swier hiene mei dy fraech oft hja de kensos bitelje mochten. Elke bûging dy't hja makken, elke fraech dy't hja diene, elk wurd dat hja seine, wie oars net as bidroch. Net om syn ûnderrjocht wie it har to rêdden, mar allinne om syn ûndergong.
En fol grime sei er. ‘Hwerom bringe jim my yn 'e forsiking, jimme skynhilligen? Hwant it is jim net to dwaen om in antwurd op jimme fraech, mar jim wolle my yn myn wurden fange. Mar ik sil lykwols in antwurd jaen. Lit my in dénarie sjen.’
De jongeman dy't de fraech steld hie, taestte yn 'e gurle; hy hie noch wol ien by him en joech him Jezus oer. En mei't er it die, wist er, dat it mis wie. Dat er it Romeinske jild by him hie yn 'e timpel, dat wie al biwiis genôch, dat dy fraech oer it keizersjild him net sa swier woech as er niist sein hie. Sûnder dat Jezus in antwurd jown hie, hie er de oanfal ôfslein en him ûntmaskere as in bidrager. Dat er dat nou daliks net bigrepen hie! Hie er mar sein, dat er sa'n ding net hie! Dy Nazarener hie gjin Romeinsk jild by him en hysels, in learling fan 'e strange Farizeën, hie de ûngodskoppen yn 'e gurle op it timpelplein! Hjir stie er, ta spot fan al dy Galiléers en hwa wist, hwat dy rabbi him noch mear to sizzen hie. Hy hie wol graech fuortgean wollen, mar dat koe net, nou't er sels bigoun wie.
En wilens seach Jezus nei it sulverstik, dat er op 'e hân hie, de kop fan 'e keizer stie der op en dêrom hinne it opskrift: ‘Keizer Tiberius, soan fan de Godlike Augustus; de Heechforhevene.’
‘Fan hwa is dat byld en fan hwa dat opskrift?’ frege er.
De jonge Farizeërs koene oars net antwurdzje as: ‘Fan 'e keizer.’
Doe antwurde Jezus: ‘Jow dan de keizer hwat fan 'e keizer is, mar jow God hwat God sines is!’ En mei dat djippe wurd koene de mannen hinnegean om oan har learmasters to fortellen, dat har snoade plan mislearre wie en dat de rabbi fan Nazareth de oanfal ôfslein hie. Hy hie neat sein dat tsjin de Romeinske wetten yngyng en in klacht koene se net tsjin him ynbringe. En sels de fûlste Seloten hoegden gjin oanstjit oan syn wurden to nimmen. Dy't mei ûngodskoppen yn Gods timpel kaem, dy hoegde wier gjin rie to freegjen, hoe't er mei de kensos oan moast! En dat oare, dat Jezus der by sein hie: ‘Jow God hwat God sines is!’, dat mochten de hege hearen fan it Sanhedrin wol ris goed yn har omgean litte. It koe gjin kwea wêze de keizer it jild to jaen, dat hja earst fan him oannommen hiene, mar God wie mear as de keizer en Hy easke mear fan syn folk as dy heale sikkel jiers: Hy frege har hulde, har tsjinst, har hiele hert.
Sa hie de Heare Jezus dan net allinne de forriederlike oanfal fan syn fijannen ôfslein, mar hy hie har ek noch in wurd meijown, dêr't hja har winst mei dwaen koene. Mar yn har woede om dizze forlerne slach namen se it har net nei en kamen se net ta ynkear.
* * *
Ek de Sadduceën op it timpelplein hiene heard, hoe't it de Farizeën forgien wie. It spiet har oan 'e iene kant, dat it sa roun wie en dat dy rabbi de oerwinning bihelle hie; oan 'e oare kant gunden se it de Farizeën fan herten. Yn elk gefal hie it bliken dien, dat er op sa'n manear net to fangen wie: hy hie him yn it minst net bleat jown en ynpleats hie er syn tsjinstanners fêst set. It kaem mar goed út, dat hja sels har net yn dit aventûr bijown hiene!
Net, dat hja bang wieme foar dy man fan Nazareth: krekt nou't de Farizeën it sa raer lizze litten hiene, krigen se der sin oan om it ek ris to bisykjen. Mar dan moast it net oer politike fragen gean, dat hiene se nou wol sjoen, mar oer de lear dy't Jezus forkundige. As it har slagge om him fêst to setten mei de Skrift sels, dan soe it gau genôch dien wêze mei de hulde dy't it folk him brocht. En it moast mooglik wêze om syn lear bispotlik to meitsjen, syn lear dy't yn mannich ding noch stranger wie as dy fan 'e Farizeën.
De Farizeën leauden bygelyks, dat der in himel wie en dat hja nei har dea opstean soene en yn alle ivichheit libje. Hja hiene earst de hope hawn, dat dy rabbi út Galiléa, dy't net bang wie fan 'e Farizeën en dy't it net sa krekt naem mei de oerleveringen fan 'e âlden, ek yn dit stik hwat moderne ideën hawwe soe, mar dat wie har tige ôffallen. Hy hie it noch folle faker as de Farizeën oer it ivich libben en oer it keninkryk Gods en hy learde ek, dat it mei de dea fan 'e minske net út wie, mar dat er opstean soe en foar Gods rjochterstoel forskine. Hja koene der net by dat dy rabbi, dy't oars sa'n skerp forstân hie, sokke dingen leauwe koe en dêr it domme folk bang mei praette; mar it wie sa en it waerd tiid, dat der hwat tsjin dien waerd. As al dat folk it mei him hâldde, dan moast it útrinne op oproer tsjin 'e Romeinen!
Hja praetten ôf dat in pear fan har knapste wurdfierders Jezus oansprekke soene en him in swiere fraech foarlizze. Der stie yn 'e wet fan Mozes in bipaling dat as in Israëlyt dy't troud wie, stoar sûnder bern nei to litten, syn broer mei de widdou trouwe moast; krige dy dan in soan, dan kaem dy op namme fan syn forstoarne broer en koe dy syn geslacht yn stân bliuwe. Ut dat sweager-houlik, dat foarskreaun wie by de wet, kamen soms allerhanne swierrichheden fuort en nou soene se Jezus ris in tige frjemd gefal foarlizze. It gyng der har net om, to biwiizgjen dat it sweagerhoulik sels forkeard wie - yn dat stik wiene se it