fierder to gean, straft waerd mei de dea. En dochs hiene dizze Griken der hiel hwat foar oer om mear to witten to kommen fan God en fan Syn tsjinst, oars soene se de lange, moedsume reis der net om makke ha.
It sprekt fansels, dat hja to Jeruzalem ek fan Jezus hearden; elk spriek oer him en der wiene sokke frjemde dingen bard, dat sels dizze frjemdlingen der net ûnkundich fan bliuwe koene. It makke har suver ûnrêstich, al dy forhalen oer in rabbi dy't wûnders die en dy't sa sprekke koe, dat hiele skaren oan syn lippen hongen. Miskien soe er ek har ûnderrjochtsje wolle; der wiene noch sa folle dingen dy't hja net bigriepen en dy't hja net goedkrije koene. En dizze learaer, dy't mei tolgearders oan tafel gyng en sels de Samaritanen net forachte, dy soe ek wis mei har prate wolle, al wiene se dan gjin Joaden!
* * *
En sa gyngen se dan dy deis nei de timpel om Jezus to sykjen en om fan him in antwurd to freegjen op safolle swiere fragen. Hja troffen it lykwols net: de rabbi wie yn it binnenfoarhôf, dêr't hja net komme mochten. Hoe moast it nou? Hwa wist hoe lang't er dêr noch bliuwe soe en hja koene hjir dochs net ûren wachtsje? Mar al gau waerd der har trochdien, dat ien fan 'e tolve yn it foarhôf fan 'e heidenen wie, Filippus, dy't út Bethsaïda kaem. Bliid gyngen se op him ta en fregen: ‘Mynhear, wy woene Jezus wol sjen.’
Filippus bigriep daliks wol hwat dy mannen woene, en hy wist ek wol, dat hja sels ûnmooglik nei Jezus ta gean koene, mar hy gyng der dochs net ynienen op út om him op to heljen. Jezus soe fêst wol mei har prate wolle, dêr twivele er net oan, mar wie it wol forstannich om him nou by dy Griken to bringen? De Farizeën en Sadduceën wiene al sa forgrime op him en wachten al op in oanlieding om him foar it Sanhedrin to daegjen; as er him nou ek noch mei heidenen ôfjoech, hoe soe it dan komme?
Mar hy doarst dizze minsken ek sa net fuort to stjûren: it wie har oan to sjen, dat hja graech mei de Master prate woene en as Jezus it letter hearde, soe er it him faeks kwea ôfnimme. Hy woe yn elk gefal earst ris mei ien fan 'e oaren prate.
Andréas, syn freon, wie it tichtsteby en dy fortelde er alles. To-gearre praetten se der oer en doe gyng Andréas nei Jezus ta en brocht him it forsyk fan 'e Griken oer. Hy hie tocht, dat Jezus ienfâldich sizze soe: Ja, ik kom, of dat er wegerje soe, mar ynpleats naem er him dy simpele fraech tige nei.
Hwant foar de Heare Jezus wie de komst fan dizze Griken en har freonlike fraech in great en wichtich teken. Hy wie noch fol fan alles dat er dy deis bilibbe hie, fan syn striid mei de Sadduceën en de Farizeën, dy't him nou foargoed forwurpen hiene. En nou, nou't de liedslju fan syn folk neat mear fan him witte woene en nou't it hiele folk him mei koarten forwerpe soe, nou stiene dêr dy Griken en wachten op him! It âlde folk fan God kearde de Messias de rêch ta, mar yn har plak kamen de heidenen en fregen nei him. It makke him bliid en drôvich tagelyk, hwant it wie in teken, dat nou dêrmei de tiid fol wie en dat er mei gauwens stjerre soe. Hy tocht oan it wurd fan 'e profeet Jesaja: ‘En dy deis sil it barre dat de heidenen freegje sille nei de woartel fan Isaï, dy't stean sil ta in flage oer de folken, en de hearlikheit sil syn rêst wêze.’ Nou wie it dan dy dei en de gloarje wachte him, mar hy koe net forjitte, dat syn hearlikheit allinne mar komme koe troch de dea en it lijen hinne. Dy simpele wurden fan Andréas: ‘Master, dêr binne in mannich Griken, dy't jo graech to wurd wolle’, dy brochten him alles yn it sin, dat him to wachtsjen stie: de hearlikheit dêr boppe, mar tagelyk ek it krús en it donker grêf.
En earnstich spriek er: ‘Wiswier, wiswier siz ik jimme. As de weetkerl net yn 'e ierde falt en stjert, bliuwt hja allinne, mar as hja stjert, sa draecht hja folle frucht. Dy't syn libben leaf hat, forliest it, mar dy't syn libben hatet yn dizze wrâld, sil it biwarje foar it ivige libben. As immen myn tsjinner wêze wol, dy moat ré wêze om my oeral to folgjen, ek al soe er der syn libben by forlieze moatte, mar as er it docht, dan sil de Heit him earje. Nou is myn siele ûntdien, en hwat sil ik sizze? Sil ik freegje: Heit, forlos my fan it lijen dat komt? Né, mar om to lijen bin ik yn dizze wrâld kommen. Dit sil ik bidde: Heit, forhearlikje Jins namme!’
* * *
Noch mar krekt hie Jezus dy wurden sein, of der kaem in machtich lûd út 'e himel, in stim dy't sei: ‘En Ik haw him forhearlike en sil him jitris forhearlikje.’
De minsken op it timpelplein seagen kjel omheech; tongere it dêr heech yn 'e kleare, blauwe loft? It koe dochs net, om dizze tiid fan it jier en by dit waer? Mar oaren bigriepen better hwat der barde en fol ûntsach seine se: ‘Hark, in ingel hat mei him sprutsen!’ Allinne de learlingen, dy't Jezus sa folle better koenen en dy't fêst yn him leauden, hiene de wurden forstien en wisten dat it Godsels wie, dy't sprutsen hie ta syn Soan.
Jezus sei noch: ‘Net om my hat dy stimme der west, mar as in teken foar jimme, dat jim yn my leauwe soene. Ik sil forhearlike wurde, mar tagelyk is dat it oardiel oer de wrâld en oer de Satan, dy't útwurpen wurde sil út syn hearskippij. Mar allegearre dy't yn