Foar Annas
243
Doe't de mannen fan 'e timpelwacht by it hûs fan Kajafas kamen, wie it Sanhedrin noch lang net foltallich; it foel net ta om midden yn 'e nacht al de sawntich rjochters op to heljen, om noch mar to swijen fan tsjûgen, dêr't hja op oan koene en dy't yn alle haest noch socht wurde moasten. En sûnder tsjûgen koe it net: dizze nachtlike sitting wie dochs al tsjin de wet en men mocht net oannimme, dat dy forlieder syn skuld bikenne soe, mar hja moasten mei biwizen komme kinne by Pilatus; dy koene se ûnmooglik passearje, nou't er har holpen hie om Jezus to fangen.
Mar al koe de offisjele rjochtssitting dan noch net bigjinne, dêrom hoegde der gjin tiid forlern to gean. Kajafas koe noch net komme, mar syn skoanheit, Annas, hie ek hegepreester west en der wie neat op tsjin, dat dy in earste forhoar ôfnaem. Hy hie ûnderfining genôch op it stik fan rjochtsaken en as hy al fêst in pear punten fan biskuldiging opstelde, dan sparre dat strak wer tiid út. En hy wie ommers dochs by de hân: hy wenne mei Kajafas ûnder ien dak en allinne in binneplein wie tusken syn keamers en dy fan 'e hegepreester.
It wie fan âlds in fêste regel, dat de hegepreester oan syn dea ta yn it amt bleau, mar sûnt de Romeinen yn Israël de skepter swaeiden, wie ek dat foroare: hja setten wit-hoe-faek in hegepreester ôf en bineamden dan in nijen ien, mar by it folk hâldde ek de âlde hegepreester syn titel. Hwa't ien kear yn it hillich amt stien hie, bleau yn eare en foaral Annas, dy't it haed wie fan in famylje fan hegepreesters, - forskate fan syn soannen hiene nei him it amt hawn! - stie heech yn oansjen, net allinne by it folk, mar ek by de leden fan 'e Rie. It wie dan ek net allinne om tiid to winnen, mar ek mei om 'e âldman to earjen, dat hja Jezus earst by Annas brochten.
* * *
De âlde Annas fielde him tige, doê't de Heare Jezus dêr foar him stie. Hy hate him foaral net minder as de oare Riedsleden en hy seach út 'e hichte del op dy rabbi út Galiléa. Dat er dizze dei noch bilibje mocht! Hwat hie er him lilk makke, dy Sneins doe't Jezus de timpel suvere hie en de Moandeis, doe't er op it timpelplein de Farizeën en de Sadduceën ta swijen brocht! En nou stie er hjir, yn syn hûs, de boeijen om, bleek en yn 'e ein en hy, Annas, siet op 'e rjochterstoel. Der wie fansels yn it minst gjin kâns op dat er ûntkomme koe: de timpelwachters stiene by him mei de wapens yn 'e fûst en de swiere doarren wiene ticht, mar dêrom liet er syn bannen net losmeitsje. It koe gjin kwea, dat er de boeijen omhâldde; it waerd tiid, dat er wist hwa't de macht hie! En dat der nou noch altyd minsken wiene, dy't yn dizze Nazarener de Messiaskening seagen! It wie al goed, dat it nou dien wie mei syn macht.
En wylst er heech en strak nei Jezus seach, bigoun er to freegjen, koarte, skerpe fragen, op hope dat de rabbi him sels forprate soe. Al gau, doe't it him net slagge om Jezus yn syn eigen wurden to fangen, bigoun er oer syn plannen om nei de macht to gripen en hy frege nei de discipelen, oft dy der fan wisten en oft dy it mei him iens wiene. Hwat hiene se bipraet meiïnoar, de dagen dat er net yn 'e timpel wie, en de nachten yn Gethsémané? It wie it bêste, dat er it earlik sei en dat er neat forswijde: sok ding kaem dochs altyd út! By need koene se ek dy learlingen noch finzen nimme en dêr krigen se it fêst wol út! Hwat hie er har allegearre foarpraet, dy discipelen, hwat hie er har biloofd om har to winnen foar syn plannen? ‘Siz it my en hâld neat binefter.’ Syn donkere eagen twongen.
De Heare Jezus antwurde: ‘Ik haw frijút sprutsen foar alle wrâld yn 'e synagoge en yn 'e timpel, dêr't elkenien my hearre koe en ik haw neat yn it forburgen sein.’ En wylst er him nei de mannen fan 'e timpelwacht kearde, sei er: ‘Hwerom freegje jo my, as jo dochs net leauwe hwat ik siz? Dizze mannen witte, hwat ik sein haw: ûnderfreegje har oer myn lear.’
Ien fan 'e timpelwachters stie flak by Jezus en hy