troch om him op to heljen. Hja roun sa hurd as se koe en doe't hja by him wie sei se: ‘Heare, as jo hjir west hiene, dan wie myn broer net forstoarn.’ En doe kaem har wer dat wûndere wurd yn it sin, dat de boade oerbrocht hie en stammerjend sei se: ‘Mar ek nou noch, dizze fjirde dei, wit ik, dat God jo alles jaen sil hwat jo fan Him bigeare.’ Fol spanning seach se Jezus oan. Hwat soe er nou sizze? Har hert bounze; har eagen rounen fol triennen.
Jezus sei: ‘Jins broer sil opstean, Martha.’
En sels dit wurd bigriep se noch forkeard. ‘Ik wit wol, Heare’, sei se, ‘dat er ien kear opstean sil, yn 'e opstanning de lêste deis.’ It wie in greate treast, to witten dat er by God yn 'e himel wie en dat ek syn lichem dêr ien kear komme soe, mar hja miste him nou en hja hie hope, dat er nou al opstean soe út it grêf.
Jezus naem wer it wurd op. ‘Ik bin de opstanning en it libben; dy't yn my leaut, sil libje, ek al wie er stoarn, lyk as Lazarus. Mar ek in elk dy't noch libbet en dy't yn my leaut, dy sil net ivich yn it grêf bliuwe: leauwe jo dat?’
Martha antwurde: ‘Ja, Heare, ik bin ta it leauwe kommen, dat jo de Kristus binne, Gods Soan, dy't yn 'e wrâld komme soe.’ En doe wist Jezus, dat er Martha neat mear hoegde to learen: dy't sokke wurden spriek, dy soe alles fan him forwachtsje. ‘Rop Maria’, sei er.
Fluch roun Martha nei hûs, dêr't har suster noch altyd siet to skriemen en sûnder dat de oaren it hearden, flústere se: ‘De Master is der en hy ropt dy.’ Maria sprong op. Niist wie se sa forslein, dat hja gjin moed hie om nei Jezus ta, mar nou fielde se dat hja nei him ta moast, dat hiel har hert nei him loek en sa hurd as hja koe, gyng se de wei op. Hja hie der net iens erch yn, dat hiel it selskip yn 'e keamer oerein riisde en har efternei kaem. Hja tochten dat Maria nei it grêf gyng, om har dêr út to gûlen en dan moasten hja ek mei om mei har to kleijen.
Jezus wie net fierder roun, doe't er Martha nei hûs stjûrd hie, mar wachte bûten it doarp op har en Maria. It hie syn doel west om rêstich mei har to praten en nou kaem al dat folk wer achter har oan. Hy mocht se ek net fuortstjûre, hwant hja moasten it sjen, hwat er aenstouns dwaen soe....
Maria wie by him en skriemend foel se by syn fuotten del. ‘Heare, as jo hjir west hiene, dan wie myn broer net forstoarn.’ It wiene deselde wurden, dy't ek Martha sein hie. Hoefaek, yn dizze fjouwer bittere dagen, soene se dat net tsjininoar sein ha, dy beide susters? Fol meilijen seach Jezus op har del, mar ear't er noch in wurd fan treast sizze koe, wiene al dy oaren der ek en, doe't hja seagen hoe't Maria skriemde, brieken se ek yn jammerjen út. Hast forgrime seach Jezus har oan. It wie net forkeard dat hja gûlden, - hwa soe net gûle by sa'n great fortriet? - mar Jezus seach fierder as dy triennen fan nou. Aenstouns soe er Lazarus it libben jaen en ynpleats fan to skriemen soene se jubelje, mar hja soene lykwols net yn him leauwe! Hjir stiene minsken by, dy't nou jammeren om 'e dea fan syn freon en dy't oer in pear moanne roppe soene: ‘Oan it krús mei him!’ En omdat er dat wist, dêrom koe er har triennen net fordrage en dêrom waerd er grammoedich oer safolle sûnde.
‘Hwer hawwe jimme him lein?’ frege er.
Maria en Martha antwurden: ‘Heare, kom en sjoch.’
En sa gyngen se meiïnoar nei it grêf, de discipelen, de Joaden út Jeruzalem, de beide susters en Jezus. Nou earst, nou't er net mear hoegde to praten mei oaren, hie er de tiid om oer Lazarus to tinken, Lazarus, dy't syn freon wie en dy't op him wachte hie, doe't er wraksele mei de dea. O, hwat wie it freeslik, dy wrede dea, dy't it libben fan 'e minsken ôfsnijt as in boer de druven. En oer syn wangen rounen de triennen.
De minsken om him hinne seagen it en flústeren der oer. Somliken seine: ‘Men kin wol sjen, dat er him tige leaf hie’, mar oaren mompelen: ‘Dy triennen komme to let! Koe hy, dy't de bline de eagen iepene hat, net meitsje, dat Lazarus yn it libben bleau?’
Ek dy bittere wurden hearde Jezus en it die him leed. Wer waerd syn grime geande oer safolle ûnforstân. Tochten se dan wier, dat it him net swier fallen wie, dy dagen dat er yn Péréa bleaun wie omdat syn bêste freon stjerre moast? Koene se dan noch net bigripe, dat er ek dat dien hie, omdat de Heit it him oplein hie? Mar nou wie dan de tiid kommen: nou soe er har sjen litte dat er wier Gods Soan wie.
* * *
Hja stiene nou by it grêf, in wide spelonk mei in smelle iepening, dy't dutsen wie mei in swiere stien. ‘Nim dy stien dêr wei’, spriek er. Martha kaem hastich op him ta. Dat koe nou net mear; nei safolle dagen wie er net mear to sjen. ‘Heare’, sei se, ‘it grêf kin net mear iepen; der is al sa'n lucht by.’ Hy seach har oan, net lilk en dochs mei hwat fan forwyt yn syn eagen. ‘Haw ik jo net sein: as jo leauwe, dan sille jo Gods hearlikheit sjen?’ Doe namen in pear sterke mânlju de swiere stien en rôllen him fuort.
En foar it iepen grêf, dêr't de rook útkaem fan dea en fordjêr, stie Jezus, de Foarst fan it libben. Nou skriemde er net mear oer syn forstoarne freon, nou wie er ré om Lazarus to roppen út 'e dea en it grêf. Mar ear't er it teken die, woe er earst noch bidde, dat elk dy't der by stie, ek de Joaden út Jeruzalem, goed witte soene, dat er Gods eigen Soan wie en dat er de wurken die, dy't de Heit him oplei. Hy heve de han-