De Peaske-seal
237
En nou wie it al wer in dei letter, de Tongersdeis foar it feest. Noch ien dei en alle fromme Joaden soene it peaskelaem slachtsje en it ite yn 'e nacht, mar ek dizze joun waerd der yn mannich hûs al in feestmiel hâlden mei wyn en brea en bitterkrûd, it saneamde Foarmiel; dêr folge dan de Freeds, de greate dei fan it feest, it echte Peaske-miel op, sa't it foarskreaun wie yn 'e wet fan Mozes.
Ek de Heare Jezus hâldde him oan it âld en hillich brûkme, ek hy woe mei syn discipelen oansitte yn in keamer to Jeruzalem, ek al soe er it greate Peaske-miel yn 'e Freed-to-nacht net mear bilibje. Op 'e selde tiid as yn 'e timpel to Jeruzalem de peaskelammen slachte waerden, soe hy hingje oan it krús en bûten de stêd syn libben jaen foar syn folk. Dat it kaem nou al tige ticht oan, syn lijen en stjerren, en dizze lêste dei wie it hert him swier fan leed. Mar likegoed seach er dochs noch út nei it jounmiel mei de tolve, nei dy stille ûre dat gjin frjemden har steure soene en dat hja prate koene fan hert ta hert.
* * *
Hja rounen stadich de Oliveberch del, de kant op nei Jeruzalem. It wie noch ier yn 'e moarn, mar de discipelen praetten al drok oer it feest dat sa nei oan wie. It die har nij, dat de Master sels der noch net oer praet hie en dat er noch net, lyk as oare kearen, in pear fan harren oanwiisd hie om alles klear to meitsjen. Oare jierren wie alles al dagen yn it foar regele en nou wisten se noch net iens yn hokker hûs hja it Peaske ite soene; it waerd heech tiid dat hja seagen om in seal, as it to-minsten al net to let wie yn 'e folle stêd. Fansels de dei wie noch foar hannen, mar as Jezus der nou net gau oer bigoun, dan moasten se it him yn it sin bringe. Hoewol, dat doarsten se ek hast net dwaen: hy roun dêr sa stil en earnstich, krekt as wie er forgetten dat hja by him wiene....
De Heare Jezus wist wol, dat de discipelen der oer yn sieten, hwêr't hja it Peaske-feest fiere soene en hy soe it har nou dêrmei sizze, mar op in oare wize as hja tochten. Dizze kear woe er de namme fan 'e strjitte net neame en it hûs net krekt oantsjutte, hwant Judas wie der by, dy't him forriede soe. Dêrom hie er wol in keamer bisprutsen by ien fan syn freonen, mar hy hie it net sein tsjin 'e discipelen: hja soene it wol sjen, as er der mei har hinne gyng en dan soe it to let wêze foar Judas om it Sanhedrin to warskôgjen.
Hwant it mocht dan fêst stean dat yn dizze nacht de fijannen de hannen oan Jezus slaen soene, dêrom woe er noch net oerfallen wurde yn 'e feestseal. Net yn in bisletten hûs soene de soldaten fan 'e timpelwacht him finzen nimme, mar bûten de stêd, yn it donker, op in plak dêr't er maklik flechtsje koe, dat alleman sjen soe, dat er him frijwillich oerjoech. Yn in keamer mei ien doar en ien trep, soe er him oerjaen moatte; op it plak dêr't er dizze nacht hinnegyng, koene se him allinne mar gripe as er it sels woe. En dêrom hie er tsjin nimmen sein, hwer't hja oansitte soene.
Doe't er noch altyd neat sei, koene de discipelen it net langer úthâlde; hja kamen op him ta en seine: ‘Heare, hwer moatte wy dizze kear it Peaske rémeitsje?’
Jezus seach, dat ek Judas der by wie en dat er skerp harke nei elk wurd dat der sein waerd. Wer fielde er hoe fûl dy iene discipel him hate en it makke syn lijen noch wer swierder. Al wist er dan, dat Judas him oerleverje soe, dêrom wie er dochs noch syn learling en hie er him dochs noch leaf. Hy woe him net fortelle hwêr't de Peaske-seal wie, mar hy woe him ek net fuortstjûre en him net biskamme meitsje foar de alve. Noch wie it de tiid fan genede en noch koe Judas by him komme mei al syn sûnde en skuld. Der kaem in tiid, dat it foar ivich to let wie en dat er syn discipel oerjaen soe oan 'e Satan - mar sa fier wie it nou noch net. Dizze lange, lêste dei soe er noch by him