kant op nei de timpel. Hy die it fansels net omdat de skaren it graech sa ha woene, ek net om't de discipelen it bigearden, mar om't it hearde by syn Messias-wurk. As in kening wie er hjoed yn syn haedstêd kommen en as de Messiaskening fan Israël hie er macht ek oer de timpel. De bêste keningen fan Juda, Asa, Hizkia, wiene har regearing bigoun mei de timpel to reinigjen en de offertsjinst wer yn to stellen - hy soe hjoed it folk fan Jeruzalem sjen litte, dat er ek sa'n kening wie, in echte Davidssoan, dy't de timpel, it hillich hûs fan God, suverje soe fan alles dat ûnhillich wie en ûnrein. Mar as er it aenstouns die, dan soe it dochs wer hiel oars wêze as dit forbline folk forwachte. Nou jubelen se noch om't er op wei wie nei de timpel, mar dy jubel soe foroarje yn haet, as se wisten hwat er dwaen soe. Gjin wylde stoarm-oanfal soe it wurde op it garnisoen fan 'e Romeinen - ek dizze kear soe er wer stean tsjin it eigen folk, tsjin de âldsten en de oerpreesters: Gods Messias tsjin it âlde Godsfolk. O, hwerom woene se him net bigripe, hwerom woene se har noait deljaen ûnder syn tucht? Hjoed gyng syn paed oer it timpelplein, mar oan 'e ein fan dy wei stie net de keningstroan, mar it wrede krús. Mar dochs soe er dwaen hwat syn Heit yn 'e himel him oplein hie.
* * *
Der wie doedestiids hiel hwat to suverjen yn 'e timpel. Fan âlds hie it altyd sa west dat hwa't gyng to offerjen sels it offerdier meinimme moast. Dat wie net altyd maklik, binammen net as men fier ôfwenne en om 'e minsken to geriven wie der letter in soart fan merk ynsteld, ticht by de timpel. In great gemak wie dat en de keaplju dy't kij en skiep en douwen forkochten, diene goede saken, foaral yn 'e tiid fan 'e greate feesten.
Mar nou wie alles de lêste jierren noch wer geryfliker wurden: de hegepreesters Annas en Kajafas hiene tastimming jown om 'e merk op it timpelplein sels to hâlden, yn it foarhôf fan 'e heidenen. Dat, hwa't nou in offer bringe woe, dy koe yn 'e timpel sels in bist keapje en hoegde der net mear mei de strjitten lâns. It spriek fansels, dat it de keaplju wol oanstie, dizze nije regeling, ek al koene se wakker beare oer it hege merkjild, dat hja bitelje moasten en dat foaral de hegepreesterlike famylje to'n goede kaem. Ek it folk wie der tige mei ynnommen dat it offerjen sa maklik wurden wie en it kaem net yn har op, dat op dizze wize de timpel op it slimst ûnthillige waerd, noch net iens it meast troch al dat fé, mar mear noch troch de roppende en bearende keaplju, dy't alles diene om de klanten to lokjen en dy't ek lang altyd net earlik wiene. It kaem wol foar, yn in tiid dat de douwen krap wiene, dat nja de earme minsken tsien, tweintich, tritich kear de gewoane priis ôfsetten en soms lieten se in gewoane dou mei goud bitelje.
En net folle better as de douwe-keaplju wiene de jildwikselders. Dy sieten breed en machtich achter de platte tafels en foar har lei yn kreaze steapels it blinkend sulverjild fan 'e Romeinen en de âlde, hillige munten út 'e tiid fan 'e Makkabeën. Sok jild waerd der net mear makke, fansels, mar yn 'e timpel koe gjin ien der sûnder, hwant it wie strang forbean om de Romeinske ‘ûngodskoppen’ yn it offerblok to dwaen en sadwaende moast elk ta de wikselders forfalle. Dat dy koene in hege priis meitsje foar har âlde munten, foaral as hja ienfâldige minsken foar hiene, dy't se oer koene en sels de earmsten mijden se net.
Fansels wisten de hegepreesters wol, dat der gâns ûngerjochtichheden barden, mar dat koe har neat skele: as it offerjen sels mar krekt neffens de foarskriften barde, dan koe der fierder hiel hwat op troch. En bûtendat, dy hiele merk mei al dat fé en dy tsierende keaplju wie ek noch net iens yn 'e echte timpel, mar it bleau yn it foarhôf-fan-'e-heidenen, dêr't de frjemdlingen en de lammen en blinen bidde moasten en om sok folk hoegde dochs ek alles net oer to gean!
Elke kear wer as er yn 'e timpel kaem, hie de Heare Jezus dy ûnhillige drokte oansjoen en elke kear op 'e nij hie er der lêst fan hawn. Hy koe it net fordrage dat hja fan syn Heite hûs in fémerk makken en dat de earme minsken by it alter ôfset waerden. Oan't nou ta hie er der noait hwat fan sein, mar nou hjoed, nou't er as Messias nei de timpel ried, nou soe er der in ein oan meitsje en it hûs fan God suverje fan bidroch en rôf.
Doe't er by de timpel kommen wie, liet er de beide ezels werombringe en mei syn trouwe Galiléers roun er it bûtenste foarhôf op. It wie sa fol, dat der hast gjin trochkommen oan wie, mar lykwols ûntkaem der him neat. Fol grime hearde er nei it balten fan it fé en nei de skille stimmen fan 'e keaplju. Hoe koene se de timpel sa ûntwije, it hillichdom, dêr't God sels wenje woe en dêr't er harke nei it bidden fan syn folk? As der nou in heiden kaem, dy't heard hie fan Isrels God en dy't Him oanroppe woe yn Jeruzalem, hwat mocht dy wol tinke fan sok in timpel?
Hy bûgde him en socht in pear touwen op dy't dêr oer de groun leine en hastich frissele er se yninoar ta in soarte fan swipe. Driigjend stie er dêr en lûd en strang hiet er de keaplju om it foarhôf út to gean en har bisten mei to nimmen. Hja seagen him forheard oan. Hwat hie dy rabbi to meitsjen mei har handel en hwa hie him de macht jown om har to fordriuwen? Wist er dan net dat hja djûr bitelle hiene foar it rjocht om hjir hannel to driuwen? En koppich bleauwen se stean by har bisten en by de wide kuorren mei douwen.
Noch ien kear warskôge er har en forwitend spriek