôf! Wiene se him dan altyd oermânsk, dy Joaden? Wie it dan dochs better, dat er him net oan har steurde en syn eigen wegen gyng? As er Jezus frij liet.... Mar hja wiene by steat en meitsje oproer. It koe net, op Peaske en mei dy krusiging! Hy moast har biprate, dat wie it iennichste middel! En earst moast er dizze twadde oanklacht ûndersykje.
Hy frege Jezus: ‘Is dat wier, dat jo Gods soan binne?’ Jezus hearde de fraech wol, mar antwurde net. Ungeduldich forfette Pilatus: ‘Binne jo dan net fan dizze ierde?’ Mar wer joech Jezus gjin antwurd. Wie it om't er op dizze fragen net antwurdzje woe? Of wie it om it bitter ûnrjocht, dat Pilatus him oandien hie? De lânfâld bigriep it net en forbaesd sei er: ‘Antwurdzje jo my net? Witte jo net, dat ik macht haw jo los to litten en macht om jo to foroardieljen?’ Doe iepene Jezus de mûle en spriek: ‘It is wier, dat jo macht oer my hawwe, mar dy macht is jo fan boppen jown en dêrom sille jo ien kear rekkenskip jaen moatte fan hwat jo dien hawwe. Mar it is wier, dat jo net fan dy dingen ôfwitte, dat dy't my oan jo oerleverje, dy hawwe greater skuld.’
Dit wurd fan Jezus naem Pilatus him tige nei. As dat nou ris sa wie, dat dizze rabbi net fan 'e ierde wie, mar ‘fan boppen’? Hy huvere. Soe dan dy wrede giseling en de hún fan syn soldaten noch ris oan him thús-socht wurde?.... Dat brief fan syn frou.... Doe sette er syn eangst fan him ôf. Sok ding moast men net oan ta-jaen. Hy moast oan syn rjochterswurk tinke!
Ien ding stie dan nou wol fêst: dizze rabbi wie gjin rebel. Hy joech ta, dat hy, Pilatus, macht oer him hie