kinne wol bigripe dat er in misdiediger is, oars soene wy him net by jo brocht ha!’
Pilatus bigriep daliks hwer't hja op út woene, mar sa maklik kamen se dizze kear net fan him ôf. ‘Goed’, sei er, ‘as jimme dan sa goed witte dat er skuldich is, nim him dan en oardielje him dan neffens jim eigen wet en lit my der bûten.’ De mannen fan it Sanhedrin rôpen: ‘Wy hawwe him al foroardiele, mar it stiet ús net frij om him to deadzjen.’
Pilatus bisaude him. Dus hja hiene dy man, dy't nimmen hwat misdien hie, ta de dea foroardiele en nou woene se hawwe dat hy dat fonnis útfiere soe. Mar ear't er dat die, woe er earst witte, hwat de finzene dien hie en hokker biwizen hja tsjin him hiene. ‘As it sa stiet,’ sei er stûf, ‘as it in saek is fan dea of libben, dan bin ik ré om in ûndersyk yn to stellen. Mar dan sille jim ek roun-út sizze moatte, hwat dizze man misdien hat!’
De mannen fan it Sanhedrin bigriepen, dat hja der net mear foar wei koene en kom mei har biskuldiging foar it ljocht. Yn it hûs fan Kajafas, dy moarns, hiene se Jezus foroardiele om't er him sels de Soan fan God neamd hie, mar soks hoegden se Pilatus net mei oan to kommen. Hy soe ienfâldich sizze, dat dat in godstsjinstige kwesje wie en dat er dêr neat mei to meitsjen hie. En dêrom seine se: ‘Dizze Jezus set it folk op tsjin 'e keizer en hy forbiedt har om it keizer-jild to biteljen. Hy is steatsgefaerlik, hwant hy seit fan himsels, dat er de Kristus, de Messiaskening is.’
Pilatus joech in koart bifel en de soldaten brochten Jezus nei de rjochtseal en makken syn boeijen los. Hy leaude der neat fan, dat dy bleke, swijende man in rebel wie en tsjin de keizer opstie, mar hy moast it nou ienkear ûndersykje. ‘Binne jo de Messiaskening fan 'e Joaden?’ frege er. Fol spanning wachte er op it antwurd. As er nou dochs ris ‘ja’ sei.... Mar dat wie ûnmooglik!
De Heare Jezus antwurde lykwols net mei in simpel ja. Hy wie de Messiaskening, mar hiel oars as de lânfâld it bidoelde en hiel oars as syn fijannen mienden. En dêrom sei er: ‘Hoe bidoele jo dat, Messiaskening fan 'e Joaden? Haw ik faeks oanlieding jown, dat jo yn my in kening sjogge, of freegje jo it, om't dy dêr bûten it fan my sizze?’
Pilatus loek oan 'e skouders. ‘Ik bin gjin Joad en iksels soe jo net foar in kening oansjen, mar jins eigen folk en de oerpreesters hawwe jo oerlevere en dy sizze dat it sa is. Mar hwat hawwe jo dan dien, dat hja soks fan jo sizze?’
Jezus antwurde: ‘Ik haw neat dien tsjin jimme wetten, mar in kening bin ik al; lykwols is myn keninkryk net fan dizze wrâld. As myn keninkryk fan dizze wrâld wie, dan soe ik my net oan 'e Joaden oerjown ha en dan soene myn tsjinners foar my striden hawwe. It is dus dúdlik, dat myn keninkryk net fan dizze wrâld is.’
Pilatus knikte. It wie krekt sa't er sels ek al tocht hie, doe't er it rapport fan 'e haedman lies. En dochs wie it net sûnder gefaer, sok praet oer in ‘keninkryk,’ binammen net yn dit lân en by dit folk. ‘Dus’, sei er, jo binne al in kening?’ Jezus antwurde earnstich: ‘It is sa't jo sizze! Ik bin yn 'e wrâld kommen om 'e wierheit to iepenbierjen oan myn folk; elk dy't út 'e wierheit is, heart myn stim.’
Pilatus bigriep net folle fan dit djippe wurd. In kening yn it ryk fan 'e Wierheit! It koe sa wêze, mar it foel yn elk gefal bûten syn rjochtsbistel. Hy stie hjir foar it ryk fan Rome en dêr hie er to-wille genôch oan. ‘Hwat is Wierheit?’ sei er ûnforskillich. Hwat ha wy hjirre yn in Romeinske rjochtseal to meitsjen mei dat ryk fan 'e wierheit, dat ‘net fan dizze wrâld’ is? Mar ien ding wie him nou wol dúdlik wurden: dizze Jezus wie gjin rebel. In kening yn it ryk fan 'e wierheit wie gjin konkurrint fan 'e keizer yn Rome.
Hy gyng wer nei bûten, nei de trep fan it foarplein en lûd en dúdlik sei er: ‘Ik haw jimme oanklacht ûndersocht en ik haw de finzene der oer ûnderstien, dat ik wit nou dat er gjin rebel is en dat it syn doel net is om op to stean tsjin 'e keizer. Ik kin dus jimme fonnis net bikrêftigje: ik fyn gjin skuld yn him.’
Pilatus forwachte net oars as it Sanhedrin soe him by dizze útspraek dellizze; fansels soene se lilk wêze en tsjin-appelearje, mar as hja murken dat it him ynmoed wie, soene se har skikke moatte. It wie mar goed, dat hja sels it rjocht net hiene om in finzene to deadzjen! En dat wiene dan dy fromme mannen, dy't op it Peaske-feest net yn in heidensk hûs komme mochten!
* * *
Mar dizze kear forsinde Pilatus him. Hy hie al gâns in skoft as procurator oer Juda stien en hy koe de Joaden wol, mar ien ding wist er net, koe er ek net witte: hòe great har haet tsjin Jezus wie. Hja soene alles op alles sette om him oan it krús to krijen en neat soene se ûntsjen om ta har doel to kommen. En mei de fûsten omheech rôpen se: ‘Mar hy mei net frij; hy set it hiele folk tsjin 'e keizer op, earst al yn Galiléa en nou to Jeruzalem.’
Pilatus hearde wol oan har driigjende, twingende stimmen, dat hja har net by syn fonnis deljaen soene. Fansels, hy hie de macht en as er Jezus frij liet, soene se bilies jaen moatte. Mar wie it wol forstannich? Krekt dizze moarn, nou't dy trije rebellen krúsige wurde moasten, koe er gjin konflikt hawwe mei it Sanhedrin. De hege hearen fielden fansels neat foar dy Seloten, mar as hja har sin net krigen wiene se der neat to goed ta en stokelje it folk ta oproer op.