komme; mar ear't ik fuortgean jow ik jim in nij gebot: dat jimme inoarren leaf hawwe. Dêr sil men letter oan sjen, dat jim myn learlingen binne, as jimme leafde hawwe ûnder inoarren.’
Petrus frege: ‘Heare, hwer geane jo dan hinne?’ en Jezus antwurde: ‘Dêr't ik nou hinnegean kinstû my net daliks folgje, mar letter sille jimme dêr ek komme en ite en drinke oan myn tafel en jimme sille sitte yn myn keninkryk en oardielje de tolve stammen fan Israël.’ Mar noch koe Petrus it net oan Jezus oerjaen en, hast forwitend, sei er: ‘Mar hwerom kin ik jo nou daliks net folgje? Sels al moast it gean troch de dea: ik bin ré myn libben foar jo yn so setten.’
En dêrmei seach de Heare him oan en spriek: ‘Simon, Simon, de satan hat bigeard, dat er jimme silje soe as nôt, mar ik haw foar jimme bidden, dat jimme leauwe him net bijaen mei. En dû, Petrus, ek dû silst falle, mar letter, astû ta ynkear kommen bist, silstû de oaren sterkje.’ De triennen sprongen Petrus yn 'e eagen. Hoe koe de Master sizze, dat hy falle soe yn 'e macht fan 'e Satan? Hie er Jezus dan net boppe alles leaf? ‘Heare’, sei er, ‘wier, ik bin ré om mei jo to gean yn 'e finzenis en yn 'e dea.’ Doe spriek de Heare: ‘Ik siz dy Petrus, de hoanne sil fannacht net kraeije, earstû trijeris sein hast, datstû my net kenst.’
Simon Petrus bûgde de holle; hy koe net leauwe hwat Jezus sei, mar hy doarst der neat mear tsjin yn to lizzen. En de Heare spriek tsjin de oare discipelen: ‘Mien net, dat allinne Petrus my forsaekje sil, mar jim sille allegearre lilk op my wurde om hwat ik fannacht dwaen sil. Mar nei-tiid sille jim ta ynkear komme en it lân troch gean en myn evangeelje forkundigje. Ien kear earder haw ik jim útstjûrd en doe haw ik sein: Nim gjin jildpong mei en gjin reissek en gjin nije sandalen, mar nou siz ik: Nim dat allegearre mei en as jim gjin swurd hawwe, forkeapje de mantel en keapje ynpleats in swurd.’ Hwant der komme kweade dagen en oan my sil it Skriftwurd folbrocht wurde: ‘En hy is mei de misdiedigers rekkene’....
De discipelen bigriepen ek dit wurd wer forkeard. Jezus hie it hawn oer de fordrukking, dy't hja yn letter tiden drage moasten, mar hja tochten, dat hja nou foar him stride moasten. En moedich rôpen se: ‘Heare, wy hawwe al twa swurden!’ Mar Jezus sei allinne mar: ‘It is genôch! Stil mar!’
* * *
Noch letter dy nachts spriek er: ‘Lit jimme hert net ûnrêstich wêze. Leau yn God, leau ek yn my. Yn mvn Heite hûs binne folle wenten en ik gean hinne om jimme dêr plak ré to meitsjen. En as ik dat dien haw, kom ik werom en ik sil jimme mei my nimme, dat ek jimme wêze meije, dêr't ik bin. Nou witte jimme dan hwêr't ik hinnegean en de wei witte jim.’
Thomas sei: ‘Heare, wy witte noch net iens hwer't jo hinne geane, hoe soene wy dan de wei witte?’ Ta antwurd joech de Heare Jezus dat hearlik wurd: ‘Ik bin de wei en de wierheit en it libben; gjin-ien komt ta de Heit, as allinne troch my.’
Doe sei Filippus: ‘Heare, lit ús de Heit sjen, en dan is it ús al genôch!’ Mar Jezus antwurde drôvich: ‘Mar dû hast de Heit al sjoen yn my. Salang bin ik al by jimme, Filippus en kenstû my nou noch net? Dy't my sjoen hat, hat ek de Heit sjoen; hoe kinstû dan sizze: Wiis my de Heit? Wiswier siz ik jimme: Dy't yn my leaut, de wurken, dy't ik doch, sil hy ek dwaen, hwant ik gean ta myn Heit en hwat jimme ek freegje meije yn myn namme, dat sil ik dwaen.
En ik sil de Heit freegje en Hy sil jimme in oare Treaster jaen, dat dy by jimme bliuwt yn ivichheit: de Geast fan 'e wierheit, dy't de wrâld net ûntfange kin, mar jimme kenne him en hy sil yn jimme wêze en hy sil jimme alles leare en jim yn it sin bringe alles dat ik jim sein haw. Ik gean by jimme wei en it makket jimme drôf, mar as jim my leaf hiene, soene jim bliid wêze, dat ik ta myn Heit gean, hwant myn Heit is mear as ik. En dan: lit jimme hert net forfeard wêze om't ik jim forlitte moat, hwant frede lit ik jimme, myn frede jow ik jim. En nou is it de tiid, dat ik doch hwat de Heit my hjitten hat - gean oerein, lit ús hjir weigean.’