slûgen, en fan gjin tiid meur wisten, baernden de lytse lampen leech.
* * *
It wie al om midnacht hinne, doe't in boade de tiding brocht, dat de breidgeman der oan kaem. Lûd klonk de rop troch it stille hûs: ‘Sjoch, de breidgeman komt, gean út, him yn 'e mjitte.’ De fammen waerden kjel wekker en sprongen op. Hoe hiene se nou de breidgeman forjitte kinnen en it blide feest! O, en de lampen wiene omtrint út; der moast nedich oalje by.
Mar fan 'e tsien jongfammen hiene mar fiif sa forstannich west om oalje mei to nimmen; dy geaten nou hastich har lampen fol en makken har klear om nei bûten ta. Doe seine de oare fiif: ‘Och, jow ús dochs hwat fan jimme oalje, hwant ús lampen geane út en sûnder ljocht kinne wy net mei yn 'e optocht.’
De fiif wize fammen skodhollen. Fansels, gjin ien koe sûnder lamp de breidgeman to-mjitte, it soe skande wêze en in hún foar sok in heech hear, mar foar alle tsien wie der gjin oalje genôch. En hja seine tsjin de oaren: ‘It is wol spitich, mar wy kinne jim wier neat jaen, oars soene ûnderweis ek ús lampen útgean, mar gean nei de winkellju en keapje foar jimsels; it is net iens sa fier en de breidgeman is hjir noch lang net oan ta.’
En hastich, sa hurd as hja rinne koene oer de donkere, ûnsljochte wegen, gyngen de fiif dwaze fammen de stêd yn. Hwerom hiene se der ek net earder oan tocht? Nou wiene alle winkels ticht en hoe lang soe it net duorje, ear't hja de keaplju út it bêd kloppe hiene? As it mar net to let wie en de doar fan 'e feestseal sletten!
En wilens gyngen de fiif wize famme de stêd troch en de poarte út en al fan fierren seagen se de blide optocht kommen mei fakkels en mei lampen, in lange rige flikkerjende ljochten yn 'e stille nacht. Hja rounen fluch en joegen der har by en doe't hja de breidgeman hulde dien hiene, mochten se mei yn 'e ljochte brulloftsseal. Doe't alle gasten der yn wiene en elk syn plak hie oan 'e lange tafels, diene de slaven de doarren ticht.
It feest wie noch net lang bigoun, doe't der kloppe waerd op 'e greate doar. It waerd stil yn 'e wide seal en de breidgeman riisde oerein; syn gesicht stie strang en donker, doe't er nei foaren gyng. Hwa weage it nou noch him to steuren, nou't er hjir siet njonken syn jonge breid en nou't de brulloft oan 'e gong wie? Hiene se dan oan midnacht ta gjin tiid hawn om him op to heljen? Wisten se dan net, dat oan syn tafel allinne mar plak wie, foar hwa't him eare en hulde dien hie?
En bûten, bang en biskamme, rôpen de fiif fammen: ‘Hear, doch ús iepen; wy binne wol to let, mar wy miene it jo goed, en ús lampen baerne nou!’ Mar strang klonk syn lûd, doe't er spriek: ‘Wiswier siz ik jimme: ik ken jim net!’ En de doarren bleauwen ticht....
‘Weitsje dan’, sa einge Jezus syn forhael, ‘hwant jim witte net de dei en de ûre, dat de Minskesoan komme sil.’
* * *
En dêrnei spriek er noch fierder oer hwat der barre soe op dy greate dei, mar dizze kear sûnder byldspraek en net mear yn gelikenissen, dat syn learlingen it goed bigripe soene.
‘As dan de Minskesoan komt yn syn hearlikheit en al de hillige ingelen mei him, dan sil er sitten gean op 'e troane fan syn hearlikheit en hy sil oardielje alle folken fan 'e ierde. En as hja allegearre foar syn antlit steane, sil er har faninoar skiede, lyk as de hoeder de skiep fan 'e bokken skaet. En de skiep, dat binne de minsken dy't yn him leauwe en him leaf hawn hawwe op 'e ierde, sil er sette oan syn rjochterhân, mar de bokken, dat binne hja dy't net yn him leaud en syn wurd net oannommen hawwe, oan syn lofterhân.
Dan sil de kening tsjin har dy't rjochts fan him steane, sizze: “Kom, jimme gunstlingen fan myn Heit, en ervje nou it keninkryk, dat foar jimme taret is fan it oanbigjin ôf. Hwant ik hie honger en jimme hawwe my to iten jown; ik hie toarst en jimme hawwe my drinke litten; ik wie in frjemdling en jim hawwe my ûnderdak jown; ik wie neaken en jim hawwe my klaeid; ik wie siik en jim hawwe my opsocht; ik siet yn it tichthús en jim hawwe my bisocht.
Dan sille de rjochtfeardigen him antwurdzje en sizze: “Heare, mar hwannear ha wy jo hongerich sjoen en jo to iten jown, of toarstich, dat wy jo drinke lieten? En hwannear hawwe jo as frjemdling by ús west en ha wy jo in hinnekommen jown, of neaken, en klaeiden jo? En hwannear ha wy jo siik sjoen, of yn 'e finzenis, en binne ta jo kommen?”
Dan sil er tsjin har sizze: “Né, net oan mysels hawwe jim al dy goede dingen dien, mar wiswier siz ik jimme, doe't jim dat diene oan ien fan myn minste bruorren, hawwe jim it oan my dien!”
En dêrnei sil er sizze tsjin dy't oan syn lofterhân binne: “Gean jimme by my wei, forflokten, yn it ivige fjûr, dat foar de duvel en syn ingelen oanset is. Hwant ik hie honger en jim hawwe my net to iten jown; ik hie toarst en jim hawwe my net drinke litten, ik wie in frjemdling en jim hawwe my net yn 'e hûs nommen, ik wie neaken en jim hawwe my net klaeid, siik en yn 'e finzenis en jim hawwe my net opsocht.”
Dan sille dy ek antwurdzje en sizze: “Heare, mar hwannear hat dat dan west, dat jo by ús honger hiene of toarst, of dat jo in frjemdling wiene, of neaken of