stean; hja soene wifkje en oan him twivelje en yn 'e ûre, dat er har it measte nedich hie, soene se him forlitte.... Nou al wiene se forbjustere dat er safolle sizze doarst tsjin 'e Farizeën, mar hy moast noch hiel oare dingen sizze, hwant it wie syn plicht om har en it folk to warskôgjen. Dat it de hate fan 'e Farizeën en 'e Skriftgelearden noch greater meitsje soe en dat it útrinne moast op it krús, dêr mocht it net om oergean....
* * *
Hy stie midden tusken it folk en tusken syn learlingen en mei lûde stim spriek er foar it lêst it oardiel út oer de Skriftgelearden en de Farizeën en oer allegearre dy't it mei har hâldden.
‘Der hat in tiid west, dat Mozes de lieder wie fan it folk Israël en dat er har syn wetten en foarskriften joech; yn it plak fan Mozes en op syn rjochterstoel sitte noutiids de Skriftgelearden en de Farizeën. Dêrom: alles hwat hja jimme sizze, doch dat en de wetten dy't hja jimme leare, hâld dy, mar ik siz jimme: doch net nei har wurken; hwant hwat hja sizze, dat is goed en bêst, mar hja dogge it sels net. Hwant mei har oerleveringen en foarskriften meitsje hja it de minsken tige swier, mar sels nimme se it net sa krekt; hja bine swiere en ûndraechlike lêsten gear en lizze dy de minsken op 'e skouders, mar sels stekke se der gjin finger nei út.
Jim miene faeks, dat dat lêste net wier is en jim sizze, dat de Farizeën dochs wol tige har bêst dogge om de wet to hâlden en dat hja mear bidde en faker fêstje en greater jeften jowe oan 'e earmen, as alle oare minsken? It is sa: hja meitsje it har tige drok mei har goede wurken, mar it helpt har neat, hwant hja dogge it net om God, mar hja dogge al har wurken om fan 'e minsken sjoen to wurden en om eare to wurden fan it folk. Mozes hat ien kear sein: “En it sil dy wêze ta in teken yn dyn hân en ta in oantinken tusken dyn eagen, dat de wet des Heare yn dyn mûle wêze mei....” en dêrom hawwe de âlden foarskreaun dat jim by it bidden in koker mei wetsteksten drage sille oan in riem om 'e earm en oan in riem om 'e foarholle; de Farizeën dogge dat ek, mar hja meitsje har gebetsriemen ekstra breed, dat de minsken fan fierren sjen kinne hoe from't hja binne. En ek de kwasten, dy't elke Israëlyt oan 'e mantel hawwe moat, meitsje se tige lang, om sjen to litten, dat hja better binne as alle oaren. Hja hâlde fan 'e earesit op 'e gastmiellen, en fan 'e foarstuollen yn 'e synagoge, en fan 'e groetenissen op 'e merken en hja fine it prachtich om fan 'e minsken Rabbi neamd to wurden.’
En doe, wylst er syn learlingen oanseach, spriek er: ‘Mar jimme, lit jim net “Rabbi” neame, hwant ien is jimme Master en jim binne allegearre bruorren. En neam gjinien hjir op ierde “Heit”, hwant ien is jimme Heit: dy't yn 'e himel is. Ek moatte jim net “Learaer” neamd wurde, hwant ien is jimme Learmaster: Kristus. Mar de heechste ûnder jimme sil jimme tsjinner wêze. Al hwa't himsels forheget, sil fornedere wurde en al hwa't himsels fornederet, sil forhege wurde.’
* * *
Der wiene wer inkelden fan 'e Farizeën en Skriftgelearden op it timpelplein kommen; ek al doarsten se him net mear to wurd, nei alles dat der bard wie, hja koene it dochs ek net litte om to harkjen en in bytsje skruten joegen se har der wer by. Hja kamen krekt op 'e tiid: hwat Jezus oan't nou ta sein hie, wie net mear as in ynlieding op syn oardielsrede en hy foroare der him net om, nou't hja it sels hearre koene. Lûd en moanjend klonken syn wurden oer it timpelplein:
‘Wé jimme, Skriftgelearden en Farizeën, jimme skynhilligen! Hwant ynpleats dat jimme dit folk de wei wize nei it keninkryk der himelen en dat jimme har foargean op dy wei, bihinderje jimme har om yn to gean en meitsje har it paed bjuster; sels geane jim net yn en dy't bisykje om yn to gean, dy litte jim net ta der yn to kommen.
Wé jimme, Skriftgelearden en Farizeën, jimme skynhilligen! Hwant as jim de kâns krije fordrukke jim de earmen en de widdouwen en nimme har huzen, it lêste dat hja hawwe, yn bislach en dat, wylst jim lange gebeden sizze. Mar God sil straffe, hwa't de huzen fan 'e widdouwen opyt en syn grime sil gean oer it gebet fan 'e skynhilligen. Sa sil jimme oardiel nammersto swierder wêze.
Wé jimme, Skriftgelearden en Farizeën, jimme skynhilligen! Hwant jim swalkje sé en lân ôf om ien heiden to bikearen, mar as er nei jimme harket en him by it folk fan God jowt en de wet fan Mozes hâldt, dan meitsje jim him in bern fan 'e hel, noch twaris sa slim as jim sels binne.
Wé jimme, Skriftgelearden en Farizeën, bline paedlieders dat jim binne! Hwant jim leare it folk om lichtfeardich to swarren en om de eed to brekken. As immen in eed dien hat by de timpel, sizze jim, dat is neat, mar swart er by it goud fan 'e timpel, dan moat er dwaen hwat er biloofd hat. Jimme dwazen en blinen! Is it goud fan 'e timpel dan mear as de timpel sels? Fierder sizze jimme: as in minske swart by it alter, dat hoecht er net nei to kommen; - “Hy hat neat sein” - mar swart er by de jefte dy't op it alter leit, dan is er hâlden to dwaen hwat er sein hat. Jimme dwazen en blinen! Hwat is mear, tinkt jim, de jefte, of it alter, dat de jefte hilliget? Ik siz jimme: dy't swart by it alter, dy swart ek by hwat der opleit en dy't swart by de timpel, dy swart ek by Him, dy't yn 'e timpel wennet en dy't swart by de himel, dy swart ek by de troane fan God en by Him dy't dêrop sit.