allinne de fuotten, mar ek de holle en de hannen.’ De Heare Jezus skodholle. Hy waerd net lilk op dy hastige discipel, dy't sa fan it iene úterste yn it oare foel, mar hy sei rêstich: ‘Né, Petrus, dy't him hielendal wosken hat, dy hat allinne mar fanneden de fuotten to waskjen, dêr't er mei oer de moudige wegen roun hat en fierder is er al rein.’
En doe joech Petrus dan bilies en stiek Jezus de fuotten ta. Nou wie er bliid, dat de Heare ek him helpe woe, likegoed as al de oaren en dat ek hy diel mei hie oan it keninkryk Gods. Mar fan 'e djippe sin fan hwat Jezus sein hie, bigriep er noch net folle. Hwant dit waskjen fan 'e fuotten wie tagelyk ek in teken dat har de sûnden forjown wiene: net allinne de fuotten wiene suver, mar ek har hert wie rein. Dy't thús al wosken wie, dy hoegden yn 'e feestseal mar allinne de fuotten wosken to wurden; dy't yn Kristus leaude, dy wie al in nij minske wurden en allinne it kwea dat er alle dagen wer die, moast him iderkear wer forjown wurde. En allinne hwa't dat docht: elke dei wer mei syn skuld en sûnde ta Jezus gean, dy allinne hat diel oan him. Letter hawwe Petrus en de oare discipelen it better forstien, hwat Jezus bidoelde, mar dat er har op it heechste leaf hie en dat er alles foar har oer hie, dat wisten se doe daliks al.
* * *
Dyselde jouns, doe't it jounmiel al nei de ein roun, bigoun de Heare Jezus der jitris oer. ‘Jim neame my Master en Heare’, spriek er, ‘en it is goed, hwant ik bin it. Mar as ik, jimme Heare, jim nou de fuotten wosken haw, dan binne jim ek skuldich elkoar de fuotten to waskjen. Ik haw jim jouns in foarbyld jown, doch jimme it nou to-nei ek en dan sille jim sillich wêze.’
En wer seach er har oan, drôvich en dochs mei greate leafde. ‘Ik haw sein dat jim sillich wêze sille, mar dat jildt net foar jimme allegearre: ik wit, dat ien fan jimme my net leaf hat, mar dat er my oan 'e dea ta hatet. Hwant ek foar my is wier, hwat David sein hat yn ien fan syn psalmen: “Dy't myn brea yt, dy hat de hakken tsjin my opheve.” Ik siz it jim nou al, dat jim letter, as it bard is, witte sille, dat ik it bin, dêr't de Skriften fan sprutsen hawwe.’ En doe, mei triljend lûd en tige ûntdien, spriek er: ‘Wiswier, wiswier, siz ik jimme: ien fan jimme sil my forriede.’
De alve discipelen hiene it allegearre heard en hja waerden slim forslein. Wie it dan dochs wier, dat Jezus falle soe yn 'e hannen fan syn fijannen? Wie it dan dochs gjin gelikenis, alles hwat er sein hie oer syn dea en bigraffenis? Mar as dat koe, as sokke dingen mooglik wiene, dan koe ek dit wier wêze! As it dan foarbiskikt wie, dat ien fan 'e tolve him forriede soe, dan koe it èlk fan harren oerkomme. Hja wisten, dat hja him leaf hiene en noait hiene se der oer tocht om him oer to leverjen, mar as er it sels sei, dan moast it dochs wier wêze! En bang en beevjend fregen se: ‘Hwa is it dan, dy't jo forriede sil?’ Jezus antwurde: ‘It is ien, dy't net fier fan my ôfsit en mei my yn 'e selde skûtel stipt.’ En allegearre bigounen se to roppen: ‘Bin ik it, Heare? Ik bin it dochs net?’
Ek Judas wie kjel wurden, doe't de Heare sa dúdlik Bei, dat ien fan harren in forrieder wie. Nou wist er, dat al syn slimme plannen dochs noch mislearje koene en dat er Jezus net yn stilte oerleverje koe. Mar ynpleats dat er nou ta ynkear kaem en syn skuld bilied, waerd er noch mear forgrime. Hy hie der al bang foar west, dat de rabbi fan syn plannen wist, mar hy woe net dat de oare discipelen it ek hearden: as dy him net mear fortrouden en mei syn alven om him tochten, dan krige er noait gjin kâns om Jezus oer to leverjen. Dat doe't hja allegearre rôpen: ‘Ik bin it dochs net?’ doe frege ek hy: ‘Bin ik it Heare?’ En sels nou, dizze lêste joun, woe de Heare him net iepenlik bistraffe; hy seach him allinne mar strak oan en sei sacht: ‘Dû seist it sels!’
Net ien fan 'e alve hie fornommen hwat Jezus sein hie en net ien wist noch, dat Judas de forrieder wie: hja sieten fiersten-to-folle oer har sels yn en tochten, dat ien fan harren it wêze soe. Doe naem de Heare jitris it wurd op en sei: ‘Wês net bang, dat hwat ik sein haw jim allegearre wol oerkomme kin. Dy't dizze swiere sûnde dwaen sil, dy docht it út eigen frije wil en it is syn eigen skuld. Hwant de Minskesoan moat wol oerlevere wurde, lyk as de Skriften fan him skreaun hawwe, mar wé dy minske, dy't him forriede sil! It wie better foar him, dat er nea berne wie....’ En ek dat wurd hearde Judas, mar hy bihurde syn hert en sloech it gjin acht.
Ek Petrus hie dy lêste wurden heard. Nou wist er dan fêst, dat de Master him net bidoelde, mar dan woe er nou ek witte hwa't it al wie. Hy koe him net yntinke dat ien fan harren sa djip falle koe, mar as Jezus it sels sei.... Hy wonk syn freon Johannes, dy't nêst Jezus oanlei. ‘Freegje dû hwa't it is.’ Johannes bûgde him daliks nei Jezus oer en die syn fraech. De Heare antwurde: ‘Dy is it, dy't ik nou it brea, as ik ynstipt haw, jaen sil.’ En dêrmei naem er it en joech it Judas oer. De forrieder naem it swijend oan en iet. It wie wol wier hwat de Heare earder sein hie: ‘Dy't myn brea yt....’
Petrus en Johannes koene it noch net bigripe. Judas, de iene Judeër fan 'e tolve, dêr't hja sa heech by opsjoen hiene en dy't oer it jild gyng! It wie net to leauwen, dat er hjir nou sitte koe en mei Jezus ite, wylst er him foar nommen hie om him to forrieden. It binaem har alle blidens suver.
Mar swierder as foar de beide learlingen wie it foar