wollen, mar God wist, dat hja net mear misse koe. Hja moast nou al in kear foarby fan iten, mar dat wie neat, dat hie se der bêst foar oer en dat hoegde net ien to witten. Dat hja ek hwat jown hie, oan God en foar syn hillich hûs, dat wie al sa moai.
* * *
It waerd stil by de skatkeamer. De preester stie to wachtsjen op in nije jefte en de discipelen wisten net hwat hja sizze moasten. Hja soene wol ris witte wolle hwat Jezus hjir fan tocht. Dy frou miende it goed, mar twa lepta, dat wie ek al net folle! Wie it net better om neat to jaen?
Doe rôp Jezus har om him hinne, alle tolve, en spriek: ‘Wiswier siz ik jimme, fan allegearre dy't hwat yn it offerblok jown hawwe, hat dizze widdou der it measte yndien. Hwant al dy oaren hawwe hwat fan har oerfloed brocht en allegearre hâldden se genôch oer, mar hja hat harsels it iten út 'e mûle sparre en fan har earmoed jown.’
De learlingen hearden binijd nei Jezus' wurden. Dat er it foar dy earme frou opnaem, dêr koene se ynkomme: it wie wier, dat dy twa koperstikjes foar har in greater offer wie as foar dy oaren twa sulversikkels - mar dat er nou, yn dizze Peaske-wike, noch oer sokke lytse dingen tocht, dat founen se hast ûnbigryplik. Nei de fûle striid mei de Sadduceën en de Farizeën, nei dy machtige oardielsrede tsjin de Skriftgelearden, nei alles hwat er sein hie oer it lijen dat him wachte, joech er him nou yn de soargen fan in widdou, dy't twa lepta nei de preester brocht! Hy moast de earmen en de ienfâldigen wol tige leaf ha, dat er nou noch om har tinke koe! En dochs.... nei dy yntocht yn Jeruzalem, de earste dei fan 'e wike, hiene se oare, greater dingen forwachte....
Letter lykwols hawwe de discipelen forstien hwat Jezus bidoelde. Hy hie de wetgelearde yn 'e timpel foarhâlden dat men God leafhawwe moat boppe alles: yn dizze frou dy't alles hwat hja hie oan God ôfstean woe, liet er syn learlingen sjen, dat er net to-folle frege hie en dat in minske it dwaen koe. Dizze widdou yn 'e timpel mocht foar alle tiden in foarbyld wêze foar Gods gemeente. En hja hat it sels net witten....