Petrus
245
Lyk as al de oare discipelen hie ek Petrus dy nachts yn Gethsémané syn Master forlitten: hy koe net langer in Messias folgje, dy't himsels oan 'e fijân oerjoech en dy't syn tsjinners forbea om foar him to striden. Mar fier wie er net kommen; hy hâldde to folle fan Jezus om lang lilk to bliuwen en hiel syn hert hie langst om by him to wêzen, om him to sjen en syn stim to hearren. Dat koe nou net mear, mar dan woe er tominsten witte, hoe't it mei him kaem. Hy wie ûnskuldich, mar lykwols soene se him foroardielje, miskien wol ta de dea. En nou, yn dizze bittere ûre, nou't it om syn libben gyng, hiene se him forlitten! It koe net goed wêze, hy moast werom, ek al koe er him nou net mear helpe.
En stadich earst, en doe al flugger en flugger, gyng er werom, de kant op nei Jeruzalem. Hy bleau op in feilige distânsje fan 'e soldaten, mar dochs ek sa tichteby, dat er de troep net kwytrekke yn 'e donkere, bochtsjende strjitten. Der barde neat bysûnders ûnderweis, of it moast dan wêze dat frjemde foarfal mei dy jongeman yn syn wyt lekken. Petrus koe him wol, it wie ek ien dy't yn Jezus leaude en hy wie bliid, dat er noch ûntkomme koe; allinne makke it syn moed net greater. As dy soldaten him ek beetpakten en hja murken hwa't er wie, dan soene se him fêst meinimme. Hy liet it yn him omgean oft it net better wie en gean werom, mar dêr koe er ek net ta komme; hy moast witte, hwat hja mei Jezus diene en hwer't hja him hinnebrochten.
Net fier fan it paleis fan 'e hegepreester trof er wer immen, dy't er koe: in man dy't ek in discipel wie fan Jezus en dy't ek yn it hûs fan Kajafas wêze moast. Hja rounen meiïnoar op en wikselen in mannich wurden; doe gyng de oare troch de poarte en Petrus bleau bûten stean. Noch noait hie er him sa iensum field en sa forlitten, noch noait hie er sa'n langst hawn nei Jezus....
* * *
En doe ynienen seach er forheard op: deselde discipel fan niist kaem wer bûten en frege oft er mei woe nei binnen. Hy bitocht him net en gyng daliks mei. Miskien wie it net forstannich, mar hy woe sa graech ticht by Jezus wêze en as er nou net gyng, krige er de kâns net wer. De portierster, in slavin fan 'e hegepreester, seach him skerp oan, mar hja sei neat. Hy soe wol by dy oare hearre en dy wie út 'e kunde fan Kajafas.
Unwennich stie Petrus op it greate binneplein. It wie der drok yn 'e lette nacht; slaven rounen ôf en oan, riedshearen gyngen de trep op nei de boppeseal en de tsjûgen waerden yn ien fan 'e keamers brocht. Earne op it plein baernde in great houtfjûr en in troep soldaten en slaven stiene der om hinne; hja hiene mei west nei Gethsémané en founen it kâld nei de mars. Petrus seach alle kanten út, mar Jezus wie nearne to sjen. Hwat diene se nou mei him, dêr achter dy hege doarren? Soe er oait wer frij komme en mei har gean troch de stêdden fan Israël?
Hy huvere. Hy koe hjir de hiele nacht net stean bliuwe, dan soene se him fêst finzen nimme en foar it Sanhedrin bringe. Miskien wie it noch it bêste, dat er tusken dy soldaten stean gyng, krekt as wie it hiel gewoan dat er hjir wie en as wie er nearne bang foar.
By it fjûr wie it lekker waerm en hy stiek syn kâlde hannen út; se trillen suver, mar der wie gjin ien dy't der hwat fan sei. Hy harke nei it petear fan 'e soldaten en nei har rouwe grappen. Al gau bigriep er, dat Jezus by Annas wie en dat er strak nei de seal fan Kajafas brocht wurde soe, foar it Sanhedrin. Miskien dat er him dan noch sjen koe. It spiet him net, dat er hjir kommen wie; hy hie alles wol jaen wollen om noch ien kear tichte by Jezus to wêzen.
En dêrmei kaem in jonge frou op it fjûr ta en seach him oan. Hy koe har noch wol, it wie de slavin dy't by de poarte siet en him ynlitten hie. Hy krige in kleur; hwat die se him sa op to nimmen? Mar hja seach him noch skerper oan en sei: ‘Jo wiene fêst ek wol by Jezus, de rabbi út Galiléa?’ Petrus waerd bleek. En sûnder him to bitinken sei er lûd: ‘Hoe komme jo der by? Ik wit net hwat jo biprate; ik hear net by him!’
De slavin roun al wer fierder. Miskien hie se har forsjoen, mar hja miende dochs fêst, dat hja him wolris mei Jezus sjoen hie op it timpelplein. It hindere ek neat, mei al dy soldaten koe er hjir dochs neat bigjinne, mar hja hie him ynlitten en hja woe net graech, dat der drokte fan kaem.
* * *
Petrus bleau net lang mear by it fjûr en doe't gjin ien him oanspriek roun er op 'e poarte ta. Hy wie bang, mar hy doarst net daliks nei bûten to gean: it soe krekt wêze as fielde er him skuldich. Tichte by it poarte-hûs bleau er stean; it wie der kâld, nei de waerme gloede fan it fjûr, mar feiliger en donkerder. Yn 'e fierte kraeide in hoanne; de nacht wie al wer in moai ein hinne. Mar oan 'e warskôging fan Jezus,