It Brulloftsmiel
229
Dyselde deis fortelde de Heare Jezus noch in gelikenis op it timpelplein, nou net alderearst oan 'e Farizeën en de Sadduceën, mar oan elk dy't it hearre woe en tagelyk ta in warskôging oan hwa't it letter lêze soe yn it evangeeljeboek. It forhael wie sa:
Der wie op in kear in kening, dy't in great gastmiel oanrjochte ta eare fan syn soan, dy't trouwe soe. Al lang foar't it oan 'e brulloft ta wie, stjûrde er syn slaven út om 'e boargers fan 'e stêd to bieden ta it feest; as hja it yn it foar wisten, koene se der rekken op meitsje en dy dei frijhâlde.
It wie fansels in hege eare, dat al dy minsken oansitte mochten oan 'e keningstafel, mar ynpleats dat hja bliid en tankber wiene, namen se har foar om net to gean. Hoewol't de kening har noait hwat misdien hie, hâldden se dochs net fan him en woene se gjin gunsten fan him oannimme. Hwat koe dy âlde kening har skele en it lok fan 'e jonge prins? Mar doe't de slaven kamen om har to noegjen, lieten se har neat skine en diene krekt as woene se wol graech op 'e brulloft komme. As it safier wie soene se wol sjen, dat hja net kamen en oars bitochten se wol in útflecht om frij to kommen!
Dat de kening tocht net oars, of al de gasten dy't er bean hie, soene it feest mei fiere en doe't de troudei nei oan wie, makke er alles ta de brulloft ré. Der waerden gâns spizen ynret en gâns bisten slachte en yn 'e greate seal fan 'e keningsstins stiene de tafels en 'e divans ré. Doe't alles klear wie, stjûrde de kening noch ien kear boaden om, lyk as it hearde foar sok in deftich feest. By elk dy't ta de brulloft bean wie, moasten se oangean en sizze: ‘Sa seit de kening: sjoch myn gastmiel haw ik oanrjochte, myn oksen en myn mestfé haw ik slachte en alle dingen binne ré. Dat tsjoch de feestklean oan en kom nou ta myn brulloft.’
Doe't de slaven by de earste kamen en har boadskip sein hiene, spriek er: ‘It muoit my wol, mar ik kin net komme, hwant ik haw in stik lân kocht en dat soene wy hjoed krekt bisjen.’ De tsjinners founen it frjemd, dat soks nou krekt op dizze feestdei moast, mar hja koene it ek net helpe en gyngen nei de twadde ta. Dy lykwols sei: ‘Ik hoopje, dat de kening it my net kwea ôfnimt, mar ik haw krekt fiif pear oksen kocht en dy moat ik oan it wurk sjen.’ En ek de tredde koe net komme, hwant dy wie krekt troud en sa bitochten se allegearre hwat.
De slaven bigriepen, dat de gasten net komme woene, mar hja dienen har plicht en seine it alleman oan, sels doe't der paren wiene, dy't har ôfsnauden by de doar. Mar doe't hja by de lêsten kamen, foelen dy op har oan en kastijden se en sloegen guon fan har dea.
Doe't de kening hearde, hwat der bard wie, lôge syn grime forheftich op. Net allinne dat hja him en syn soan op it slimste hune hiene, mar hja hiene ek it bloed fan syn tsjinstfeinten forgetten; hjir moast er wraek oer nimme. Noch dyselde deis stjûrde er syn soldaten út en dy hellen de moardners op en deaden se en al har huzen stieken se yn 'e brân. Sa strafte de kening de boargers, dy't tsjin him opstien wiene en sa die er wraek oer de smaed fan syn soan en oer it bloed fan syn feinten.
En doe rôp er syn oare slaven en sei tsjin har: ‘It hat bliken dien, dat dit folk net weardich wie, om oan to sitten op myn feest. Mar dêrom kin de brulloft net oer gean. It sil letter net sein wurde, dat der gjin gasten wiene op 'e troudei fan myn soan. Gean dan de strjitte op, en bûten de stêd op 'e wegen en elk dy't jim tsjin komme, noegje dy ta de brulloft. Jim sille net by jimsels sizze: Kin dy der wol yn, of: Is dy wol goedernôch, hwant ik siz jimme: elk dy't myn soan earje wol is wolkom yn 'e seal.’
En dêrmei gyngen de slaven der op út, de paden en de wegen del en hja brochten alleman gear, dy't hja founen: de fatsoenlike boargers en de reisbere man, mar likegoed de swalkers en de bidlers en de wide seal rekke fol mei gasten. Dêr stiene de tsjinners fan 'e kening klear en brochten wetter om har to waskjen en elk, dy't gjin gaedlik feestkleed hie, krige in nije mantel om.
* * *
Der wie ien, dy't it better wist en gjin brulloftskleed oannimme woe. Hy luts syn skurve mantel fêst