de feestgongers lâns kamen, siet in bline bidler en frege elk om in jelmis. Hy hie wol minder plak bitinke kinnen, dizze soan fan Timeüs, lyk as er meastal neamd waerd; op trochreis nei Gods hillich hûs sieten de measte reizgers net sa fêst oan it jild. Allinne hwa't sels barmhertich wie en joech mei de golle hân, koe op Gods barmhertigens hoopje....
* * *
Mar hy tocht net allinne oan jild en net allinne oan rike jeften. De lêste tiden hie er gâns oer Jezus heard en faek oan dy wûndere rabbi tocht, dy't sokke machtige wûnders die. De lamme fan Bethesda, de man dy't blyn berne wie, Lazarus fan Bethanië.... Der waerd wakker ûngelyk oer him tocht, de Farizeën woene neat fan him witte en it folk seach him oan foar in profeet, mar hy, Bartimeüs, hie in eigen miening, dy't er him net ûntstride liet. In man dy't sokke dingen die, dat wie mear as in profeet en in learaer yn Israël, dat wie de Messias, de Soan fan David. Hy kaem út Nazareth en hy gyng mei tolgearders en sok folk om, hy hie gjin earbied foar de ynsettingen fan 'e âlden en hy briek de sabbat - it soe allegearre sa wol wêze, mar hy wie de Messias. En as er hjir lâns kaem - en hy hope mei al syn hert dat it nou, foar dit Peaske barre mocht - dan soe er him freegje oft er syn bline eagen genêze woe. Hy soe it net wegerje, dat leaude er fêst! As er mar kaem, as er mar net de koartste wei, troch Samaria, naem.
* * *
En doe op in kear hearde er wer in skare minsken kommen, lyk as der al safolle foarbygien wiene, mar dizze wiene fleuriger en noch lûdroftiger. Al tichter by kamen de blide stimmen. As er mar wist oft hy der by wie! Hy moast it witte; sa'n kâns mocht er him net ûntkomme litte! En lûd bigoun er to roppen: ‘Hwa komme dêr oan op 'e wei?’ De minsken sloegen him net ienris acht: hja hiene oare, greater dingen oan 'e holle, mar hy rôp wer op 'e nij, lûder noch en twingender. In hastige stim sei njonken him: ‘Jezus, de Nazarener, giet foarby!’ De Nazarener. It klonk hast hwat forachtlik, sa't dy man it sei, mar it hert fan 'e bline bounze fan blydskip. En hastich, dat Jezus him net ûntkomme soe, bigoun er wer to roppen: ‘Jezus, soan fan David, erbarmje jo oer my.’ Syn skille stim klonk boppe alle lûden út.
* * *
De minsken dy't foarop rounen, waerden der hast kjel fan. Dat sa'n bline stakker om Jezus rôp en dat er graech holpen wurde woe, dêr koene se ynkomme, mar it wie dochs net likefolle hwàt er rôp? ‘Soan fan David.’ Dat hoegde alleman dochs net to hearren, dat er de Messias wie? As it tiid wie, soe er it sels wol sizze. En syn fijannen koene it wol kwea ôfnimme en him biskuldigje fan oproer. ‘Man’, seine se, ‘hâld jo stil en rop sa net!’
Mar de bline harke net nei har forwiten. Dy minsken soene him net helpe, dat wist er wol, mar de rabbi sels moast him hearre. En noch lûder bigoun er to roppen: ‘Jezus, soan fan David, erbarmje jo oer my!’
* * *
De Heare Jezus bleau stean. Hy naem it de bline net kwea ôf dat er sa rôp en hy hie nou gjin biswier mear tsjin dy eare-namme: Soan fan David. Hja mochten it nou witte, dizze Galiléers, dat hy de Messias wie en dat de Heit him stjûrde. ‘Bring him by my’, gebea er.
Hastich rounen se op 'e bline ta. ‘Hâld moed’, seine se, ‘kom oerein, hwant hy ropt dy.’ De bidler stie al; yn syn haest om by Jezus to kommen, stroffele er hast oer syn wide mantel. Hy die it him net oan tiid om de mantel op to nimmen en smiet him út; yn syn wite ûnderkleed stie er foar Jezus.
‘Hwat wolle jo, dat ik jo dwaen sil?’ frege de Heare. De bline antwurde: ‘Rabboeni, dat ik sjen mei.’ Doe stiek Jezus de hân nei him út en roerde syn deade eagen oan. ‘Wurd sjende’, spriek er, ‘jins leauwe hat jo bihâlden.’
En noch mar krekt hie er dy wurden sein, of yn 'e eagen fan Bar-Timeüs foel it ljocht; hy koe alles sjen: Jezus, de skare, de wite huzen fan Jericho, de donkere palmen. Hy dronk it suver yn, dy kleuren, dy foarmen en doe ynienen briek er los yn in hege jubel. Hy koe gean, mar hy tocht der net oer om Jezus to forlitten. Letter soe er wol nei hûs ta, mar earst sloech er de bûnte mantel om en jubeljend folge er Jezus. Hjoed wie syn plak by him, by syn Messias, dy't him de eagen iepene hie en dy't er sjen koe....
En de skare om Jezus hinne naem syn jubel oer en love God, dy't greate dingen dien hie. Hiene se it al net tocht, dat der wûnders barre soene op dizze reis? Hwat stie har noch to wachtsjen yn Jeruzalem, as it nou al bigoun? En dat dy bline bidler sjen koe en dat er Jezus folge, dat wie it greatste noch net. Soan fan David, hie er Jezus neamd en de rabbi hie it him net forbean en him net it swijen oplein. Dy't oan't nou ta noch twivele hie, dy koe it nou mar hearre: hy wie de Davidssoan, de Messias-kening fan Israël. Dit wie syn dei, syn ûre, en mei koarten soene se syn hearlikheit sjen!
En bliid en optein gyngen se fierder en tusken de huzen fan Jericho klonken har lûde psalmen. Noch noait hiene se sà songen, hwant noch noait hie it keninkryk sa deun-by west....