dat wie nou forgetten. Hy wie der syn freon Pilatus - dat mochten se sa oerbringe: syn freon Pilatus! - tankber foar. En nou woe er dan wolris mei de finzene prate....
* * *
Suver freonlik seach er fan syn hege stoel op Jezus del. Hy leaude der neat fan dat dizze rabbi in misdiediger wie, dy't de dea fortsjinne hie. As er aenstouns in wûnder foar him die, dan wie er net ûngenegen en lit him frij. En dêrmei bigoun er Jezus to bifreegjen. Hwat hie er dien, al dy tiid dat er yn Galiléa west hie? Hie er him oait mei de Seloten ôfjown? Of hie er allinne mar goed dien en wûnders forrjochte? As er nou hjir ek ris sa'n teken die?.... Hy koe gerêst alles sizze, dat er op it hert hie! Dit wie hjir it Sanhedrin net!
De Heare Jezus antwurde net op al dy fragen. Dy nachts foar Kajafas en letter foar Pilatus, hie er op alle fragen in antwurd jown, mar dizze kening, dy't gjin sizzen hie to Jeruzalem, koe syn rjochter net wêze. It wie him der ek net iens om bigoun om rjocht to sprekken: hy woe allinne mar in wûnder sjen en as er in wûnder seach, soe er lykwols net leauwe!
Herodes wie tige forbaesd, dat Jezus gjin antwurd joech op syn fragen. Woe dy finzene him biledigje, dat er sa koppich swijde? Doarst er net to antwurdzjen? Hy bigriep der neat fan, dat dat swijen fan Jezus in oardiel wie, in straf oer hwat er Johannes oandien hie. Ien kear hie God ta him sprutsen troch de mûle fan 'e Doper; dat boadskip hie er gjin acht slein en Gods profeet hie er deade: nou swijde God. Mar om't er it net bigriep, kaem er wer mei nije fragen, bigoun er to driigjen en om in wûnder to twingen. Doe't der noch gjin wurd oer Jezus' lippen kaem, waerd er lilk. Bigriep er dan net, dat hy de macht hie om him los to litten, mar dat er him ek werom stjûre koe nei Pilatus? Wist er dan noch net, dat it om dea of libben gyng? Hie er net heard hwat de mannen fan it Sanhedrin seine?
Jezus sei neat. En doe waerd kening Herodes forgrime. As dy rabbi dan net wizer wie, as er dan to greatsk wie om in kening to antwurdzjen, dan soe er it oars bisykje. Faeks dat de soldaten him de mûle iepen brekke koene. Hy gyng fan 'e rjochterstoel ôf en rôp de offisier fan 'e wacht. Hjir wie in Joadske rabbi, in man dy't gjin mûle opdwaen woe, sels net as syn kening yn goedens mei him spriek: as er nou syn soldaten ris gearrôp, miskien wisten dy der rie op?
* * *
Hy bleau der sels by stean, doe't de wrede soldaten Jezus namen en him húnden. It wie de twadde kear al, dat er slein en mishannele waerd, mar ek dizze kear droech er it swijend en mei great geduld. Hy moast it ûnrjocht drage en sa foldwaen oan it rjocht fan God; hy moch himsels net forlosse út 'e macht fan minsken, om't er sa syn folk forlosse moast! En hoe't se him ek bispotten en sloegen, hy sei neat werom.
Doe't hja al har haet en al har forachting útfierd hiene, liet Herodes in wite mantel helje en dy teagen se him oan, ear't hja him op 'e nij wer boeiden. Doe brocht er him by de mannen fan it Sanhedrin en droech har op him wer by Pilatus to bringen. It wie better dat Pilatus him oardiele: hwat er yn Galiléa dien hie, dat wie sa lang al lyn. En wylst hja him meinamen, lake er wreed. Dy wite mantel, dat wie in kostlike grap! Hwant wyt wie de kleur fan 'e ûnskuld en as Pilatus der út op meitsje woe, dat hy gjin skuld yn Jezus foun hie, dan wie it him bêst. Hy wie net ienris mear lilk op dy rabbi; wol hie de man him hune mei syn swijen, mar dêr hie er syn straf foar hawn: de soldaten hiene de rekken lyk makke. Mar Pilatus, dy't in Romein wie, koe der ek hiel hwat oars yn sjen: yn Rome droegen in wite mantel hwa't oanspraek makken op in keningstroan en sa koe dy mantel fan Jezus ek bitsjutte dat Herodes yn him in takomstich kening, in konkurrint fan 'e Keizer seach. En yn dat gefal kaem er oan it krús en ek dêr soe er gjin trien om litte! Pilatus moast it mar witte; it wyt fan 'e ûnskuld of de rebelle-mantel, de frijheit of it krús!
* * *
En wer gyngen de mannen fan it Sanhedrin mei Jezus de strjitten lâns. It waerd al letter en de strjitten wiene fol minsken. As hja net oppasten koe it noch op in oproer útrinne. Der rounen nou al forskate Jeruzalemmers mei om to sjen, hoe't it komme soe. En bitter tochten se, dat it allinne Pilatus syn skuld wie. Hwerom hie er har fuortendaliks har sin net jown? Oars seach er ek net op in minskelibben mear of minder. Hy die it fansels allinne om har to tergjen, mar hy wie noch net fan har ôf! Dizze reis-om-'e nocht nei it hûs fan Herodes hie er alline mar bitocht om foar in útspraek wei to winen, mar hja kamen wer! Hja soene altyd wer komme, krekt sa lang oan't er dy forlieder oan it krús slaen liet....
* * *
En hja wisten net, dy forbline Sanhedristen, dat it ek neffens Gods wollen wie, dat Syn Soan hingje soe oan it wrede krús en dat hja, mei har fûle haet tsjin Jezus, krekt dwaende wiene om Syn wollen to dwaen. Allinne har sûnde en har skuld waerd der net minder om!