hillige timpel ûntwijd hiene mei minskebonken. Fansels makken se gjin biswier om Jezus mei syn learlingen troch to litten: dizze tolve mannen koenen se wol en hja hiene gjin opdracht om har oan to hâlden.
* * *
Wylst hja oer it timpelplein rounen, seagen de learlingen mei earbied op nei de machtige gevel fan it haedgebou, mei de greate gouden wynstok. De Master hie har in pear dagen fan to foaren noch sein, dat ien kear de hiele timpel ûndergean soe, mar nou wie er der noch yn al syn gloarje en lyk as altyd waerden se der stil fan. It wie in prachtich gesicht en it goud fan 'e wynstok gloeide yn it moanne-ljocht, symboal en teken fan it âlde folk fan Israël. De tolve ranken wiene de tolve stammen en de swiere trossen wiisden op fruchtberens en op Gods seine. Altyd as hja hjir lâns kamen tochten de discipelen der oan, dat hja ek by it âlde Godsfolk hearden, dat hja ek ynplante wiene yn 'e wynstok Israël.
De Heare Jezus murk wol, hwat der yn har omgyng, mar hy koe net bliid mear wêze, dizze nacht. It folk fan Israël soe him forwerpe en de gouden wynstok soe net lang mear pronkje oan 'e muorre fan 'e timpel. En earnstich spriek er: ‘Ik bin de echte wynstok en myn Heit is de hofker. Alle rank oan my, dy't gjin fruchten draegt, dy nimt Er wei, mar alle rank dy't fruchten draegt, dy sil Er reinigje, dat hja noch mear fruchten drage mei. Bliuw jimme yn my en ik yn jimme, hwant bûten my kinne jim neat dwaen. As immen yn my net bliuwt, dy wurdt útwurpen en hy sil fortoarje, mar as jimme yn my bliuwe, freegje dan hwat jimme wolle en it sil jim jown wurde.
Mar dit gebot jow ik jim, dat jim elkoar leaf hawwe! De wrâld hat jimme net leaf, dy hatet jim, lyk as hja my ek hatet en as ik net mear by jim bin, sille se jim út 'e synagogen werpe, ja, de ûre komt, dat hja jim deadzje sille en elk dy't jimme kweadocht, sil miene, dat er God dêr in deugd mei dwaen sil. En dochs moatte jim net drôvich wêze, dat ik fuortgean: wês leaver bliid, dat ik nei myn Heit gean, hwant dat is om jimme bêst. As ik net fuortgyng, soe de Treaster net ta jim komme, mar nou sil ik him stjûre en Hy sil jim alles leare, dat jim nou noch net bigripe kinne. De tiid is nou nei oan, dat jim my net mear sjen sille, mar ien kear sil ik wer by jim komme. Hâld dan moed as ik der net mear bin: yn 'e wrâld hawwe jim wol fordrukking to wachtsjen, mar ik haw de wrâld oerwoun....’
* * *
De discipelen hiene mei greate oandacht harke nei de wurden fan Jezus en op 'e nij waerd it har drôf to moede. Hja koene it har net yntinke, dat Jezus har forlitte soe, dat hja as wezen efterbliuwe soene yn in wrâld fol fijannen. Hoe moasten se oait de tiid trochkomme, dat hy net by har wêze soe, dat hja him net sjen en syn stim net hearre soene? In treaster soe er har stjûre, mar hwa koe har treaste oer sok in swier forlies? By hwa soene se him forjitte kinne, dy't har alles wie? En hoe koe er it dwaen, hoe koe er har efterlitte, as er dochs sa folle fan har hâldde, dat er har de fuotten wosk? Hja seagen nei him op, bang en forslein, mar ear't hja noch hwat freegje koene, seagen se dat er de hannen opheve nei de himel en bigoun to bidden. O, nou bea er de Heit dêrboppe foar har en op it úterste spanden se har yn, om alles goed to hearren.
‘....Net foar de wrâld bid ik Jo, mar foar dyjingen, dy't Jo my jown hawwe. Hillige Heit, biwarje har yn jins namme, dat hja ien binne, lyk as Jo en ik ek ien binne.... Doe't ik by har wie, biwarre ik har sels yn Jins namme en gjinien fan harren is forlern gien, as allinne de forrieder, de soan-fan-it-fordjer, dêr't fan skreaun wie yn 'e Skriften. Mar as ik net mear by har bin, stean Jo dan noed fan har en biwarje har foar de Kweade.... En net foar dizze alve allinne bid ik, mar ek foar allegearre dy't troch har wurd yn my leauwe sille. Heit, ik wol, dat hwer't ik bin ek hja by my wêze sille, dy't Jo my jown hawwe, dat hja myn hearlikheit oanskôgje meije....’
* * *
Noch folle mear spriek de Heare dêr op it timpelplein en doe't er einlings syn gebet bisleat, stiene de alve stil om him hinne. Hja seine neat; it wie oft hja fielden, dat nei sok in gebet gjin fragen pasten. Nou twivelen se to-minsten net mear oan syn greate leafde, nou woene se alles oannimme dat er har oplein hie, nou koene se alles drage....
En dêrmei wonk er har en sei, dat hja him folgje moasten. Swijend gyngen se mei him, de stêd út en troch de Kidron-delling. Oan 'e oare kant, op 'e Oliveberch, lei it hôf dêr't hja de lêste nachten sliept hiene. Hoewol't it net fier fan Jeruzalem ôflei en ticht by it plak dêr't de Galiléers kampearden dy gjin plak krije koene yn 'e folle stêd, wie it der tige stil; al de kearen dat hja der nachts ta-hâlden hiene, hie nimmen har steurd. Der stiene gâns olivebeammen en yn it midden wie in soarte fan grot, dêr't de fruchten yn parse waerden en dêr't it hôf syn namme fan krige hie: Gethsémané.
De discipelen hiene net oars tocht as hja soene ek dizze nacht wer sliepe yn it hôf. It wie al lang oer tolven en moarn bigoun it greate feest en soe der fan sliepen de hiele nacht neat komme. Mar doe't hja