fuotten op 'e divan en hastich droege se it ôf mei har hier. De wide seal stie fol fan 'e kostlike rook.
* * *
Hja siet al wer op har plak, mei gleone wangen en mei klopjend hert, doe hie Jezus noch neat sein. Hy wist wol, dat Maria dit oan him dien hie, omdat hja har djippe leafde oars net sizze koe en hy wie der bliid om. Mar tagelyk, by alle blidens om dit offer, wie der ek wer it fortriet omdat ek Maria him net bigriep, omdat hja ek noch hope op in keninkryk yn Jeruzalem, op ierdske gloarje en ierdske macht. Maria miende it him, dat wist er, mar hja hie him salve as de kening fan Israël en dat soe er net wurde. It wie in âlde, wijde tradysje, dat in nije kening salve waerd ear't er sitten gyng op 'e troan, mar der wie noch in âld gebrûk: hja salven ek de deaden, dy't hja bysûnder earje woene. En sa koe er it offer fan Maria dochs noch oannimme, net as in keningshulde, mar as in tarieding foar syn bigraffenis. Hy soe it ek sizze, sels al koe se it nou noch net bigripe en al soe er har der fortriet mei dwaen, mar earst woe er noch ôfwachtsje, hwat al de oaren der fan seine.
De discipelen, doe't hja Maria seagen by Jezus' fuotten en doe't hja de hearlike rook fornamen, wiene earst ek bliid. It moast wol tige djûr wêze, sa'n flesse nardus en hja founen it moai, dat Maria sa folle foar har Master oer hie. Sels koene se soks net dwaen, safolle jild koene se lang net misse, mar der wiene genôch oaren dy't it wol koene, mar it dêrom noch net diene! Jezus soe der wol tige bliid mei wêze....
En doe hearden se Judas sizzen: ‘Ik fyn it skande hwat Maria dien hat! It hie better west as hja dy oalje forkocht hie en it jild oan Jezus jown, dan hiene wy it oan 'e earmen jaen kinnen. Trije hûndert dénariën hie se der wol foar krige, in som dêr't in arbeider in jier foar skreppe moat en nou is it yn ien kear wei!’
Hja waerden der suver kjel fan, de tolve. Sa hiene se it net ynsjoen, mar it wie sa, Judas hie gelyk. Maria hie better om 'e earmen tinke moatten, mar sa gyng it mei sokke lju dy't it net oan jild stie, dy koene der net ynkomme hwat it wie om earm to wêzen. En dan trije hûndert dénariën! Hofolle bern hiene se dêr net bliid mei meitsje kinnen? En oer de tafel hinne knikten se nei Judas en seagen forwitend nei Maria, dy't in kleur hie en neat weromsizze doarst.
* * *
Hja hiene it ris witte moatten, hwat der yn Judas omgyng. It wie wier dat dy de beurs droech en oer it jild fan Jezus gyng en sa kaem it ek, dat er fan tiid ta tiid hwat joech oan 'e earmen, mar altyd naem er earst hwat foar himsels en dat forburch er en sparre it op, foar letter, as Jezus der net mear wie. Hwant de oaren mochten dan noch dreame fan keningsgloarje en fan in heech paleis, hy, Judas, telde der net folle mear foar. As Jezus kening wurde woe, dan hie er doe yn Galiléa better op 'e slach passe moatten en dan moast er it nou hiel oars oanlizze as er die; dan moast er folle mear de lieders fan it folk nei de mûle prate en gjin domme dingen dwaen as doe yn Jericho! In Messias-kening dy't mei tolgearders iet! As er him net foroare, dan roun it út op skande en dea en hwat kaem er dan fan har to-lânne? Hiene se dêrom alles forlitten om mei him ûnder to gean yn dit wyld aventûr? Mar hy soe der wol foar oppasse. It wie mar goed, dat er mear forstân hie as dy Galiléske fiskers; hy soe wol soargje, dat er net neaken en bleat oan 'e dyk stie as der hwat mei Jezus kaem.
En sa wie er der ta kommen om to stellen fan it jild, dat harres meiïnoar wie. Mei lytse bytsjes wie it bigoun, mar letter naem er al mear. It kaem ommers dochs net út en hy skamme him der net iens mear oer. Elk is himsels it neist en it wie Jezus syn eigen skuld. Dan hie er mar better troch-pakke moatten, doe't it tiid wie. En as it nou op dit Feest wer misroun, as er nou noch net kening waerd, dan briek er foargoed mei him....
* * *
De Heare Jezus wist alles fan Judas: ek dat er in dief wie en it jild fan 'e earmen stiel. Allinne om't er sels in diel fan dy trije hûndert dénariën ha woe, foel er nou Maria hurd. Hy seach him oan, strang en tagelyk forwitend. Hy koe nou noch werom, de man fan Karioth; as er syn skuld bilied, dan wie der ek foar him noch forjowing. Mar Judas bihurde syn hert en hy seach de Master oan, as bigriep er net hwat Jezus bidoelde.
En doe naem de Heare sels it wurd op en spriek: ‘Hwerom falle jim Maria lestich? Lit har gewurde, hwant hja hat in goed wurk oan my dien. En dan, jim hawwe sa'n noed mei de earmen? Mar de earmen hawwe jim altiten by jim en dy kinne jim letter wol goeddwaen, mar my hawwe jim net altiten. Maria hat dien hwat hja koe, hwant yn it foar hat hja my salve foar myn bigraffenis. Wiswier siz ik jimme: oeral dêr't letter it evangeelje forkundige wurdt, yn hokker lân en yn hokker tiid ek, sil ta har oantinken forteld wurde, hwat hja hjoed oan my dien hat.’
It wie foar Maria in djippe treast, dat Jezus it foar har opnaem en dat er har offer net ôfwiisde, ek al sil dat wurd oer syn bigraffenis har wol leed dien ha. Sa graech hie se wollen dat er kening waerd, dêr woe se him foar salvje en ynpleats spriek er fan syn dea. Hja bigriep it net, mar hja wie dochs bliid, dat er har net bistrafte, lyk as syn learlingen dien hiene. En