hoegde net ienris tige lang to duorjen, dat er fan hûs wie, as alles to-minsten nei winsk gyng.
Mar it roun hiel oars as de man sels tocht hie. Syn lânslju haten him en woene him net graech as kening ha en dêrom stjûrden se boaden nei de keizer mei dit boadskip: ‘Lit him dochs net kening oer ús wurde, mar jow ús in oaren-ien om oer ús to hearskjen!’ Doe moast de keizer fansels ûndersyk dwaen, oft er wier sa'n forkeard man wie en dat naem tiid, dat it duorre gâns in skoft ear't er it keningskip krige en wer werom gean koe nei syn lân; folle langer as er earst tocht hie en ek langer as syn tsjinners forwachten....
Ear't er op reis gien wie, hie er tsien fan syn slaven roppen en har elk in poun sulver jown om dêr hannel mei to driuwen. In greate som wie it net, - net mear as fyftich goune - mar it wie him net alderearst om 'e winst to dwaen, mar om to sjen hoe't syn slaven har hâlde soene yn 'e tiid, dat er net by har wie. As hja goed har plicht diene, dan soe er har, as er as kening weromkaem, ek keninklik leanje, mar dat sei er der net by; hja moasten har bêst dwaen om't er har hear wie, net om it lean, dat der op komme soe.
En sa teach er dan nei it fiere lân en de slaven bleauwen efter en joegen har ta it wurk. Dat is to sizzen: njoggen fan har dreauwen hannel en makken winst, mar ien fan harren die neat. Hy fielde der neat foar om foar syn hear to wurkjen. Fansels, doe't dy noch thús wie en op har taseach, doe koe it net oars en doe hie er altyd syn plicht dien, mar nou't er fuort wie en net wist, hwat der omgyng, nou soe er it him net drok meitsje. Sa'n bêsten-ien wie syn hear ek al net, oars soene de boargers fan it lân him gjin boaden efternei stjûrd ha, en hwa wit, waerd er net ienris kening! It koe ek noch wol bislaen, dat er net wer thúskaem en dat de keizer him ynpleats yn 'e finzenis sette. Yn elk gefal soe hy gjin handel dwaen mei dat poun dat er krige hie! It wie ommers de muoite net, sa'n lyts bidrach en as er it ynpleats forlear - en dat koe yn 'e hannel ek! - dan krige er der noch hiel hwat lêst mei! Né, hy soe it ynpleats goed opbergje en as syn hear dan al werom kaem, dan koe er alles werkrije. Hy soe wol oppasse, dat der gjin sint oan mankearde....
* * *
It wie gâns in skoft letter; de keningssoan wie werom út Rome en de keizer hie him dochs de kroan opset en him it keningsamt jown. Doe liet er ek de tsien slaven roppe en moasten se rekkenskip ôflizze, hwat hja dien hiene mei it jild, dat har tabitroud wie.
De earste kaem moedich nei foaren en spriek: ‘Hear, jins iene poun hat tsien pounen opbrocht!’ De kening wie tige bliid, doe't er it hearde. Net dat er nou tsien pounen sulver riker wie, - hy hie nou ommers skatten genôch! - mar nou wist er dat dizze slaef in trouwe tsjinner wie en alles wol foar him dwaen woe. En biskieden wie er ek. Hy sei net: Ik haw tsien pounen foar jo fortsjinne, mar: ‘Jins poun hat tsien pounen winst opbrocht.’ Dy't sa trou wie yn syn wurk en sa biskieden, dy hie in great lean fortsjinne! En freonlik sei er: ‘Dû goede slaef, omdatstû yn it lytse trou west hast, sil ik dy ek it greate tabitrouwe: dû silst hear wêze oer tsien stêdden.’
De twadde slaef kaem nei foaren en spriek: ‘Hear, jins poun hat fiif pounen opbrocht.’ En bliid sei de kening: ‘Dû trouwe slaef, dû silst it biwâld ha oer fiif stêdden.’
En dêrmei kaem ek de tredde slaef foar syn hear, de iene, dy't it bifel fan 'e kening net opfolge hie en dy't gjin winst makke hie. Hy skamme him net, dat er sa syn plicht forsomme hie en suver wreevlich seach er de kening oan. ‘Hear’, sei er stûf, ‘hjir is it poun wer, dat jo my jown ha en dat ik yn in switdoek weilein hie; jo kinne it neitelle, der mist neat! Ik haw der gjin hannel mei dreaun, hwant ik wie bang dat ik it forlieze soe en dat jo my dan straffe soene, hwant jo binne nou ienris gjin noflik hear: jo nimme fruchten, dêr't jo net plante ha en jo sichtsje, dêr't jo net siedde ha! Dat as jo winst ha wolle, ek fan dit poun dat ik biwarre ha, dan sille jo der sels mei hannelje moatte!’
De kening seach him oan, strak en forwitend. Hy wie net earlik, dizze tsjinstfeint. Net út bangens hie er syn poun forburgen en der neat mei dien, mar om't er net foar him wurkje woe. Hy hearde by dy lju, dy't him haten en him net as har kening ha woene en dêrom hie er syn plicht net dien. En hoe doarst er dat to sizzen fan ‘nimme, dêr't jo net plante ha’ en ‘sichtsje, dêr't jo net siedde ha’? Hie er him net likegoed in poun jown as dy njoggen oaren? Wie it syn jild net, dat er harren tabitroud hie en hie er harren net keninklik leanne foar it wurk, dat hja der oan dien hiene?
En earnstich spriek er: ‘Ut dyn eigen mûle sil ik dy oardielje, dû ûntrouwe slaef! Dû seiste, dat ik in hurd man bin en dat ik sichtsje dêr't ik net siedde haw? Mar astû dat wierliken mienst, hwerom hast dû dan myn jild net op 'e bank brocht, dat ik tominsten noch rinte barre koe? Mar ik ken dy en ik wit datst' it net út bangens dien hast, mar omdatstû my hatest en net foar my arbeidzje woest.’ En wylst er him omkearde en nei syn soldaten seach, spriek er strang: ‘Nim him it poun ôf en jow it him, dy't de tsien pounen hat.’
De tsjinners seagen har hear binijd oan en seine: ‘Heare, en hy hie al tsien!’ De kening antwurde: ‘En dochs komt him ek dit noch ta, hwant elkenien dy't hat, sil jown wurde, mar dy't net hat, him sil ôfnom-