wie minder, mar ek dêr wie wol hwat op to finen: hja koene Pilatus freegje om in ôfdieling soldaten mei in offisier; hy soe it har fêst net wegerje, as hja seine dat dy Jezus in rebel wie en dat er yn forbining stie mei de Seloten. It koe yn elk gefal bisocht wurde. Fansels naem ien en oar noch gâns tiid, mar dêr wie it net iens minder om: it soe wis noch ûren duorje, ear't alle leden fan it Sanhedrin der wêze koene. En doe't alles goed trochpraet wie, gyng der in députaesje nei de Antonia-stins en frege bilet by de procurator.
Pilatus wie daliks ré om de mannen to wurd to stean; it wie wol in nuvere tiid, mar mei dat Joade-folk en yn 'e nacht fan Peaske, wie alles mooglik. Doe't er hearde hwer't it om gyng, stie er daliks har forsyk ta. Net, dat er werklik oan in oproer leaude; nei hwat hy fan dy wûndere rabbi heard hie, wie it alhiel gjin man om in troep Seloten oan to fieren; dy oerpreesters soene wol wer tige oerdriuwe. Mar dat naem net wei, dat dy yntocht fan 'e Sneins en dat tumult op it timpelplein net goed to praten wiene; hy soe net graech wolle, dat der de oare deis, by de krusiging fan Bar-Abbas en syn maten, wer soks foarfoel. It koe gjin kwea dat dy Jezus finzen nommen waerd en dat er it feest oer achter slot bleau.... Dat it Sanhedrin koe gerêst wêze: hja soene har ôfdieling soldaten hawwe en net iens sa'n lytsen-ien. As hja dan mar soargen, dat der ek hwat mannen fan 'e timpelwacht meigyngen: hy, de procurator, krige dochs al oeral de skuld fan!
* * *
En sa gyng, in ûre letter, de troep op mars nei Gethsémané. Foarop rounen de mannen fan 'e timpelwacht: in mannich jonge preesters en Leviten, mei noch in keppel slaven fan 'e hegepreester en ticht achter har marsjearde de Romeinske kohorte, ûnder bifel fan in ‘chiliarch’, in haedman-oer-tûzen. De soldaten wiene wapene mei stokken en swurden, mar as it heal koe, soene se gjin wapens brûke. Allinne as de learlingen fan dy rabbi yn it forset gyngen, mochten se der mei de kneppels op ynslaen en yn it uterste gefal soene se it swurd brûke. Mar dat mocht allinne as de kommandant it signael joech en dêrom wiene der ek trompetters mei en in pear sein-lantearnen. Fansels hiene de soldaten elk in fakkel: it wie nacht en ûnder de beammen soe it wol tsjuster wêze, mar hja soene net ljocht meitsje ear't hja flak by it hôf wiene.
De soldaten wiene neat net wiis mei dizze ûnforwachte mars yn 'e nacht en ek de mannen fan 'e timpelwacht hiene net rjocht har moed. It wie net de earste kear dat hja der op út gyngen om Jezus to binen, mar doe wie it by dei en op it timpelplein en doe hiene se net sa'n troep soldaten mei om har to helpen. En doe wie Judas der fansels net by. It wie mar goed, dat dy har de rabbi oanwize soe: hoe maklik koene se oars by donker in forkearden-ien gripe en dan soe de rabbi sels har ûntkomme kinne....
Hja wiene nou flak by it hôf en wachten op 'e soldaten, dy't de fakkels oanstieken. De fjûrdrager gyng mei syn izeren pôt by de rigen lâns en heech oan 'e stokken swaeiden de sein-lampen. De fakkels knetteren en sûzen. It joech dochs wol in feilich gefoel, sa'n troep soldaten flak by. As dy nou aenstouns mar foar gyngen; mar dat soe wol net.
En dêrmei seagen se in mannich mânlju kommen it hôf út wei, rjocht op har ta. It koe dochs net.... Ja, dat moast de rabbi wêze, dy't foarop roun. Mar seach er dan net dat hja wapens hiene en wist er dan net hwat al dy fakkels bitsjutten en dy lampen? Hwerom flechte er net? Bigriep er nou noch net, dat it om syn libben gyng? En sa rêstich kaem er op har ta, sa kalm, as telde er gjin gefaer. Hja taestten nei it swurd, mar de hannen trillen har. Hwat woe er mei har, dy wûndere rabbi? Hy wie sa machtich, hy koe alles.... As er nou ris fjûr fan 'e himel falle liet, lyk as fan âlds Elia dien hie? ‘As ik dan in Godsman bin....’ O, mar hy wie in Godsman! Mei greate, bange eagen seagen se him kommen.
* * *
En doe ynienen kaem Judas der oan en roun op him ta. Hy die krekt as wie er tafallich tagelyk mei de kohorte kommen, en as wie er bang fan al dat soldate-folk. ‘Rabbi!’ sei er en sloech de hannen om Jezus hinne en patte him.
Djip fielde de Heare de hún fan dat freonlik wurd, fan dy pea, dy't gloeide op syn wang, mar hy waerd net lilk en foel net hurd tsjin Judas út. Ek dit hearde by it lijen, dat er op him nommen hie en dat er oan 'e ein ta drage moast. Hy sei allinne mar: ‘Freon, bistû dêrom hjir kommen? Forriedstû de Minskesoan mei in pea?’
Doe kearde er him nei de mannen fan 'e timpelwacht en frege: ‘Hwa sykje jimme?’ Hja seine: ‘Wy sykje Jezus, de rabbi fan Nazareth.’ Hy seach har oan, strang en fol majesteit en lûd spriek er: ‘Ik bin it.’ Oars sei er net as dy simpele wurden, mar ynienen sloech har de skrik om it hert en allegearre sloegen se tsjin 'e groun. En wylst hja dêr leine en flokten en oereinkamen, stie Jezus dêr en wachte. As er wollen hie, hie er nou flechtsje kinnen, de berch oer, mar hy forroerde him net. Hja koene nou witte, dy timpelwachters en al dy soldaten, dat er him frijwillich oerjoech en dat er sterker wie as hja. Dit wie har ûre, mar allinne omdat it ek syn ûre wie!
Doe't de mannen wer stiene, biskamme en forbjustere, frege er jitris: ‘Hwa sykje jimme?’ En wer seine se: ‘Wy sykje Jezus fan Nazareth.’ Hy antwurde: ‘Ik haw jim al sein, dat ik it bin; as jim dan