hwat macht ik dizze dingen doch. As jim sels foar al it folk forklearje moatte, dat jim net witte hwêr't Johannes syn macht wei hie, hoe sille jim dan oait útmeitsje, hwa't my stjûrd hat? Dy't Johannes net oardielje doar, hoe sil dy my foroardielje?’
De mannen fan it Sanhedrin hiene neat mear to sizzen. Hja wiene sa moedich op Jezus ta gien mei har fragen en yn pleats dat hja him yn syn wurden fongen hiene, hie er har oan alle kanten fêst set. ‘Wy witte it net....’ En dêr stie al dat folk omhinne, dat folk dat yn 'e fêste forbylding wie, dat hja alles wisten en dat hja in antwurd hiene op alle fragen! O, hwat skammen se har en hwat haten se dy Nazarener, dy't har altyd, altyd wer oermânsk wie!
* * *
En noch liet Jezus har net mei rêst. Hja mienden dat hjasels sa bêst en sa from wiene, en dat hja heech boppe de gewoane minsken útstieken, mar nou soe er har fiele litte, yn in koarte mar skerpe gelikenis, dat de tolgearders en de sûnders har foargyngen yn it keninkryk fan God.
‘Der wie in man, dy't twa greate soannen hie. En hy gyng nei de iene ta en sei: “Jonge, gean hjoed nei de wynberch en arbeidzje dêr.” De jonge wie tige fatsoenlik en antwurde: “Goed, hear”, mar doe't er by syn heit wei wie, gyng er net en die hwat oars, dêr't er mear sin oan hie. Doe gyng de heit nei de oare soan en droech dy ek op om yn 'e wynberch to arbeidzjen, mar dy hie der ek gjin sin oan en sei bretael: “Né, ik wol net!” Mar letter, doe't er der oer neitocht, muoide it him, dat er syn heit dat oandien hie, en hy gyng al en die syn wurk. Nou haw ik in fraech oan jimme: hwa fan dy twa hat syn heite wollen dien, de earste of de twadde?’
De mannen fan it Sanhedrin fielden skoan, dat Jezus dy gelikenis op har tapasse woe, dat hja rôpen net sa lûd, ek al wisten se it antwurd op syn fraech mar al to goed. Mar út 'e omstanners rôpen forskate stimmen: ‘De lêste, dy wie de bêste soan en dy hat syn heite sin dien.’
‘Sa is it’, spriek Jezus en wylst er de oerpreesters en de Skriftgelearden strak oanseach, forfette er: ‘Wiswier siz ik jimme, de tolgearders en de sûnders geane jim foar yn it keninkryk fan God. Hwant jimme, dy't sa from liken en sa moai oer God prate koene, jim hawwe net leaud doe't Er syn tsjinstfeint Johannes stjûrde om jim de wei fan 'e gerjochtichheit to wizen, mar de tolgearders en de sûnders, dy't Gods wet forachten en Him net hearrich wiene, dy hawwe nei Johannes harke en hawwe har dope litten; sa binne jim dan as de earste soan, dy't sei fan: Ja, hear, mar it net die en dy oaren, dy't earst net diene hwat God yn syn wet fan har frege, mar dy't har letter bikearden, dy binne as de twadde soan en dy hawwe syn wollen dien. En sels doe't jim seagen dat hja har foroaren en har dope lieten yn 'e Jordaen, sels doe hawwe jim net nei Johannes harke en jim net bikeard!’
* * *
Noch ien kear weagen de mannen fan it Sanhedrin it om Jezus in fraech to dwaen, mar nou stiene se net mear foar him as syn rjochters, dy't him in forhoar ôfnamen, nou diene se har ynpleats foar as fromme mannen dy't wol graech yn him leauwe woene, mar it nou ienris net koene. Jezus hie har yn dy gelikenis forwiten, dat hja net leauden, earst net oan Johannes en nou net yn him - mar hwerom liet er har dan net sjen hwa't er wie? As hja mar ien kear fêst wisten dat er de Messias wie, dan woene se wol yn him leauwe. En dêrom fregen se: ‘Hwat teken kinne jo ús dan sjen litte, dat jo it rjocht hawwe om sokke dingen to dwaen?’
It wie al ris earder bard, dat de Farizeën Jezus frege hiene om in wûnderteken; doe hie er it net dien mar har ynpleats wiisd op it wûnder fan Jona, de profeet. Ek nou woe er gjin teken foar har dwaen; hy mocht it net ienris dwaen, om't hja net leauden oan syn macht. Hja soene him dochs net leauwe, sels net as liet er de ingelen delkomme út 'e himel. Mar ek nou woe er har dochs in teken jaen, in teken dat hja letter earst bigripe koene, mar dat dan ek in klear biwiis wêze soe, dat er de Messias wie.
‘Brek dizze timpel ôf, en yn trije dagen sil ik him wer oprjochtsje’, spriek er. De hege hearen sloegen de hannen yninoar. Hwat wie dat nou foar in teken? Hwat sin hie nou sok sizzen? De timpel ôfbrekke, dat soe noait yn har opkomme en sels al soene se sa'n great kwea dwaen, dan noch koe gjin minske sa'n gebou yn trije dagen wer oprjochtsje. It wie dúdlik, dat Jezus gjin teken dwaen koe, alteast gjin teken lyk as hja bigearden: in teken dêr't elk oan sjen koe, dat it út 'e himel wie! En forwitend seine se: ‘Seis en fjirtich jier is der boud oer dit Hûs en jo soene it yn trije dagen wer opbouwe?’
De Heare Jezus die gjin muoite om har dúdlik to meitsjen hwat er bidoelde. Ek de Farizeën wiene wend om sokke ‘masjaels’, sokke riedselspreuken op to jaen, dat hwerom soe hy it har dan net dwaen? In teken-út-'e-himel mocht er har net jaen, rjochtút sizze, dat er de Messias wie, woe er noch net, nou hiene se dan dizze masjael om oer nei to tinken. Letter soe it har wol dúdlik wurde, hwat er der mei bidoeld hie. Hwant net oer de timpel fan Jeruzalem hie er it hawn, mar oer de timpel fan syn lichem, dat hja brekke soene en dat de tredde deis forrize soe út it grêf. As it sa fier wie, dan mochten se nochris neitinke oer dit djippe wurd en ek dan noch koe it har ta in teken